Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Pablo Neruda (Parral, 12 july 1904Santiago, 23 septimber 1973) is de skûlnamme fan 'e Sileenske dichter, skriuwer, diplomaat, politikus en kommunist Ricardo Eliécer Neftalí Reyes Basoalto, dy't him allegeduerigen en op alle mooglike manearen, ek fia syn poëzij, fersette tsjin 'e opmars fan it faksisme yn syn lân. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e meast ynfloedrike Spaansktalige dichters fan 'e tweintichste iuw. Yn 1971 waard oan him de Nobelpriis foar de Literatuer takend.

Pablo Neruda
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ricardo Eliécer Neftalí Reyes
   Basoalto
nasjonaliteit Sileensk
berne 12 july 1904
berteplak Parral (Sily)
stoarn 23 septimber 1973
stjerplak Santiago (Sily)
etnisiteit Sileensk
wurk
taal Spaansk
sjenre poëzij, non-fiksje, autobiografy
perioade midden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Veinte Poemas de Amor y
   Una Canción Desesperada

Canto General
prizen Nobelpriis 1971
jierren aktyf 19231973
offisjele webside
www.fundacionneruda.org

Pablo Neruda basearre syn pseudonym op 'e namme fan 'e troch him bewûndere Tsjechyske dichter Jan Neruda (1834-1891). It út 'e wei gean fan spul mei syn folk soe hjirby in rol spile hawwe; se woene net dat hy dichter wurde soe. Pablo Neruda waard letter syn offisjele namme.

Neruda waard berne yn Parral, in stêd likernôch 300 km besuden de Sileenske haadstêd Santiago, dêr't syn heit by it spoar wurke. Syn mem ferstoar koart nei syn berte. Net folle letter ferfearen Neruda en syn heit nei Temuco, dêr't syn heit troude mei Doña Trinidad Candia Malverde.

Op syn trettjinde stjoerde Neruda in stikmannich fan syn gedichten nei de lokale krante La Mañana. Syn earste gedicht hiet Entusiasmo y Perseverancia (Entûsjasme en Trochsettingsfermogen). Yn 1920 stjoerde er mear gedichten nei it literêre blêd Selva Austral, wêrby't er foar it earst it pseudonym 'Pablo Neruda' brûkte. Syn earste gedichtebondel, La Canción de la Fiesta, waard datselde jiers publisearre. Yn 1923 brocht er Crepusculario út, yn 1924 folge troch Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada, ien fan syn bekendste wurken.

 
Sark fan Malva Marina op it Goudske begraafplak oan 'e Vorstmanstrjitte, grêfrige M fan fak B, ûnder de namme Malva Marina Reijes.

Mei't er net fan syn dichtwurk libje koe, moast er in oare boarne fan ynkomsten sjen te finen. Neruda waard diplomaat, en yn dy hoedanichheid wied er fan 1927 ôf konsul op Sileenske fertsjintwurdigings yn Britsk-Birma, Britsk-Seylon, Nederlânsk-Ynje (dêr't er syn earste frou kennen learde), Singapoer, Argentynje, Spanje en Meksiko.

Hy wie ûnderwilens op 6 desimber 1930 troud mei de Yndysk-Nederlânske Maria Antonia Hagenaar, mei wa't er yn 1934 in dochter krige. Dat bern, Malva Marina, litte oan hydrosefaly, oftewol in wetterholle (in ôfwiking yn 'e ôffier fan it harsensfocht). By it útbrekken fan de Spaanske Boargeroarloch, yn 1936, flechten Neruda en syn frou nei Monako, dêr't se besleaten útinoar te gean. Maria Hagenaar gie mei har dochter werom nei Nederlân, dêr't se it famke, hoede en noede fan in bernefaam, ûnderbrocht by in pleechgesin yn Gouda. Dêr ferstoar it bern op 2 maart 1943 en waard it ek begroeven. Neruda hat nea nei syn dochter omsjoen, ek net yn syn wurk. De mem, dy't yn De Haach wenne, brocht op fêste tiden jild nei Gouda foar it ûnderrhâld fan it bern. Pablo Neruda wertroude neitiid noch twaris, mar Malva Marina bleau syn iennichst bern.

Under de Spaanske Boargeroarloch wie Neruda by de republikeinske kant belutsen rekke en werom yn Sily sleat er him oan by de Kommunistyske Partij. Yn 1945 waard er keazen ta senator foar de provinsje Antofagasta en yn 1946 waard er frege om syn assistinsje te ferlienen oan 'e presidintskampanje fan Gabriel González Videla (1948-1952), fan 'e Radikale Partij. Neruda sette him o sa foar de man yn, mar doe't dy ienris presidint fan Sily wurden wie, ferrette er him en ferbea er de Kommunistyske Partij. Neruda en syn twadde frou Delia del Carril moasten ûnderdûke en waarden de folgjende trettjin moannen ferburgen by de iene nei de oare freon yn 'e hûs. Yn dy tiid skreau er ien fan syn bekendste wurken: Canto General (1950), in wiidweidich wurk oer Noard- en Súd-Amearika, dat ek yn it Nederlânsk oersetten is. Uteinlik kaam der in ein oan dit ûndergrûnske bestean doe't Neruda yn 1949 op in hynder de Lilpelapas oer de Andes oerstiek nei Argentynje, in tocht dêr't er mear as tweintich jier letter, yn syn taspraak folgjend op 'e útrikking fan syn Nobelpriis, noch op dramatyske wize oer fertelde.

Dêrnei libbe Neruda trije jier yn ballingskip, earst yn Argentynje, dêr't er mei syn trêde frou, de sjongster Matilde Urrutia, yn 'e kunde kaam, en letter yn Meksiko en Itaalje. Yn 1952 kearde er werom nei Sily. Underwilens hied er yn 1945 de Premio Nacional de Literatura de Chile ("Nasjonale Literatuerpriis fan Sily") al takend krigen, en yn 1971 waard er ûnderskaat mei de Nobelpriis foar de Literatuer.

Neruda, dy't al langer yn in sikehûs opnomd wie mei prostaatkanker, stoar dêre oan in hertoanfal yn 1973. Syn ferstjerren foel tolve dagen nei de gewelddiedige dea fan syn freon Salvador Allende, de keazen demokratyske presidint fan Sily, dy't op 11 septimber 1973 omkaam by in bloedige anty-kommunistyske en troch de Amerikaanske CIA stipe militêre kûp. De begraffenis fan 'e dichter, dêr't it near op lein wie troch generaal Augusto Pinochet en syn militêre gûnta, woeks troch it hommels ferskinen fan in mannichte fan tûzenen út ta de earste publike protestmanifestaasje tsjin 'e diktatuer.

Hjoed de dei binne Neruda syn wenten yn Santiago (La Chascona), Valparaíso (La Sebastiana) en Isla Negra iepensteld foar besikers. Syn keunstwurken en besittings wurde dêr tentoansteld.

Publisearre by syn libben

bewurkje seksje
  • 1923: Crepusculario
  • 1924: Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada
  • 1926: Tentativa del Hombre Infinito
  • 1926: Anillos
  • 1926: El Habitante y Su Esperanza (roman)
  • 1933: El Hondero Entusiasta
  • 1935: Residencia en la Tierra (1925–1931)
  • 1937: España en el Corazón
  • 1943: Nuevo Canto de Amor a Stalingrado
  • 1947: Tercera Residencia (1935–1945)
  • 1950: Canto General
  • 1952: Los Versos del Capitán
  • 1953: Todo el Amor
  • 1954: Las Uvas y el Viento
  • 1954: Odas Elementales
  • 1955: Nuevas Odas Elementales
  • 1957: Tercer Libro de las Odas
  • 1958: Estravagario
  • 1959: Navegaciones y Regresos
  • 1959: Cien Sonetos de Amor
    •   Nederlânske oersetting: Honderd Liefdessonnetten (Spaansktalige ferzje ynbegrepen; fert. Catharina Blaauwendraad, 2003, Utjouwerij Prometheus, ISBN 9 04 46 02 993)
  • 1960: Canción de Gesta
  • 1960: Poesías: Las Piedras de Chile
  • 1961: Cantos Ceremoniales
  • 1964: Memorial de Isla Negra (5 dielen)
  • 1966: Arte de Pájaros
  • 1967: Fulgor y Muerte de Joaquín Murieta
  • 1967: La Barcarola
  • 1968: Las Manos del Día
  • 1969: Comiendo en Hungría (mei Miguel Ángel Asturias)
  • 1969: Fin del Mundo
  • 1969: Aún
  • 1970: Maremoto
  • 1970: La Espada Encendida
  • 1970: Las Piedras del Cielo
  • 1972: Discurso de Estocolmo
  • 1972: Geografía Infructuosa
  • 1972: La Rosa Separada
  • 1973: Incitación al Nixonicidio y Alabanza de la Revolución Chilena
  • 1973: Geografía de Pablo Neruda
  • ?: Himno y Regreso
  • ?: Que Despierte el Leñador
  • ?: Tentativa del Hombre Infinito

Postúm publisearre

bewurkje seksje
  • 1973: El Mar y las Campanas
  • 1974: 2000
  • 1974: Elegía
  • 1974: El Corazón Amarillo
  • 1974: Jardín de Invierno
  • 1974: Confieso que He Vivido (autobiografy, besoarge troch Matilde Urrutia Neruda en Miguel Otero Silva)
    •   Nederlânske oersetting: Ik Beken Ik Heb Geleefd: Herinneringen (fert. Robert Lemm, 1ste printinge yn 1975 yn twa dielen by Utjouwerij De Arbeiderspers; 2de printinge by Utjouwerij Prometheus, 2002, ISBN 9 04 46 01 547)
  • 1974: Libro de las Preguntas
  • 1975: Cartas de Amor de Pablo Neruda
  • 1978: Para Nacer He Nacido
  • 1978: Cartas a Laura
  • 1980: Poesías Escogidas
  • 1980: El Río Invisible
  • 1980: Neruda/Eandi, Correspondencia Durante Residencia en la Tierra
  • 1982: El Fin del Viaje
  • 1997: Antología Fundamental
  • 1997: Pablo Neruda, Discursos Parlamentarios (1945-1948)
  • 1998: Pablo Neruda, Cuadernos de Temuco
  • 2000: Pablo Neruda, Prólogos
  • 2004: Pablo Neruda, Epistolario viajero. (1927-1973)
  • 2004: Pablo Neruda en O’Cruzeiro Internacional
  • 2004: Pablo Neruda: Yo Respondo con Mi Obra: Conferencias, Discursos, Cartas, Declaraciones (1932 - 1959)
  • 2008: Discursos (Pablo Neruda, John Maxwell Coetzee, William Faulkner, Doris Lessing, Gabriel García Márquez, Alpha Decay)
  • 2010: Antología General

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: