Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Slacht-Twa (Lakota: Nomkápa; Ingelske oersetting: Two Strike(s); oan 'e Wite Rivier (Nebraska), 1831 – yn it Rosebud Yndianereservaat (Súd-Dakota), 1915) wie in opperhaad fan 'e Lakota- (Lakota-Sioux), in lânseigen Yndiaansk folk fan de Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy hearde ta de substamme fan de Brulee, en wie behelle yn ferskate konfrontaasjes mei de Amerikanen.

Slacht-Twa
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nomkápa
oare namme Two Strike(s)
nasjonaliteit (Sioux)
berne 1831
berteplak oan 'e Wite Rivier (Nebraska)
stoarn 1915
stjerplak yn it Rosebud Reservaat
   (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Brulee-Lakota

Slacht-Twa waard yn 1831 berne oan 'e igge fan 'e Wite Rivier, yn wat no it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Nebraska is. Hy wûn syn krigersnamme, Nomkápa, mei de letterlike betsjutting "Slacht der Twa ôf", as jongeman yn in wapene treffen mei de Jût (Ute), wêrby't er nei't it skynt mei yn klap fan syn tomahawk twa Jût-krigers fan it hynder sloech. Under de Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) focht er yn 'e krite fan 'e Powderrivier yn súdlik Montana en noardlik Wyoming mei de Brulee-haadman Kriehûn en it Oglala-opperhaad Mâl Hynder tsjin it Amerikaanske Leger.

Op 11 july 1869 wie Slacht-Twa oanwêzich by de Slach by Summit Springs, yn 'e neite fan it hjoeddeiske Sterling, yn Kolorado, dêr't er mei de Hûnskrigers fan 'e Súdlike Sjajinnen ûnder Lange Bolle tsjin it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint en de Pâny-ferkenners fan it leger focht. By dy ferrassingsoanfal op harren kamp waarden de Hûnskrigers as militêre macht fan betsjutting frijwol útrûge. Oars as Lange Bolle, dy't by dat treffen sneuvele, wist Slacht-Twa te ûntkommen om letter de striid fuort te setten, al rekke er al syn besittings kwyt doe't de Amerikaanske soldaten nei de fjildslach it Yndiaanske kamp platbaarnden.

Slacht-Twa naam wraak op 'e Pâny, doe't er yn 1873 dielnaam oan yn 'e Slach by Massacre Canyon, yn Nebraska, dêr't de Lakota ûnder opperhaad John Grass koarte metten makken mei in jachtpartij fan 'e Pâny (Pawnee). Dat wie ien fan 'e lêste grutte slaggen tusken Yndiaanske folken yn Noard-Amearika ûnderling, wêrby't mear as santich Pâny de dea fûnen. (Tsjintwurdich stiet op it plak fan dizze slach in tinkteken mei op 'e iene kant it gesicht fan John Grass, en op 'e oare kant dat fan Regearjend-oer-Syn-Soan, de Pâny-lieder yn dy slach.) Letter naam Slacht-Twa ek ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 diel oan 'e striid tsjin 'e Amerikanen.

Under de Geastedûnsoarloch fierde Slacht-Twa op 30 desimber 1890 de Brulee oan dy't yn it saneamde Gefjocht by Drexel Mission it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan kolonel James W. Forsyth befochten. De Amerikaanske troepen teagen nei it Bloedbad fan Wounded Knee, in dei earder, op nei in roomske missypost yn it Pine Ridge Yndianereservaat fan Súd-Dakota, nei't se berjocht krigen hiene dat de gebouwen dêre troch de Lakota yn 'e brân stutsen wiene. Doe't se troch in bedelte rieden, kamen se ûnder fjoer te lizzen fan Slacht-Twa en syn krigers. De 7e Kavalery waard dêrtroch raar yn 'e pine set en koe foar- noch efterút, en moast ûntset wurde troch majoar Guy V. Henry en in ôfdieling fan it 9e Kavaleryrezjimint, dat folslein út Afro-Amerikanen (saneamde buffalo soldiers) bestie.

Slacht-Twa kaam yn 1915 yn 'e âlderdom fan 84 jier te ferstjerren yn it Rosebud Yndianereservaat, yn it súdlike part fan Súd-Dakota.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.