Slachte
De Slachte, ek Alde Slachte of Slachtedyk is in hast 42 kilometer lange eardere slieperdyk troch Westergoa. Slachte is in âlde namme foar (meastal) in binnendyk.
Slachte | ||
Slachtedyk | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Easterbierrum Raerd | |
oare ynformaasje | ||
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De dyk kronkelet fan de Waadseeddyk tusken Seisbierrum en Easterwierrum tusken Harns en Frjentsjer oer de eastlike ouwer fan de eardere Middelsee nei it suden. Hy giet dan fierder lâns Achlum en giet dan mei in skerpe bocht nei it easten, om efkes fierderop nei it suden ôf te slaan. Tusken Lollum en Kûbaard giet de Slachtedyk fierder, súdlik fan Wommels en dan lâns Lytsewierrum en Boazum nei Jongemastate by Raerd. Jongemastate (ek wol Raerderbosk neamd) makke iuwenlang diel út fan de Slachte. It park is ien fan de âldste besittings fan It Fryske Gea en benammen bekend om de stinzeplanten.
Skiednis
bewurkje seksjeDe dyk is net as gehiel oanlein, mar ûntstien út keppeling en útwreiding fan de âldste polderdiken yn Westergoa, mei útsûndering fan it dykfek tusken Getswerdersyl en de seedyk. It gearfoegjen ta ien wetterkearing wie bedoeld om it gebiet tusken dizze binnendyk en de Middelseedyk fan Westergoa te beskermjen tsjin trochbraken yn de westlike en súdlike seediken fan Fryslân It ûntstean wurdt ûngefear yn de tsiende oant 13e iuw pleatst (mar hjiroer is strideraasje). De earste offisjele melding fan de dyk is makke yn 1506. Yn de bewarre bleaune argyfstikken komt de namme foar it earst yn 1461 foar.[1] By de wettersneed fan 1825 hat de dyk foar it lêst as seewarring tsjinne. Sûnt 1995 hat de dyk gjin funksje mear as twadde wetterkearing. It Fryske Gea hat de Slachtedyk as kultuerhistoarysk monumint en natoergebiet yn behear. Yn de dyk sieten in tsiental saneamde kearslûzen (silen). De noardliks lizzende slûs wie Getswerdersyl, de ienige slûs dy't mei doarren ôfsluten wurde koe.[2]
Ofwettering
bewurkje seksjeFoar de ôfwettering en de skipfeart waarden der tsien silen (slûzen) yn de Slachtedyk boud:
- Getswerdersyl, dit meast noardelike syl waard yn 1982 sloopt en ferfongen troch in betinkingsmonumint
- Kystersyl by buorskip Kie
- Skieppesyl by Skieppetille yn de Achlumer Feart út 1893. De slachdrompelhichte (ek wol flierhichte neamd) is 4,00 meter. De slûs waard ûnderholden troch wetterskip Fiifdielen Seediken Binnendyks.
- Payesyl yn de Arumer Feart by Achlum en Tsjom. Slachdrompelhichte 4,90 m. De slûs waard ûnderholden troch wetterskip Fiifdielen Seediken Binnendyks.
- Tolsumersyl yn de Tsjommer Feart yn Tsjom; Slachdrompelhichte 4,50 meter; Underhâld troch de Fiifdielen Seediken Binnendyks.
- Krommesyl by de Nije Kromme en de Boalserter Trekfeart
- Hidaardersyl yn de opfeart nei Hidaard. Drompelhichte 5,00 m; It ûnderhâld lei by de gemeente Snits en it Wetterskip fan de Fiifdielen Seediken Binnendyks
- Sânleanstersyl yn de Frjentsjerter Feart; trije iepeningen, middelste iepening 6,30 m. Elk fan de bûtenste iepeningen 3,00 m. De slûs waard ûnderholden troch de Fiifdielen Seediken Binnendyks.
- Boazumersyl yn de Boazumer Feart; Drompelhichte 3,75 m; De slûs waard ûnderholden troch de Fiifdielen Seediken Binnendyks.
- Dillesyl by iisherberch De Dille, yn de Snitser Trekfeart (Swette). Drompelhichte 7,79 m. Ûnderhâld troch gemeente Baarderadiel.
Dizze silen wiene kearslûzen. Se stienen meastentiids iepen en waarden allinnich tichtsetten at it wetter keard wurde moast. Dat barde meastal troch ûnder de brêge skotbalken yn sluven sakje te litten. Kiestersyl hie oant 1946 slûsdoarren, Getswerdersyl hie by de sloop yn 1982 noch syn doarren.
It ôfsluten barde allinnich at by stoarmwaar de seediken drigen te beswiken. Men regulearre der ek it binnenwetter mei. At bygelyks by oanhâldene westewyn it wetter yn de Harnzerfeart heech opjage waard rjochting Frjentsjer sleat men de doarren fan de Kiestersyl.
In syl by Tellens waard yn de rin fan de tiid ferfongen troch in dûker, dy't mei in skúf ôfsluten wurde koe. Ek op ferskate oare plakken dêr't gjin skipfeartbelang wie, wiene dûkers foldwaande foar de ôfwettering.[3]
Behear en ûnderhâld
bewurkje seksjeIt behear fan de Slachtedyk wie yn hannen fan in ôfsûnderlike Kontribúsje (wetterskip), mei as belutsen partijen de gritenijen Menameradiel, Frjentsjerteradiel, Baarderadiel, Hinnaarderadiel, de stêd Frjentsjer en de binnen de dyk lizzende doarpen fan Barradiel. Elk doarp yn it troch de dyk beskerme lân krige in dykfek te ûnderhâlden. Om de begrinzing fan it behear ôflêze te kinnen waarden grinsmarkearrings setten, de Bidlersstien by Kûbaard is sa’n grinsstien. It oppertafersjoch waard útoefene troch it Hof fan Fryslân oant 1579 en yn de tiid fan de Republyk troch de Steaten fan Fryslân. Letter waard de Kontribúsje fan de Fiifdielen Slachtediken ynsteld. Dit bestjoer hie de taak om it ûnderhâld fan de dyk te organisearjen. De Kontribúsje hie in eigen gearkomstekeamer yn it stedhûs fan Frjentsjer. By Raerd leit in stien yn de barm fan de dyk mei dêrop de tekst 'Begin der Vijf Deelen Slagtedijken 1842'. Dit is in 'nije' stien, de orizjinele 'blauwe stien', leit noch earne ûnder de grûn.
Ferspraat oer de hiele lingte fan de Slachtedyk stiene dykhuzen op de barm. It wiene meastentiids ienfâldige wenten mei in houten skuorre. De eigeners fan de huzen hiene it fruchtgebrûk fan in dykgedielte besteande út it rjocht op gers. Meastal holden se in pear kij op skiep.[4] It Fryske Gea beheart de dyk yn de mande mei de buorboeren dy't oan de dyk harren lân hawwe. It gers wurdt twa kear jiers meand, yn juny-july en in kear yn septimber-oktober. It Fryske Gea hat mei in tal saneamde ‘gersrommers’ in oerienkomst. De boeren brûke it meansel as hea foar harren hynders, kij en skiep as struien yn de stâl. Dy oanpak grypt werom op in iuwenâlde tradysje doe't it barmgers fan de Slachte troch oanwenjende boeren brûkt waard.
Gjin slieperdyk mear
bewurkje seksjeBy de wettersneed fan 1825 hat de dyk foar it lêst effektyf as seewarring tsjinne. Noch yn 1967 konkludearre de Deltakommisje dat it winsklik wie de Slachtedyk binnen de haadwetterkearing te hanthavenjen as twadde wetterkearing, as fergrutting fan de feilichheid. Mar yn 1991 stie yn in rapport fan Rykswettersteat dat de benedige krúnhichte foar dizze twadde wetterkearing oer de hiele lingte nearne oanwêzich wie. It opheffen fan de needkearing fan de Kiestersyl yn 1995 illustrearre dat de rol fan de Slachtedyk as slieperdyk útspile wie.
It Fryske Gea hat de Slachtedyk als kultuerhistoarysk monumint en natoergebiet yn behear.
Slachtemaraton
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Slachtemaraton.
Yn it ramt fan it projekt Simmer 2000 is foar it earst de Slachtemaraton holden, in maraton oer de hiele lingte fan de dyk, foar hurddravers en kuierders. By dy manifestaasje waard oer de dyk in feestlike maraton rûn troch sa'n tsjientûzen atleten en kuierders. De ‘Slachte’ wie tagelyk in kultuerhistoarysk lokaasjeteäter foar artysten, musisy en teätergroepen. Dêrfoar waard súdwest fan Wommels de Nije Kromme boud, in brêge (of eins in fiadukt) foar fytsers en fuotgongers oer de provinsjale wei N359, dy't op dat punt yn 'e 1970-er jierren dwers troch de Slachte hinne oanlein wie. Benoarden Frjentsjer waard yn 2008 de Slachtetille boud, in brêge om 'e kuierders oer de A31 te lieden. Dizze hingbrêge wie in inisjatyf fan It Fryske Gea. Dizze moderne fariant fan in houten tille jout útsjoch oer it lânskip. Sa waard it mooglik om de dyk yn syn gehiel te bewanneljen.[5] Fierwei it grutste part fan de Slachte is ferhurde. Der binne trije ûnferhurde 'griene diken'. Se lizze tusken Getswerdersyl en Kiestersyl (2,5 km), sudlik fan Achlum (3 km) en sudlik fan Boazum (1,5 km). Speciale Slachtebussen bringe dielnimmers nei de start yn Easterbierrum.
Sûnt 2000 wurdt de slachtemarataon om de fjouwer jier holden.
Sjoch ek
bewurkje seksjeFotogalerij
bewurkje seksje-
De Slachtedyk by Easterbierrum
-
Grinspeal dy't de skieding oanjout tusken it dykûnderhâld fan Frjentsjer en Frjentsjerteradiel
-
Nije Kromme, brêge oer de N359 by Wommels
-
Slachtetille oer de A31 te noarden fan Frjentsjer
-
Slachtedyk by wynmûnepark De Bjirmen
-
Op it krúspunt fan de Hjerbeamsterwei mei de Ludingawei steane op de Slachtedyk in oantal wite abeeljes (sulverlingen)
Fierder lêze
bewurkje seksje- Ultsje Hosper, Peter Karstkarel, Siem van der Woude- De Slachte: de oude dijk, de geschiedenis, de landschappen, de dorpen, de marathon. Friese Pers Boekerij, Ljouwert (2008)
- Frank Löwik - Slachtedyk; útjouwer Galery De Roos van Tudor (2005) ISBN 90.77448063
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|