Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Easterwierrum
Flagge fan Easterwierrum Wapen fan Easterwierrum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Easterwierrum
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2004) 320
Webstee Webstee doarpsferiening

Easterwierrum is in Frysk doarp yn it noardeasten fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Littenseradiel en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Baarderadiel. Easterwierrum leit tusken Ljouwert en Snits, east fan Wiuwert. It doarp hie yn 2004 likernôch 320 ynwenners.

Easterwierrum

Doe't yn de 17e iuw de Swette groeven waard tusken Ljouwert en Snits kaam Easterwierrum in ein fan it wetter ôf te lizzen. De huzen waarden dêrnei mear rjochting de Easterwierrumer Aldfeart boud, it begjin fan Brêgebuorren. De midsiuwske tsjerketoer op in terp herinnert noch oan it âlde stee. De tsjerke kaam allinne te stean doe't de stinsepoarte fan Gerbrandystate en de state fan de famylje Foghelensangh ôfbrutsen waarden. Tusken 1903 en 1905 waard ek de tsjerke ôfbrutsen en in grut stik fan it tsjerkhôf ôfgroeven, mar de toer bleau stean. Omdat der frijwat hichteferskil ûntstie mei it lân om de toer hinne, waard in muorre om de terp hinne boud. Yn 1911 wie der sprake fan it ôfbrekken fan de toer, omdat der in nije tsjerke yn Brêgebuorren stie, mar dat plan is net trochgien. De toer is sûnt de bou wol ferboud (15890 sa blykt út in tinkstien en is yn 1776 wat ferlege doe't der in nije punt op kaam. Easterwierrum bestie earder út trije dielen: Tsjerkebuorren, de Brêgebuorren (ek wol Molebuert neamd) en de Dille.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Easterwierrum diel út fan de gemeente Baarderadiel.

Hjoed-de-dei

bewurkje seksje

Yn it hjoeddeiske doarpsbyld nimt de roomske Sint-Wirotsjerke, in neogoatyske tsjerke út 1925 nei ûntwerp fan arsjitekt Wolter te Riele, in prominint plak yn.

Alvestêdetochten op redens, of kano's of motors komme allegear troch of foarby Easterwierrum. Elts jier yn juny wurdt yn it doarp it Berne-iepenloftspul Easterwierrum holden.

Easterwierrumers wurde faak hynstetyskers neamd. Eartiids kamen yn juny boeren út de wide omkriten nei de hynstemerk it doarp om hynders te keapjen foar de ûngetiid. MFC De Tysker is it doarpshûs fan Easterwierrum. It is boud yn 2003/2004 mei help fan in soad frijwilligers. De Tysker leit moai oan it sportfjild oan de westkant fan it doarp. De doarpsskoalle hjit de Follefinne. Op 29 april is de oan- en ferbou fan multyfunksjoneel sintrum "de Tysker" yn Easterwierrum offisjeel yn gebrûk nommen. Trije amazônes yn wedstriidtenu brochten in Gouden Toer nei "de Tysker".

  • keatsferiening
  • It Hin en Wer - badminton
  • Berne Iepenloft Spul
  • Herfoarme tsjerke, yn 2010 bûten gebrûk steld foar de earetsjinst, tsjintwurdich in fakânsjehûs.
  • Sint-Wirotsjerke, yn 2017 untwijd en ferkocht oan partikulieren dy't de tsjerke brûke as wente.
  • De Dille wie ferneamd om syn Iisherberch.
  • Yn it ramt fan it hûndertjierrich bestean fan fanfarekorps "Ons Ideaal" yn 2009 is in jubileumboek makke.

Bûtewei, De Dille, De Finne, Dilledyk, Doarpsstrjitte, Fûgelsangleane, Hegedyk, Mûnestrjitte, Rydwei, Singel, Skuorrehofwei, Tsjerkebuorren, Tsjerkepaad.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·