Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Westhim is in doarp súdeast fan Blauhûs oan de Himdyk yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Westhim
Bartoloméustsjerke
Bartoloméustsjerke
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 80 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 3,27 km², wêrfan
- lân: 2,82 km²
- wetter 0,44 km²
Befolkingsticht. 28 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 0' N 5° 32' E
Himrik Westhim yn 'e eardere gemeente Wymbritseradiel
Himrik Westhim yn 'e eardere gemeente Wymbritseradiel
Offisjele webside
Website Easthim
Kaart
Westhim (Fryslân)
Westhim

It doarp hat 80 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

 
De Kat

It doarp ûntstie op in terp oan 'e Westhimster Opfeart nei De Wimerts. Wat súdlik fan 'e terp lei oan 'e Himdyk by Katsyl in slúske, dêr't in buorren mei de namme Grouwe Kat ûntstie. Grouwe Kat en Westhim binne yn 'e rin fan 'e tiid oan inoar groeid. Eartiids hearde ek Blauhûs as buorskip by Westhim, mar sûnt 1949 is dat in selsstannich doarp en foar de foarsjennings is it memmedoarp Westhim sels op Blauhûs oanwiisd.

Sûnt 1275 wurdt it doarp Westhem neamd, alias Hemdijck en dêrnei is der neat mear feroare oan 'e namme. De oerlevering dat der yn 1482 ek in namme Woschem west hat, liket net te kloppen. De doarpsnamme ferwiist nei in binnenpolder of in stik oanslike lân, fan it Aldfryske wurd 'him'.[3]

De Himdyk is al iuwen âld. It wie eartiids de ienige ferbining mei Blauhûs en Drylts. Folle letter is fan it fuotpaad op de Himdyk in wei makke.

De tsjerke mei syn 13e-iuwske toer wie foar de reformaasje oan de hillige Bartoloméus wijd. Yn 'e klokkestoel hingje twa klokken; ien fan 1353 en ien fan 1639. It midsiuwske tsjerke waard yn 1708 ôfbrutsen en op 'e nij boud. Op 'e âlde klok steane de nammen Bartoloméus en Luidulfrus.

Oant 2011 lei Westhim yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

 
Stjelp oan De Kat

Westhim hjit yn 'e folksmûle ‘De Kat’ en de bewenners wurde katten neamd. Ek it eardere kafee hie de namme De Kat.

(Yn 1979 binne de doarpen Wolsum, Blauhûs, Greonterp en Westhim tafoege oan 'e protestantske gemeenten fan Aldegea.)[4]

De measte bern gean yn Blauhûs nei de basisskoalle.

Foar ferienings giet men faak nei Blauhûs. De buertferiening yn it doarp hjit Underlinge Wille.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2007 2015 2020
Ynwenners 188 190 191 165 157 97 69 74

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·