Wymbritseradiel (1984-2011)
Wymbritseradiel (sûnt 1986 offisjeel Frysk; Nederlânsk: Wymbritseradeel), ynformeel ek wol Wymbrits neamd, is in eardere gemeente yn 'e Fryske Súdwesthoeke, dy't ûntstie by de gemeentlike weryndieling fan 1984. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 2010 16.151 ynwenners, en besloech in oerflak fan 162,74 km², wêrfan 24,41 km² wetter. Op 1 jannewaris 2011 fúzjearre Wymbritseradiel yn 'e mande mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits en Wûnseradiel, ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân.
Wymbritseradiel | |
---|---|
It gemeentehûs fan Wymbritseradiel yn Drylts. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Wymbritseradiel | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Drylts |
grutste plak | Drylts |
ynwennertal | 16.151 (2010) |
befolkingstichtens | 116,8 / km² |
oerflak | 162,74 km² |
● wêrfan lân | 138,33 km² |
● wêrfan wetter | 24,41 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 27 |
ferkearsieren | A7, N354, N359 |
skiednis | |
oprjochte | 1984 |
oant 1851 | Gemeente Drylts Gritenij Wymbritseradiel Gritenij Doanjewerstâl (diel) Gritenij Wûnseradiel (diel) |
1851 – 1984 | Gem. Drylts Gem. Wymbritseradiel Gem. Doanjewerstâl (diel) Gem. Wûnseradiel (diel) |
opheft | 2011 |
opgien yn | Súdwest-Fryslân |
no part fan | Súdwest-Fryslân |
oar | |
netnûmer | 0514, 0515 |
postkoade | 8529–8774 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.wymbritseradiel.nl |
- Dizze side giet oer de gemeente Wymbritseradiel fan 1984 oant 2011. Foar de gemeente fan 1851 oant 1984, sjoch: Wymbritseradiel (1851-1984).
Skiednis
bewurkje seksjeWeryndieling
bewurkje seksjeBy de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie men fan doel om it âlde Wymbritseradiel mei de beide stedsgemeenten Snits en Drylts, dy't der as enklaves alhiel troch omjûn waarden, ta ien gemeente gear te foegjen. Nei ferheftige protesten fan 'e ynwenners fan Snits, dat selsstannich bliuwe woe, mar ek fan Wymbritserdiel, dêr't freze waard dat Snits binnen de nije gemeente te oerhearskjend wurde soe, joech men dat plan lykwols op.
By einbeslút waarden it âlde Wymbritseradiel en Drylts gearfoege, wêrby't it gemeentehûs yn 1986 yn Drylts kaam te stean (it gemeentehûs fan it âlde Wymbritseradiel hie altyd bûten de eigentlike gemeentegrinzen yn Snits stien). De gemeente Snits bleau selsstannich, mar mocht de doarpen Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier anneksearje, dy't earder altyd ta it âlde Wymbritseradiel heard hiene. Fierders kaam Nijhuzum by Nijefurd te hearren. Oan de oare kant kamen Kûfurderrige fan Doanjewerstâl en Greonterp fan Wûnseradiel by it nije Wymbritseradiel.
By in nije gemeentlike weryndieling fúzjearre it nije Wymbritseradiel op 1 jannewaris 2011 yn 'e mande mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits en Wûnseradiel, ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân.
Gea
bewurkje seksjeYn 2010 is de lânynrjochting Wymbritseradiel ôfsletten. By dy ynrjochting fan njoggentjin jier binne maatregels foar de lânbou naam en 245 bunder natoer oanlein.
Plakken
bewurkje seksjeDe haadstêd is Drylts, en de oare plakken yn de gemeente binne: Abbegea, Aldegea, Blauhûs, Easthim, Folsgeare, De Gaastmar, Gau, Goaiïngea, Greonterp, Heech, De Hommerts, Idzegea, Yndyk, Ypekolsgea, Jutryp, Koufurderrige, Nijlân, Sânfurd, Skearnegoutum, Smelbrêge, Toppenhuzen, Tsjalhuzum, Turns, Twellingea, Wâldsein, Westhim en Wolsum.