Skearnegoutum
Skearnegoutum is in doarp benoarden Snits oan De Swette (Snitser Trekfeart) yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea. Op it doarpsgebiet lizze ek de buorskippen Nijekleaster, Loaiïngea en foar in part De Pôle.
Skearnegoutum | ||
Martenstsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.612 (2022) [1] | |
Oerflak | 6,68 km, werfan: - lân: 6,58 km² - wetter 0,10 km² | |
Befolkingsticht. | 245 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 3' N 5° 40' E | |
Offisjele webside | ||
www.skearnegoutum.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeSkearnegoutum is ûntstien op in terp, weryn't by opgravings saken út de 4e iuw fûn binne. It doarp lei yn it earstoan oan de Middelsee oant dy om 1300 hinne drûchlein waard. Mei de doarpen Loaiïngea, Goaiïngea, Gau, en Offenwier foarme Skearnegoutum yn de midsiuwen it ferbûn Snitser Fiifgea.
Tusken 1233 oant de reformaasje stie eartiids krekt bûten de Middelseedyk by it tsjintwurdige krúspunt oan de Ljouwerterdyk mei de Spearsterdyk it Aula Dei ('Hûs fan God'), ek bekend as it Nijekleaster. It nonnekleaster hie grutte ynfloed op de ûntwikkeling fan de krite. Yn 1572 ferrinnewearren geuzen it kleaster. Ta neitins oan it kleaster stiet sûnt 1996 oan de Lege Dyk in lyts monumint fan seis nonnen op in sokkel.
De âlde tsjerke fan Skearnegoutum wie wijd oan Sint-Marten. De midsiuwske tsjerke waard yn 1861 ôfbrutsen en ferfongen troch it hjoeddeiske gebou. Yn de 19e iuw krige Skearnegoutum der noch in tsjerke by, de grifformearde tsjerke. Mei de foarming fan ien protestantske federaasje yn de jierren 1990 waard de grifformearde tsjerke ferkocht en it gebou is no in wente.
Skearnegoutum hie fan 6 juny 1883 oant 15 maaie 1938 in stasjon oan it spoar Ljouwert - Starum. De stasjonskoade fan Stasjon Skearnegoutum wie Sgm. Op 1 juny 1940 waard it stasjon weriepene, mar op 24 novimber fan dat jier waard it wer sletten.
Yn 1897 waard it Koöperative Suvelfabryk Skearnegoutum oprjochte. It fabryk waard yn 1972 sletten.
Oant 2011 lei Skearnegoutum yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
Doarpswapen
bewurkje seksjeDe fiif punten fan de stjer yn 'e emblemen fan it doarp ferwizet nei de fiif doarpen yn it noarderkertier fan de eardere gemeente Wymbritseradiel, dêr't Skearnegoutum it haadplak fan wie. De kleuren binne ek ûntliend oan it wapen fan Wymbritseradiel. De dwersbalke is De Swette, it wetter dat troch it doarp rint. De earn komt fan it wapen fan Karel V, dat yn de doarpstsjerke ôfbylde is.
Mienskip
bewurkje seksjeYn it yn Multyfunksjonele Akkomodaasje It Swettehûs is it doarpshûs ûnderbrocht. Ek de KBS Op 'e Hichte krige dêr syn ûnderdak. De Doarpsomropper is de namme fan de doarpskrante. De ynwenners hawwe as skelnamme 'Sûkerfretters'.
Tsjerke
bewurkje seksjeDe PKN-gemeente Skearnegoutum-Loaiïngea hat alle sneinen tsjinst yn de Martenstsjerke.
Skoalle
bewurkje seksjeFerienings
bewurkje seksjeDer binne ferskillende buertferienings: buorskip Mastenbroek, beskerme wenje Fridsmastrjitte, Willem Santemastrjitte, St Martensdijk en Alddyk.
|
|
(sjoch doarpsside foar mooglike feroarings)
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2006 | 2015 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 323 | 1.031 | 1.002 | 955 | 1.020 | 996 | 1.677 | 1.666 |
Jier | 2020 | 2022 | ||||||
Ynwenners | 1.667 | 1.613 |
Berne
bewurkje seksje- Jan Simons Hager (om 1734? - ?), dichter
- Jouwert Jouwertsma (1857-1889), folksskriuwer en dichter.
- Tjitte de Jong (1889-1972), rjochter en wethâlder
- Sjoerd Wiersma (1899-1971), fersetsman.
- Willem Santema (1902-1944), fersetsstrider
- Berend Joukes Fridsma (1905-2005) taalkundige en dichter
- Fokje van der Velde, (1918-2008), koartebaanrider
- Jurjen van der Meer (1957), (tekst)skriuwer
- Jan Wagenaar (1976-), krêftsporter
- Geert Jelle de Vries (1974), âld-proffuotballer.
Strjitten
bewurkje seksjePublikaasjes
bewurkje seksjeHessel Bouma, Scharnegoutum in oorlogstijd - 'Das Terroristendorf'
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|