Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                


Koudum is in Frysk doarp yn 'e Súdwesthoeke en de gemeente Súdwest-Fryslân. It leit tusken De Fluezen en De Moarre net fier fan 'e Iselmar en de bosken fan Gaasterlân ôf. Der is in soad rekreaasje op en om it wetter. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2011 hearde Koudum ta de gemeente Nijefurd, en foar de weryndieling fan 1984 wie it it haadplak fan 'e gemeente Himmelumer Aldefurd. Noch altyd hat it doarp in sintrale funksje foar de omkriten op it mêd fan ûnderwiis, tsjinstferliening, winkels, sport en rekreaasje. Koudum hat krapoan 2.700 ynwenners.

Koudum
De Haadstrjitte yn de Buorren fan it doarp
De Haadstrjitte yn de Buorren fan it doarp
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal 2.660 (2021)[1]
Oar
Postkoade 8723
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 55' NB, 5° 27' EL
Martinytsjerke fan Koudum
Martinytsjerke fan Koudum
Eardere gemeentehûs fan de gemeente Himmelumer Aldefurd
Eardere gemeentehûs fan de gemeente Himmelumer Aldefurd
Offisjele webside
www.koudum.nl
Kaart
Koudum (Fryslân)
Koudum
Kaart
De Haadstrjitte yn de Buorren fan it doarp
De himrik fan Koudum yn de eardere gemeente Nijefurd

Under it doarp falle de buorskippen Boppebuorren, Galamadammen en Grutte Wiske.

Betsjutting fan de namme

bewurkje seksje

Koudum wurdt foar it earst yn in histoaryske boarne neamd yn 855, mei de namme Colwidum. Dat is yn in list fan besittings fan it kleaster Werden yn Dútslân. De namme 'Koudum' is nei alle gedachten ôflaat fan 'col' en 'widum'.Ynearsten waard tocht dat it sokssawat is 'heechste punt fan de bosk' betsjut. Koudum leit lykwols op in ferheging, driuwwâl út it Pleistoseen. Dochs út neier ûndersyk betsjutte de namme dochs wat oars. It twadde wurdlid widum betsjut yndie "wâld" itjinge al earder tocht waard. It earste wurdlid col wie punt fan diskusje. Ynearsten waard toch dat it nei de hichte, dêr't Koudum op leit, ferwiist. Neffens Karel Gildemacher yn syn wurk Friese plaatsnamen komt it fan it Germaanske wurd foar "koal" (houtskoal). Yn Koudum waard fanâlds houtskoal brûkt as brânje. In oare betsjutting, neffens Pieter Duijff kin it fan it Aldfryske kole, itjinge "baarne"/"gloeie" betsjut, komme. Der waard al ier turf wûn yn it omkringende feangrûn. De nammen fan plakken om Koudum hinne, lykas De Moarre, Swarte Wâlde en Kolderwâlde (betsjut Koudumer Wâlde) ferwize nei de feangrûn. De Moarre en Swarte Wâlde binne ûnderwilens wetter wurden.[2] Koudum wie dus al rillegau in turfdoarp, nettsjinsteande dat it op in ferheging lei, omkringe troch boks/wâld. De namme betsjut dus "koalen/turf yn it wâld". De namme "Koudum" is in Hollânske fariant fan it doetiidske Fryske Coldum, dat yn 1325 sa neamd waard. Yn 1398 komt Koldum foar.[3] Hjoed-de-dei hjit Koudum yn it Hylpersk noch hieltyd Koaldum.[4]

Oare skiednis

bewurkje seksje

Koudum is al in âld doarp. De Galamastate waard om 1500 hinne boud dy't troch de famylje Galama bewenne waard. Letter wennen der de grytmannen fan Himmelumer Aldefurd yn. Yn 1586 wie Koudum it plak fan de Slach by de Galamadammen, dêr't de Geuzen troch Spaanske troepen ûnder lieding fan Caspar de Robles bluodderich ferslein waard. Om it doarp leine eartiids in soad markes, dy't yn 'e 19e iuw ynpoldere binne. Op njoggentjinde iuwske kaarten ferskynt Koudum as in plak mei fersprate bewenning op de balstienhichte, dy't wol 10-12 meter boppe seenivo útstekt. Der is in lytse kearn om de tsjerke hinne, dy't him stadichoan oan de Haadstrjitte en de legere Haadstrjitte útwreide. Fierder leine dêr in nustje buorskippen om hinne. Westlik leine de Grutte Weste en Lytse Weste of Westein. Eastlik lei op in leger lizzend plak oan de Koudumer Feart de Easte of Eastein. Fierderop nei it easten lei Boppebuorren. Letter woeks de haadkearn oan dy buorskippen fêst, útsein Boppebuorren dy't justjes bûten de doarpskom leit.

Langer as 500 jier wie Koudum it haadplak fan de gritenij Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde. It lêste diel fan dy namme waard yn 1952 loslitten. By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard de gemeente, nei de Nederlânske nammefoarm Hemelumer Oldeferd meast koartwei H.O. neamd, opparte yn 'e nije gemeenten Nijefurd (haadplak Warkum) en Gaasterlân-Sleat (haadplak Balk).

Fan 1945 oant 1964 waard yn Koudum elts jier yn augustus in konkoers hippyk holden, dat nei de ferhuzing (yn 1964) nei Riis bekend kaam te stean ûnder de namme Konkoers Hippyk Riis.

Middels fan bestean

bewurkje seksje
 
Sicht op Koudum út de Grutte Wiskepolder wei

Lân- en túnbou hawwe altiten tige wichtich west. Yn de 17e en 18e iuw wie in grut diel fan de befolking belutsen by de ynternasjonale keapfardij. It is noch te sjen oan it rike ynterieur fan de Martinitsjerke dy 't op it heechste punt fan it doarp stiet. Oan de lije súd- en eastkant fan Koudum is sângrûn, dêr't him yn de rin fan de iuwen in humuslaach op foarme hat. Troch de lizzing yn de lijte en it "swarte sân" is dit stik gaadlik foar túnbou dy't sûnt de twadde helte fan de 19e iuw ta ûntwikkeling kaam. Yn de heechtiiddagen hie Koudum in eigen feilinggebou en waarden de griene beantsjes, blomkoal en oare grienten oant fier yn Nederlân ferkocht. De ynwenners krigen hjirtroch de bynamme 'Koudumer beantsjes'.

Nei 1960 hat Philips hjir in festiging hân dy't letter nei Snits gien is en in Sosjaal Wurkplak.

Tichtby de Galamadammen leit rekreaasjesintrum De Kuilart mei in jachthaven, in camping en in swimbad.

Wapen en flagge

bewurkje seksje
wapen

It wapen fan Koudum is read mei twa gouden dwersbalken; in blau kanton (fjouwerkant), beladen mei in gouden seispuntige stjer. It wapen wie al langer bekend mar earst yn 1993 offisjeel registrearre. It wapen waard doe sprekkender makke yn oerlis tusken de Fryske Rie foar Heraldyk en de Ferienings Doarpsbelangen en kamen it blauwe kanton en de stjer yn it wapen en de flagge. De seispuntige stjer wurdt yn de heraldyk brûkt om in bestjoersfunksje oan te jaan om 't Koudum lange tiid it bestjoerssintrum fan Himmelumer Aldefurd wie.

flagge

In broeking fan blau, mei in lingte fan 3/5 fan de flaggehichte en in flecht yn fiif likehege banen read-giel-ensfh. De ûnderste giele baan rint oant de broeking troch oan de broekside; yn de broektop in giele seispuntige stjer fan 1/2 flaggehichte. De flagge is basearre op it doarpswapen, de blauwe broeking ferbyldet de Fluezen; de ûnderste trochrinnende giele baan stiet foar de Galamadammen rinnende troch de Fluezen. De stjer hat deselde betsjutting as yn it wapen.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Wynmûne De Flyt
 
Wynmotor Koudum 1 tusken Koudum en Molkwar
  De Wikipedy hat ek in side Martinytsjerke (Koudum).

De Martinytsjerke oan de Smidswei 2 wie de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, hjoed-de-dei fan de PKN, is in trijekantige sletten sealtsjerke mei in heal ynboude toer mei in ynsnuorre spits. De hjoeddeistige tsjerke is fan 1857 en ferfong in achtkantige koepeltsjerke fan 1831. Dy ferfong in krústsjerke fan 1614/17. It santjinde iuwske ynterieur komt fan de eardere krústsjerke en bestiet út in op sân moarmeren doaryske pylders sittende preekstoel (1648) mei de wapens fan Jehan fan Aylva en Katarina fan Walta, in doophek, twa oerkape hearebanken en tsjerkebanken mei sniene einskotten en bolbekroanings. It koperwurk mei doopbôge is fan Elia Eliasz. Vliet. De oargel fan âldere oargelpipen út 1651 waard troch L. van Dam en Soannen boud. De pastorije oan de dammensewei 1 út 1929 waard mooglik ûntwurpen troch U. Visser. It Herfoarme gebou oan Tjalke v/d Walstrjitte 1 waard yn 1905 boud en wie ornearre foar tsjerklike aktiviteiten lykas sneinskoalle. It gebou waard 100 jier letter ferkocht. Njonken de tsjerke waarden yn 1925 diakonywenten dêr't de diakens en de koster yn wennen. Dy wenten waarden yn 2018 sloopt.

De eardere grifformearde tsjerke oan de Ferlinge haadstrjitte 15 is in rjochte sletten sealtsjerke út 1874. De pastorije, dêrnjonken, en it tsjerkelokaal komme fan 1916. Yn 2006 sleat de stjerke yn it ramt fan it meiïnoar gean mei de herfoarme tsjerke.

De Minniste tsjerke oan de Haadstrjitte 57 is in trijekantige sletten sealtsjerke fan 1902. De minniste mienskip waard yn 2017 opheft en it tsjerkje waard ferkocht.

It Beaken is de tsjerke fan de baptistegemeente Súdwest-Fryslân.

It Koudumer Doarpsliet

bewurkje seksje

Tusken mar en poel bisletten

yn it âlde Fryske lân,

dêrre leit it lytse doarpke

dat ús bynt mei fêste bân.

Dêr ‘t de hege toer syn wêzen

blike lit sa fier yn ‘t roun,

dêrre leit it plakje Koudum )

ús sa leave bertegroun ! )twaris

Hwat ús bynt oan ‘t âlde doarpke?

Is yn ‘t earst it âldershûs,

Heit en Mem en d’ âlde wente,

Leed – ek wille by de rûs.

Dan, ús feint’ en fammejierren

forjitte kinne wy se nea

om dat alles, Koudum, bist’ ús )

‘t leafste doarpke fan it gea ! )twaris

Smûke plakjes: d’âlde Singel,

Binnendyk en Dam’sewei,

dêr ‘t jongfolk him formakke,

Koudum, wier, do bliuwst’ ús nei.

Dan dy moaije fiere sichten op

Hylpen, Wâld’ en Ymedaam,

Fan ‘e Dammen oer de Marren )

Koudum, doarp, wy leavje dij ! )twaris

[5]

 
De legere Haadstrjitte mei de Martinytsjerke op de eftergrûn
 
It Wapen fan Fryslân, yn it sintrum
 
It Oldeferd Park

It multyfunksjonele sintrum fan Koudum hjit De Klink. Foar de bern is der soas De Dobbe. DBK is de feriening foar Befoardering Belangen fan Koudum. Wa't lid is krijt fergees it krantsje "Bulte Nijs". Yn MFA De Swel sitte Doarpsbelangen, it jeugdhonk, de fêstiging fan 'Bogerman', it keunstsintrum en de radiostudio's yn ien gebou. Op dat stee wie earder in sânôfgraving mei in koloanje swellenêsten. De Sândobbe is de sporthal fan it doarp, oan de Boppewei is keatsfjild It Smûkelân. De Welle en It Grovestinshôf binne de basisskoallen en Nij Begjin it pjutteboartersplak. De Súdwester is de feriening foar Kultuer en Ferdivedaasje. De Koudumer Stifting Trochgean set him yn foar de belangen fan ynwenners fan Koudum en de fierdere Súdwesthoeke. Jierliks wurdt de priis Beantsje fan it Jier útrikt oan minsken dy't har tige foar Koudum ynsetten hawwe. Yn 2006 wûn Koudum de Jeropeeske doarpsfernijingspriis.

Berne yn Koudum

bewurkje seksje
  • Piebe Bakker (2 juny 1929), dirigint († 2002) fan Nij Libben
  • Jacob Binckes, (1637 - 1677), floathaad yn de tiid fan Tromp en De Ruyter.
  • Yn it wapen en de flagge fan Koudum stiet in stjer as ferwizing nei de eardere bestjoersfunksje. De blauwe kleur ferwiist nei De Fluezen en de giele baan nei de Galamadammen.
  • Foar de simmer, op Himelfeartsdei, is der faak it Dobbefestival.
  • De Koudumer Beantsjes steane sintraal op Beantsjedei. Der is in wedstryd beantsjetriedzjen, in beantsjemiel, in beantsjerees en de oanwizing fan 'Beantsje fan it Jier'.
  • Yn 2006 waard Koudum winner fan de Europeeske doarpsfernijingspriis út 31 nominearre doarpen út 11 Europeeske lannen.

Alle strjitten yn Koudum.

Iepenbier ferfier

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
>

  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·