Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Streektaal, soms ek oantsjut as regionale taal, is in begryp dat foar beskate taalfarianten brûkt wurdt. Yn 'e regel wurde taalfarianten oersichtlik (hoewol soms frijwat willekeurich) ferdield yn talen en dialekten, wêrby't in dialekt net as in folweardige taal sjoen wurde, mar as ûnderdiel fan in grutter taalferbân. De term 'streektaal' omsylt dy yndieling en wurdt ornaris opfet as grutter en/of wichtiger as in dialekt, mar lytser en/of fan minder belang as in taal. Dêrnjonken is in streektaal yn 'e politike en bestjoerlik-juridyske sin eltse taalfariant dy't troch de oerheid mei de term 'streektaal' oantsjut wurdt, wylst it begryp yn 'e poer taalkundige sin ferwiist nei in almeast lytse taalfariant wêrfan't it spraakgebiet konsintrearre is yn of beheind is ta in beskate lânstreek. Streektalen genietsje soms (mar lang net altyd) erkenning fan 'e oerheid, mar hawwe oer it algemien gjin offisjele status: d.w.s. de sprekkers hawwe gjin rjocht op it brûken fan harren streektaal, bgl. yn kommunikaasje mei de oerheid.

Yn 'e kontekst fan Fryslân wurdt mei de term 'streektalen', troch sawol de provinsjale en gemeentlike oerheden as de media, ferwiisd nei alle autochtoane taalfarianten útsein de Fryske en Nederlânske standerttalen. Dêrûnder falle de Hollânsk-Fryske taalfoarmen (Biltsk, Amelânsk, Midslânsk en de Stedske dialekten), de ûnderskate Nedersaksyske dialekten yn 'e provinsje (Stellingwerfsk, Westerkertiersk/Kollumerlânsk en Pompstersk) en de meast ôfwikende dialekten fan it Frysk (Hylpersk, Skylgersk, Aastersk en Skiermûntseagersk).

Yn Nederlân

bewurkje seksje

Yn 'e Nederlânske kontekst kin mei it begryp 'streektaal' eltse foarm fan it Nederlânsk bedoeld wurde dy't ôfwykt fan 'e standerttaal (hoewol't stedsdialekten der faak fan útsletten wurde om't in stêd no ienris gjin 'streek' is). Men kin dan tinke oan Hollânske dialekten lykas Westfrysk, Kennemerlânsk, Saansk en Wetterlânsk, mar ek oan Utertsk-Alblasserwaardsk, Brabânsk en Siuwsk. Dêrnjonken wurdt der ek hiel faak mei ferwiisd nei nau besibbe talen as it Nedersaksysk en it Limboarchsk. Soms wurdt ek it Frysk as streektaal oantsjut, mar dat komt aldergeloks tsjintwurdich net faak mear foar.

Yn Jeropa is de erkenning fan streektalen regele yn it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen, dat de oerheid fan in lân ferplichtet om it gebrûk fan erkende streektalen fuort te sterkjen. Nederlân hat it Frysk, it Nedersaksysk, it Limboarchsk en it Papiamintsk op Bonêre erkenning skonken ûnder dat ferdrach, it Frysk en it Papiamintsk ûnder Diel III en it Nedersaksysk en it Limboarchsk ûnder Diel II.

De erkenning fan it Frysk giet tebek nei 1955 en 1956, doe't dy taal yn Fryslân tanksij de opskuor fan Kneppelfreed (1951) de offisjele status fan twadde rykstaal krige. It Frysk hat dêrtroch binnen de grinzen fan 'e provinsje Fryslân in status dy't (alteast yn namme) gelyk is oan dy fan it Nederlânsk. It Nedersaksysk en it Limboarchsk hawwe gjin offisjele status, en harren erkenning ûnder it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen giet lang sa fier net as dy fan it Frysk. Benammen taalorganisaasjes út it Nedersaksyske taalgebiet krewearje om dat te feroarjen. De lobby yn Seelân om ek it Siuwsk erkend te krijen, mislearre yn 2005, en in selde soarte lobby fan 'e Biltske Beweging om it Biltsk erkend te krijen, mislearre yn 2017.

Yn oare lannen

bewurkje seksje

Inkele foarbylden fan streektalen yn oare lannen:

Yn Belgje, dat alhielendal gjin streektalen erkent, kinne as sadanich lykwols yn it Nederlânske taalgebiet it Westflaamsk en it Limboarchsk neamd wurde, en yn it Frânske taalgebiet it Loataringsk, Pikardysk, Sjampeneesk en Waalsk. Dêrnjonken wurdt der ek noch Lúksemboarchsk sprutsen yn Belgje, dat dêr lykwols troch de oerheid as in fariant fan it Dútsk beskôge wurdt.

Yn Dútslân kinne de Nederdútske dialekten yn 'e noardlike helte fan it lân oantsjut wurde as streektalen, mar itselde jildt foar ferskate Middeldútske en Heechdútske dialekten yn it suden fan it lân, lykas Beiersk, Heechsaksysk, Hessysk, Mainfrankysk, Mûzelfrankysk, Nederallemannysk, Nedersilezysk, Paltsysk, Ripuarysk (of Rynfrankysk), Súdfrankysk, Swabysk en Tueringsk.

Yn Frankryk wurde yn it noarden ferskate Oïlyske streektalen sprutsen: Anzjevynsk, Boergondysk, Frank-Komteesk, Gallo, Loataringsk, Normandysk, Pikardysk, Poitevynsk, Sjampeneesk en Sêntongeesk. Yn it suden, yn it Oksitaanske taalgebiet, kinne as streektalen ûnderskaat wurde: it Auvernjatysk, Fivaro-Alpynsk, Gaskonsk, Langedoksk-Guyenneesk, Limûsynsk en Provansaalsk.

Yn Itaalje falt wat ornaris it Italjaansk neamd wurdt, bûten it kearngebiet fan Toskane oant Rome útinoar yn in grut tal ûnderskate, sterk ôfwikende sprektalen. Oft dat streektalen of gewoan talen binne, is in grutte striidkwestje. It giet om: Emyljaansk, Fenesiaansk, Gallo-Italysk fan Basilikata, Gallo-Italysk fan Sisylje, Kalabrysk, Liguerysk, Lombardysk, Napolitaansk, Piëmonteesk, Romanjoalsk, Salentynsk en Sisyljaansk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.