Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

In torpedoboatjager is in type oarlochsskip dat bekendstiet om syn faasje en manûvrearberheid. It is bedoeld om gruttere skippen te eskortearjen yn in float, konfoai of fleandekskipgefjochtsgroep en dy te ferdigenjen tsjin lytsere, fluggere en swierbewapene skippen fan 'e fijân, dy't op 'e koarte ôfstân operearje. Yn oare talen (as it Frysk en Nederlânsk) wurdt faak sprutsen fan "torpedoboatferneatiger",[boarne nedich] en is it earste diel fan 'e oantsjutting gauris fuortfallen, sadat beneamings as destroyer (Ingelsk), Zerstörer (Dútsk) of destructor (Spaansk) yn gebrûk kommen binne.

De HMCS Algonquin, in torpedoboatjager fan 'e Iroquois-klasse fan 'e Keninklike Kanadeeske Marine.

Torpedoboatjagers waarden yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw ûntwikkele by wize fan ferdigeningsstrategy tsjin torpedoboaten (dêrfandinne de namme). Tsjin 'e tiid dat yn 1904 de Russysk-Japanske Oarloch útbriek, hiene se har ûntjûn ta grutte, flugge en mei krêftige wapens tariste torpedoboaten dy't bedoeld wiene om oare torpedoboaten út te skeakeljen. Foarôfgeande oan 'e Twadde Wrâldoarloch wiene torpedoboatjagers lichte skippen dy't net botte geskikt wiene om selsstannich op 'e iepen oseaan te operearjen. Yn dy tiid wie it wizânsje om in stikmannich torpedoboatjagers en ien inkele torpedoboatjagertender mei-inoar gearwurkje te litten. Nei de oarloch soarge de yntroduksje fan stjoerde raketten derfoar dat de folle lytsere (en dus goedkeapere) torpedoboatjagers de rol oernimme koene dy't earder ferfolle wie troch slachskippen en krusers. Dat resultearre yn it ûntstean fan gruttere en krêftigere torpedoboatjagers dy't ûnôfhinklik fan oare marineskippen operearje koene.

De Akizuki, in torpedoboatjager fan 'e Japanske Maritime Selsferdigeningsmacht.

Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw wiene torpedoboatjagers de noarm wurden foar marineskippen dy't oan it wetteroerflak operearje. Der wiene op dat stuit noch mar trije lannen yn 'e wrâld oer (de Feriene Steaten, Ruslân en Perû) dêr't noch de swierdere krusers diel útmakken fan 'e aktive marine. Slachskippen en slachkrusers wiene nearne mear yn aktive tsjinst. Nederlân nimt yn dit ramt in bytsje in apart plak yn, mei't it standertskip fan 'e Keninklike Marine it fregat is, in folle behindiger skipstype as de torpedoboatjagers. De fjouwer fregatten fan De Zeven Provinciën-klasse binne lykwols torpedoboatjagers yn alles behalven de namme. (Ek de marines fan Dútslân, Frankryk en Spanje tsjutte harren torpedoboatjagers wol oan as 'fregatten'.)

Moderne torpedoboatjagers, ek bekend as stjoerde-rakettorpedoboatjagers (of guided missile destroyers) binne yn tonnaazje ekwifalint oan mannich kruser út 'e tiid fan 'e Twadde Wrâldoarloch, wylst se dêr ûnbidige superieur oan binne wat fjoerkrêft oangiet. Se mjitte trochinoar 160 m yn lingte, hawwe in deplassemint fan 9.200 ton en kinne bewapene wurde mei mear as 90 raketten. Dat kinne bgl. krúsraketten wêze dy't foarsjoen binne fan in nukleêre raketkop. Guon torpedoboatjagers, lykas de Amerikaanske skippen fan 'e Arleigh Burke-klasse, binne eins grutter en swierder bewapene as de measte eardere skippen dy't klassifisearre waarden as stjoerde-raketkrusers.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.