Weetgiel
Weetgiel of weetgeel is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan giel. It wurdt op ferskate manearen omskreaun, bgl. as in rôzich giel of as in ljocht bêzje. Dizze kleur wurdt sa neamd om't it de kleur fan weet is as dy plant ryp is om rispe te wurden.
weetgiel | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #F5DEB3 | |
RGBª (r, g, b) | (245, 222, 179) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 9, 26, 3) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Kleurtechnyk
bewurkje seksjeBy additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is weetgiel in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch ferminging fan alle trije primêre kleuren (read, blau en grien). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt ynstee fan syaan lykwols swart tafoege, om't dat bettere resultaten jout.
Gebrûk
bewurkje seksjeIt earste dokumintearre gebrûk fan 'e oantsjutting 'weetgiel' as kleurnamme yn it Ingelsk (yn 'e foarm wheat), datearret fan 1711.
Weetgiel is ien fan 'e X11-webkleuren.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |