Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

De Katedraal en Metropolitane Tsjerke fan Sint-Petrus (Ingelsk: Cathedral and Metropolitical Church of Saint Peter), gewoanwei de York Minster, yn 'e Ingelske stêd York, is de katedraal fan it Anglikaanske aartsbisdom York. De aartsbiskop is de tredde yn rang fan 'e Tsjerke fan Ingelân (Church of England). De katedraal wurdt bestjoerd troch de deken en it kapittel. De titel Minster is takend oan tsjerken dy't stifte binne yn de angelsaksyske tiid as missytsjerken en is tsjintwurdich in earetitel. It is ien fan 'de grutste katedralen fan Noard-Jeropa.

Katedraal fan York

York Minster

Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Noard-Yorkshire
plak York YO1 7HH
adres Deangate
koördinaten 53° 57' N 1° 4' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom York
patroanhillige Petrus
Arsjitektuer
boujier 12e iuw-1472
boustyl gotyk
hichte 72 meter (sintrale toer); 60 meter (westlike tuorren)
monumintale status Grade I listed building
Webside
yorkminster.org
Kaart
York Minster (Noard-Yorkshire)
York Minster

De minster hat in tige breed goatysk skip, in kapittelhûs, in koer, in eastlike ôfsluting yn 'e perpendicular gotyk en in noardlik en súdlik transept yn 'e ier Ingelske gotyk. It westlike raam fan it skip datearret út 1338 en it eastlike raam yn 'e Marijkekapel (Lady's Chapel) stamt út 1408. Beide finsters hawwe de grutste kolleksje fan midsiuwske brânskildere glês fan 'e wrâld.

 
De skryn fan Walter de Gray, dy't de oanset joech ta de bou fan in goatysk gebou.

York hat al sûnt de fjirde iuw in kristlike mienskip. De earste bekende tsjerke op it plak wie in houten gebou dat gaueftich boud wie foar de doop fan Edwin, kening fan Northumbria. In gebou dat wat mear op in tsjerke like, waard yn 637 foltôge en wijd oan de apostel Petrus. De tsjerke rekke lykwols al gaueftich yn it neigean en doe't yn 670 Sint-Wilfryd biskop waard, liet er de tsjerke opknappe en fernije. Doe waard ek in by de tsjerke hearrende skoalle en bibleteek stifte, dy't yn 'e 8e iuw al by de grutsten fan Noard-Jeropa hearde.

 
Plattegrûn fan de tsjerke.

Yn 741 ferneatige in brân de tsjerke. De ôfbaarnde tsjerke waard ferfongen troch in grutter gebou mei wol tritich alters. Dêrnei krigen de kontreien lykwols lêst fan in grut tal ynfallen en leit de skiednis fan 'e tsjerke oant de 10e iuw yn it tsjuster.

 
Ynterieur kapittelhûs.

Nei't de tsjerke yn 1069 skeind waard by de plonderingen fan Willem de Oermasterer fan it Noarden, liet de earste Normandyske aartsbiskop, Thomas fan Bayeux, dy't yn 1070 arrivearre, de tsjerke wer opmeitsje. De Denen ferneatigen de tsjerke yn 1075 en ek doe waard de tsjerke wer opboud. Yn dy tiid wie de tsjerke in gebou fan 111 meter lang fan Normandyske styl. De nijbou waard yn 1137 troch brân skansearre, mar waard al gau reparearre. It koer en de krypte waarden yn 1154 renovearre en in nije kapel waard boud, allegear yn 'e Normandyske styl.

Yn 'e midden fan 'e 12e iuw rekke de goatyske styl yn 'e moade. Under aartsbiskop Walter de Gray waard opdracht jûn om lykas yn Canterbury in goatyske tsjerke te bouwen. De bou begûn yn 1220 en yn 1250 wiene it noardlike en súdlike dwersskip de earste dielen, dy't yn iere goatyske styl foltôge waarden. Tagelyk waard ek it wurk oan de sintrale toer mei in houten spits ôfsletten.

De bou fan 'e goatyske tsjerke soe noch oant yn 'e 15e iuw trochgean. It kapittelhûs folge tusken 1260 en 1296. Op de âlde fûneminten fan 'e Normandyske tsjerke waard sûnt 1280 útein set mei de bou fan it brede skip. It dak wie foltôge yn 1330, mar it wurk oan it ferwulft gyng noch troch oant 1360. De bou gyng doe fierder mei it eastlike diel fan 'e tsjerke en 'e kapellen. It lêste diel fan 'e Normandyske tsjerke, it koer, waard yn 'e jierren 1390 sloopt. It wurk dêr wie om 1405 hinne foltôge. De westlike tuorren stamme út 1433-1472. Yn 1472 koe de foltôge katedraal konsekrearre wurde.

 
Brânskildere raam fan 'e berte fan Kristus.

De brek mei Rome troch Hindrik VIII late ta de plondering fan 'e tsjerke mei syn skatten. Ek foardere Hindrik VIII it grûnbesit fan 'e tsjerke. Under it regear fan Elizabeth I waard besocht om alle katolike spoaren te ferwiderjen; de alters, de tombes en in soad ruten waarden ferneatige. Yn 'e Ingelske Boargerkriich foel de tsjerke yn 1644 yn hannen fan de troepen fan Oliver Cromwell, mar de opperbefelhawwer Thomas Fairfax wist fierdere skansearring fan it bouwurk tefoarren te kommen.

Doe't de religieuze spannings yn it lân wer wat benamen wie der ek wer tiid om de tsjerke wer wat op te knappen. Tusken 1730 en 1736 krige de tsjerke in nije flier fan moarmer en sûnt 1802 sette in grutte renovaasje útein. Op 2 febrewaris 1829 feroarsake de pyromaan Jonathan Martin grutte skea oan 'e eastlike earm troch brânstifting. In oare brân yn 1840 ferwoastge de dakken fan it skip, de súdwestlike toer en it súdlike sydskip. De tsjerke rekke djip yn de skulden en yn 1850 koene der gjin tsjinsten mear fierd wurde. Sûnt 1858 wurke Augustus Duncombe mei súkses oan it herstellen fan de katedraal yn 'e âlde gloarje.

Ek yn 'e 20e iuw waard der in soad oan it behâld fan de katedraal wurk. Benammen nei't yn 1967 út in ferslach bliken die dat it gebou, benammen de sintrale toer, op ynstoarten stie. Der waard £ 2.000.000 ynsammele om dêrmei de fûneminten te ferstevigjen en it dak te renovearjen. By de opgravings waarden ûnder it súdlike transept de resten fan 'e noardlike hoeke fan it romeinske principia, it haadgebou fan it romeinske fort, fûn.

 
Roasfinster súdlik transept.

In brân op 9 juny 1984 as gefolch fan bliksemynslach ferwoastge it dak fan it súdlike transept. De brânwar die alle war om it roasfinster te beskermjen en dat it fjoer net nei de toer en it oargel oersloech. Oerenlang waard der dwêste oant it dak fan it transept ynstoartte. De restauraasje duorre oant 1988. Yn 2007 sette in renovaasjes oan it eastlike diel útein, ynklusyf it grutte eastlike raam.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De katedraal is de op ien nei grutste goatyske katedraal fan Noard-Jeropa en fertsjintwurdiget alle stadia fan 'e Ingelske goatyske arsjitektuer, fan 'e ier Ingelske goatyk oant de perpendicular perioade. It hjoeddeiske gebou stamt út it tiidrek 1230-1472. De katedraal is de grutste goatyske katedraal dy't noch yn de goatyske tiid sels foltôge waar. De grutste goatyske tsjerke, de Keulse dom, bleau noch 350 jier oant 1880 ûnfoltôge. De katedraal hat in grûnfoarmich plan mei in achthoekich kapittelhûs, dat oan it noardlik transept mei in gong ferbûn is, in sintrale toer en twa westlike tuorren. De fan kalkstien boude tsjerke is 159.9 meter lang en de hichte fan 'e sintrale toer 72 meter. De hichte fan it ynterieur fan it koer is 31 meter.

De âldste dielen fan 'e katedraal binne it noardlik en súdlik transept. Se hawwe ienfâldige lânsetfinsters, wêrûnder de Fiif Susters (Five Sisters) fan it noardlik transept. It súdlike transept hat dêrfoar oer in roasfinster mei glês út likernôch 1500; it betinkt de uny fan de keningshûzen fan York en Lancaster. De dakken binne fan hout en dat fan it súdlike transept waard nei de brân fan 1984 ferfongen. De slútkaaien dêr hawwe nije ûntwerpen.

 
It skip fan 'e Minster.

It skip waard tusken 1291 en 1350 boud en is yn 'e saneamde decorated styl. It is it breedste skip fan Ingelân en hat in houten ferwulft, mar is sa skildere dat it op in stiennen ferwulft liket. De sydskippen hawwe in stiennen ferwulft. Westlik is it grutte finster, dat bekend stiet ûnder de namme Heart of Yorkshire.

 
Rige kenings yn it doksaal.
 
Marijekapel mei eastlik raam.

It eastlike diel fan 'e Minster datearret út de perioade 1361-1405 en fertsjintwurdiget de perpendicular styl. Al is it eastlike ein yn in oare goatyske styl, dat te sjen is oan 'e details lykas yn it maaswurk en de kapitelen, it bliuwt it ûntwerp fan it skip folgjen. It eastlike ein bestiet út in fjouwer traveeën tellend koer mei in twadde dwersskip (dat allinne healwei it muorrewurk útstekt en tsjinnet om it haadalter te ferljochtsjen) en mei de Marijekapel (Lady's Chapel) einiget. Efter it heechalter is it tusken 2015-2016 restaurearre Grutte Eastlike Raam (Great East Window), mei it grutste oerflak oan midsiuwsk glês. Under it raam is in yn oktober 2012 iepene koepel (the Orb), dêr't besikers it wurk fan 'e midsiuwske glesker John Thornton fan tichteby sjen en sa de opmerklike details fan elk paneel ûntdekke kinne.

Tusken 1407 en 1472 waard de sintrale toer yn 'e perpendicular styl boud. Under de ienfâlidich útfierde toer stiet it doksaal út de 15e iuw, dat it koer fan it skip skiedt. Yn it doksaal steane ûnder stiennen en fergulde baldekinen foar in reade achtergrûn bylden fan 'e kenings fan Ingelân fan Willem de Oermasterer oant Hindrik VI fan Ingelân. Boppe it doksaal stiet it oargel út 1832. Oars as de sintrale toer binne de twa westlike tuorren ryklik fersierd en hawwe se kantelen en elk acht pinakels, ek wer yn perpendicular styl.

It achthoekige kapittelhûs waard yn 1280 boud en is mei it noardlike dwersskip ferbûn. It kapittelhûs hat in stjerferwulft.

Brânskildere glês

bewurkje seksje

Guon dielen fan it glês-yn-lead fan 'e katedraal geane werom op de 12e iuw. In soad ramen binne ymportearre út Dútslân en waarden bewurke yn York. It 23 meter hege grutte eastlike raam waard yn 'e 15e iuw makke troch John Thornton. Neffens de katedraal besit it finster it grutste oerflak midsiuwske glês-yn-lead fan Ingelân.

Under de oare 128 ramen (mei likernôch twa miljoen ôfsûnderlike stikken glês) binne ek it grutte westlike raam (Great West window), in roasfinster en de 16.3 meter hege Fiif Susters. De ramen bestrike in grut tiidrek fan hûnderten jierren. Yn de beide wrâldoarlogen binne se foar de feiligens útboud en letter werom set.

 
Doksaal en oargel.

De brân fan 1829 ferneatige it oargel en it hjoeddeiske oargel giet werom op de doedestiidske nijbou fan Elliot en Hill út 1832. It oargel waard yn 1859 mei behâld fan it front en de grutste pipen op 'e nij boud troch William Hill & Sons. Yn 1903 boude J.W. Walker & Sons efter itselde front in nij ynstrumint mei behâld fan ferskate registers.

Yn 1918 wurke Harrison & Harrison oan it oargel en waard de Tuba Mirabilis tafoege en de Great chorus revisearre. Yn 1931 waarden in nije spyltafel boud, de traktueren elektro-pneumatysk oanlein en fjouwer nije registers tafoege. Yn 'e jierren 1960-1961 waard it oargel troch J.W. Walker & Sons (Londen) nochris reogeanisearre en oant 78 registers útwreide. Itselde oargelbedriuw makke it ynstrumint yn 1982 skjin.

De brân fan 1984 brocht skea oan it oargel, mar it wie te reparearjen, De skea ferhastige lykwols de tiid foar in grutte restaurasasje, dy't yn 1991 útein sette en twa jier letter troch Principal Pipe Organs út York foltôge waard û.l.f. syn stifter Geoffrey Coffin. Tsjintwurdich hat it oargel 84 registers op fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektrysk. De pipen binne oan de bûtenkant beskildere.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:York Minster