Abbaye aux Hommes
Abbaye aus Hommes | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Normandje | |
departemint | Calvados | |
plak | Caen | |
adres | Esplanade Jean-Marie Louvel | |
koördinaten | 49° 10' N 0° 22' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
oarde | Benediktinen | |
oprjochting | 11e iuw | |
opheffing | 1791 | |
patroanhillige | Stefanus | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 11e-18e iuw | |
boustyl | romaanske arsjitektuer, klassisisme | |
monumintale status | Histoarysk monumint | |
Webside | ||
Offisjele side fan de abdijtsjerke | ||
Kaart | ||
De Abbaye aux Hommes is in eardere benediktynske abdij yn de Frânske stêd Caen. De abdij waard troch Willem de Oermasterer stifte om't er troud wie mei syn nicht, Mathilde fan Flaanderen. Dat brocht Willem yn tsjok waar mei de paus. Hy mocht it wer goedmeitsje troch in abdij te stiftsjen. Nei syn dea waard er yn de kleastertsjerke byset. Ek syn frou stifte in abdij, mar dan foar nonnen. Tusken beide abdijen yn stiet de boarch, dêr't hja harren residinsje hiene.
Yn de 17e iuw waarden de âlde abdijgebouwen ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou. De Frânske Revolúsje twong de muontsen harren abdij op te jaan, mar de monumintale gebouwen bleaune bestean en de abdijtsjerke waard neitiid in parochytsjerke. De tsjerke is in wichtich foarbyld fan romaanske arsjitektuer yn Normandje. Tsjintwurdich is de abdij it Hôtel de Ville fan Caen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1050 of 1051 hinne troude Willem fan Normandje, bekend as de Bastert, mei Mathilde fan Flaanderen. Hja wiene famylje fan inoar oant in graad, dy't troch it tsjerklik rjocht ferbean is. Der koe dispinsaasje frege wurde oan de paus, mar dat hie Willem net dien. Aartsbiskop Mauger fan Rouen liet it pear ekskommunisearje. Yn 1059 ûntfong paus Nikolaas II Lanfranc de Pavie, in skolastikus fan de abdij fan Bec, en hy fungearre as skeakel tusken de hartoch en de paus. De fraach oft it sa gien is bliuwt ûnwis: de Frânske histoarikus Michel de Boüard (1909-1989) gyng nei Rome om te sykjen nei bewizen fan de pauslike ekskommunikaasje, mar koe gjin sanksje fine. Lanfranc krige de opdracht om de bou te begelieden en wie ek de earste abt fan it kleaster.
De bou fan de abdijen kin ek in polityk doel tsjinne ha. Willem hie yn it earste diel fan syn regear te meitsjen mei de Normandyske baronnen en besocht syn autoriteit fêst te lizzen troch krekt yn it diel, dêr't it ferset it meast te ferwachtsjen wie, in kastiel mei abdijen te bouwen dy't him by opskuor stypje koene. Willem en Mathilde feroare sa fan in sintrum fan ferset yn in bolwurk fan eigen macht. Om 1063 hinne naam Willem it beslút in benediktynske abdij te stiftsjen en te wijen oan Sint-Stefanus yn it sintrum fan de nije westlike útwreiding fan Caen. It útsûnderlik grutte súkses fan de Noarmannen docht bliken út de tsjerke fan Sint-Stefanus. It makke in tige flugge útfiering mooglik om't Willem der gjin muoite mei hie om yn Ingelân te plonderjen foar de bou fan de abdijen yn Caen. In soad Ingelske doarpen en Londen soene noch iuwenlang bydrage oan de abdijen. Dêrnjonken kaam it boumaterjaal út in groeve yn Caen, sadat der gjin tiid ferlern gyng mei transport.
Op 18 juny 1066 waard de abdij yn oanwêzigens fan de wichtichste baronnen fan Normandje, de aartsbiskop fan Rouen en de biskoppen fan Bayeux, Lisieux, Avranches en Évreux, de abten fan Bec, Fécamp, Saint-Ouen de Rouen, Mont-Saint-Michel, Saint-Wandrille de Fontenelle, Saint-Vigor, Lonlay en Évron ynwijd.
Yn maaie 1204 beset kening Filips II Augustus Caen, mar de abdijen bleaune harren erfgoed yn Ingelân hâlden oant Hindrik IV begjin fan de 15e iuw dy yn beslach naam om de skea fan de Hûndertjierrige Kriich betelje te kinnen.
Hûndertjierrige Kriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hûndertjierrige Kriich brocht de abdij yn de frontliny fan de striid. Nei de oermastering fan Caen troch Frankryk yn 1346, krigen de muontsen de opdracht om fersterkings oan te bringen, om't de abdij bûten de muorren fan de stêd stie. Tsjin it ein fan de 17e iuw namen de muontsen it beslút om alle abdijgebouwen útsein de kleastertsjerke op 'e nij op te bouwen.
Op 4 septimber 1414 nimme troepen fan Hindrik V Caen yn, wêrby't it ferrie fan in muonts fan de abdij in beslissende rol spile. De Frânske ferdigeners hiene fan doel west de tuorren fan de tsjerke te ferneatigjen, mar de ynname ferhindere dat. Op 11 juny 1450 besette de Frânske kening Karel VII Caen op 'e nij.
Ferfal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dêrnei waard it systeem fan in commendam ynfierd en mei sette in tiidrek fan religieus ferfal yn. De abten wiene net in soad yn de abdij oanwêzich en holden harren fral mei jildsaken dwaande. De muontsen waarden mear sekulier as religieus en it tal muontsen naam ek ôf. Troch de mienskip harren tradisjonele abt ôf te nimmen feroare de benediktynske organisaasje slim. De macht en ynfloed, geastlik en materjeel, oer it lot fan it kleaster kamen folslein yn hannen fan de abten te lizzen.
Yn 1562 en 1563 waarden by de godstsjinstkrigen de tsjerke plondere troch troepen fan Montgommery. De ramen, de oargels en it meubilêr waarden ferneatige. Protestanten fernielden it grêf fan Willem de Oermasterer oant twa kear ta. By de earste kear koe in muonts de bonken fan Willem noch feilich stelle, mar de twadde kear slagge dat net en op in bilbonke nei is doe it hiele bonkerak fan Willem ferlern gien. By it ynstoarten fan de krusingstoer yn 1566 waarden de ferwulften fan it koer fan de abdijtsjerke ferneatige. It parlemint yn Rouen hie besletten it hiele koer ôf te brekken, mar in muonts mei de namme Jean de Baillehache slagge der yn om it beslút te annulearjen en naam mei de weropbou fan it koer ek de restauraasje fan de tsjerke op him. De abdijtsjerke waard op 18 maaie 1626 op'e nij ynwijd.
Opbloei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 17e iuw en de 18e iuw brochten de abdij wer in nije tiid fan bloei. Op 6 july 1663 ûndertekenen de muontsen fan de abdij in ferdrach mei de kongregaasje fan Sint-Maurus, in benediktynske kongregaasje dy't yn 1621 stifte wie en bekend stie fanwegen it hege yntellektuele gehalte. De mienskip waard oanfolle mei muontsen fan dy kongregaasje en der waard útein set mei in renovaasjeprogramma fan de abdij. Njonken renovaasje fûn der ek nijbou plak. De omjouwing fan de abdij waard opknapt en de mauristen herstelde ek de monastike disipline. Oan it begjin fan de Frânske Revolúsje stie de abdij der nettsjinsteande alle wurksumheden finansjeel tige goed foar.
Frânske Revolúsje en 19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 17 maaie 1790 beslút de Nasjonale Gearkomste fan Frankryk de kleasteroardes te ferbieden. Dat hie ek gefolgen foar de benediktynske kleasters fan Caen. De muontsen waarden op 2 novimber 1790 út harren abdij set en de stêd naam de gebouwen oer om dêr in sikehûs yn ûnder te bringen, mar lang om let waard it gebou brûkt troch oerheidstsjinsten. De oan Stefanus wijde tsjerke waard yn 1793 ûnthillige en wijd oan de kultus fan de Rede. Sûnt 1800 waarden de abdijgebouwen yn gebrûk nommen troch it lyseum fan Caen.
Doe't it konkordaat fan 1801 yn 1802 fan krêft waard, mocht de katolike earetsjinst yn de âlde abdijtsjerke wer fierd wurde, mar de muontsen kamen net werom en de tsjerke waard in parochytsjerke.
Allinne it út 1750 detearjende âlde gasthûs krige letter wer in kleasterfunksje. It gebou waard tawiisd oan de susters fan de Oarder fan de Fisitaasje, dy't yn de revolúsjetiid ek út harren kleaster ferdreaun wiene en dat omfoarme wie ta in kazerne. Hja joegen de gebouwen in nije ynrjochting en wreiden se út. In earste kapel waard yn 1812 boud, folge troch in twadde tsjerke, dy't letter tusken 1890 en 1892 wer waard ferfongen troch it hjoeddeiske gebou. De susters leine ek in grutte kleastertún oan yn it suden fan it ferbliuw.
De abdij waard yn de rin fan de jierren ferboud foar it ûnderbringen fan studinten. Yn 1880 waarden de sellen fan de muontsen ôfbrutsen om plak te meitsjen foar grutte sliepsealen. Ek de kleastertún feroare en der waarden yn de kleastertún nije skoalgebouwen byboud.
20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Twadde Wrâldkriich die de abdij tsjinst as sikehûs en om flechtlings op te fangen, wylst de kelders fan de abdij tsjinnen as skûlplak by bombardeminten. Nei de Twadde Wrâldkriich krige de skoalle nijbou. De frijkommende romte wie ornearre foar it Musée des Beaux-Arts de Caen en it nij stifte Musée de Normandie, mar de plannen duorren langer en lang om let krigen de musea nijbou yn it Château de Caen. Sûnt de iepening fan it nije lyseum yn 1961 brûkt it gemeentebestjoer fan Caen de abdij, dy't foar dat doel renovearre waard. Yn 1964 waarden de tunen neffens 17e-iuwske ûntwerpen wer op 'e nij oanlein.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Abdijtsjerke (11e oant 17e iuw).
- De Wikipedy hat ek in side Sint-Stefanustsjerke (Caen).
- It Palais Ducal (14e iuw), tsintwurdich in trije ferdjippings tellend gebou fan 47 meter by 12 meter, waard ek wol it Paleis fan Willem neamt. It waard yn de 14e iuw boud, nei alle gedachten om wichtige gasten fan de abdij yn ûnder te bringen. It gebou waard skeind yn de godstsjinstkrigen en tsjin it ein fan de 16e iuw feroare yn in opslachskuorre. Nei de Frânske Revolúsje waard der iten opslein foar it leger. It paleis ûndergyng yn de jierren 2012-2013 in grut restauraasjeprogramma.
- De Salle des Gardes (14e iuw) waard as ûntfangstromte foar wichtige gasten fan de abdij brûkt; de boppeseal waard ek brûkt om rjocht te sprekken of om de skatkiste fan Normandje te bewarjen. Ek de provinsjale steaten brûkten de Wachtkeamer. De namme fan de seal datearret fan de 17e iuw, ek al waard de seal nea brûkt om der in garnizoen wachters yn ûnder te bringen. Tussen 1968 en 1976 waard it gebou restaurearre en rekonstruearre.
- Fêstingwurken (14e iuw): Op twa plakkken binne der oerbliuwsels fan de 14e-iuwske fêstingwurken: in muorre en in toer (rue du Carel) en de Toer fan Willem oan it ein fan de binnenhôf fan it Palais Ducal (rue Lebailly).
- Le Boulangerie (17e iuw) stiet op it súdlikste diel fan de abdij. De eardere bakkerij is in lyts gebou út de 17e iuw en sûnt 1974 is der in Natoermuseum ûnderbrocht.
- De âlde kleastergong waard yn de 18e iuw ferfongen troch de hjoeddeiske. De eastlike fleugel waard tusken 1725-1728 boud, de noardlike tusken 1734-1736 en de westlike yn 1741.
- De weropbou fan it abdijgebou sette yn 1704 útein mei de earstestienlizzing foar de eastlike fleugel troch de biskop fan Bayeux. It wurk einige yn 1726. It 105 meter lange abdijgebou waard oan it sudlike dwersskip fan de abdijtsjerke boud. It trije ferdjippings tellende gebou is 20 meter heech, ôfsletten mei in mansardedak en bestiet út de âlde sakristy, de kapittelseal (yn de tiid fan it lyceum in kapel en tsjintwurdich trouseal) en it âlde skriptoarium (wurdt tsjintwurdich brûkt foar útstallings). De refter is tsjintwurdich de ûntfangsthal. Yn de kelders is noch in wynparse út de 17e iuw, dy't de muontsen brûkten foar it meitsjen fan sider. Oant yn de 19e iuw waard de wynparse noch brûkt yn opdracht troch it lyceum.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Abbaye aux Hommes
|