Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Heafoarke

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 apr 2013 om 00.16 troch Addbot (oerlis | bydragen) (Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2719479 (translate me))
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Man mei in twatyn
In trijetyn

In heafoarke is in stik lânbouark om dingen as hea en strie op ienfâldige wize fan it iene nei it oare plak te bringen. It ark hat de foarm fan in foarke.
In heafoarke hat in lange stâle mei twa (in twatyn) as trije tinen (in trijetyn). De lange stâle is nedich om de mannichte hea as strie heech op de heawein te smiten.

De heafoarke hat in soad fan de dongfoarke, mar de lêste hat meast fjouwer tinen en in koartere stâle, faak mei in hângreep.