Lienwurd: ferskil tusken ferzjes
bs |
PieterJanR (oerlis | bydragen) L Link gelijk aan linktext |
||
Rigel 5: | Rigel 5: | ||
*it [[Frânsk]], bgl. [[fúljeton]], [[horloazje]], [[keatsen]], [[sjoernalist]] |
*it [[Frânsk]], bgl. [[fúljeton]], [[horloazje]], [[keatsen]], [[sjoernalist]] |
||
*it [[Gryksk]], bgl. [[amnesty]], [[dialooch]], [[mûnts]], [[panteön]] |
*it [[Gryksk]], bgl. [[amnesty]], [[dialooch]], [[mûnts]], [[panteön]] |
||
*it [[Ingelsk]], bgl. [[ |
*it [[Ingelsk]], bgl. [[kompjûter]], [[plestik]], [[science fiction]], [[thriller]] |
||
*it [[Latyn]], bgl. [[yndustry]], [[kamera]], [[konsulaat (diplomasy)|konsulaat]], [[rekreaasje]] |
*it [[Latyn]], bgl. [[yndustry]], [[kamera]], [[konsulaat (diplomasy)|konsulaat]], [[rekreaasje]] |
||
Ek oare talen hawwe har bydrage levere oan it hjoeddeistige Frysk, lykas: |
Ek oare talen hawwe har bydrage levere oan it hjoeddeistige Frysk, lykas: |
De hjoeddeiske ferzje sûnt 19 jan 2021 om 13.14
In lienwurd is in wurd dat troch de (sprekkers fan 'e) iene taal út 'e oare taal oernommen is, sûnder dat dêrby oersetting plakfynt. Dêrmei ûnderskiedt in lienwurd him fan in lienfertaling, wêrby't net it wurd sels, mar de betsjutting oernommen wurdt yn in oare taal (bgl. "mei-lijen" fan it Latynske com-passio). Wol is it mooglik dat de útspraak fan in lienwurd oan 'e nije taal oanpast wurdt, in proses dat ferbastering neamd wurdt. Soms is it lienwurd dêrtroch nei ferrin fan tiid suver net mear werom te kennen (lykas it Fryske "perfoarst", dat fan it Frânske par force komt). Oare lienwurden binne al sa lang lyn oernommen (blg. "keatsen" fan it Frânske chasser), dat nimmen der noch wat efter siket.
It Frysk hat fral in protte lienwurden oernommen út:
- it Dútsk, bgl. abseilen, krimy, langlaufen
- it Frânsk, bgl. fúljeton, horloazje, keatsen, sjoernalist
- it Gryksk, bgl. amnesty, dialooch, mûnts, panteön
- it Ingelsk, bgl. kompjûter, plestik, science fiction, thriller
- it Latyn, bgl. yndustry, kamera, konsulaat, rekreaasje
Ek oare talen hawwe har bydrage levere oan it hjoeddeistige Frysk, lykas:
- it Arabysk, bgl. admiraal, algebra, alkohol, almenak
- it Azteeksk, bgl. kakao, patat, tomaat
- it Finsk, bgl. sauna
- it Iislânsk, bgl. geiser
- it Italjaansk, bgl. kasino
- it Japansk, bgl. haikû, karaoke, tsûnamy
- it Jiddysk, bgl. klezmer, mazzel, mesjogge
- it Lakota, bgl. tipy
- it Polynezysk, bgl. taboe, tatoeaazje
- it Russysk, bgl. tolk, tsaar
- it Swahily, bgl. safary
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |