Dialooch
In dialooch is in petear tusken twa persoanen (yn 'e ingere sin), of tusken mear as twa persoanen (yn 'e rommere sin). De term is in gearstalling fan it Grykske διά, dia ("troch") en λόγος, logos ("wurd") (en net fan logos en δι-, di, "twa-", sa't faak tocht wurdt). In dialooch kin in petear wêze tusken twa partijen, lykas twa buorlju dy't in praatsje oer it waar meitsje of wurkjouwersorganisaasjes en fakbûnen dy't ûnderhannelje oer in nije CAO. It kin ek in petear tusken twa personaazjes yn in boek wêze, en ien fan 'e âldste betsjuttings fan in dialooch is as in spesifyk literêr sjenre. Dat waard yntrodusearre troch de Aldgrykske wiisgear Plato, dy't syn filosofyske tinkbylden yn 'e foarm fan in dialooch tusken in stikmannich personaazjes geat, om syn ideeën tagonkliker te meitsjen foar leken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |