Linden (Guyana)
Appearance
Linden | ||
Kaart fan Guyana mei Linden | ||
Bestjoer | ||
Lân | Guyana | |
Regio | Boppe Demerara-Berbice | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 27.277 (2012) | |
Oerflak | 107 km² | |
Befolkingsticht. | 254,93 / km | |
Hichte | 48 m | |
Oar | ||
Stifting | 1916 | |
Tiidsône | UTC-4 |
Linden is in stêd yn Guyana; it is it haadplak fan de regio Boppe Demerara-Berbice. Linden hie 29.502 ynwenners by de folkstelling fan 2002 en is nei de haadstêd Georgetown de grutste stêd fan it lân. De stêd is mei in autodyk en de rivier de Demerara mei Georgetown ferbûn.
Yn de omkriten fan Linden sit in soad bauksyt dat middels deibou wûn (60 oant 90 m djip) wurdt en yn in tichteby lizzend yndustrykompleks ferwurke wurdt. De smoarge reek dy't by it bewurkjen frijkomt is in grutte belêsting foar it miljeu en de befolking dêre.
Yn 1946 krige Linden de Mackenzie High School.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1970 | 1980 | 1991 | 2002 |
Ynwennertal | 23.956 | 30.043 | 30.366 | 29.502 |