Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Robyn (sjongster)

Ut Wikipedy
Robyn yn 2005

Robin Miriam Carlsson (Stokholm, 12 juny 1979), better kend ûnder har artystenamme Robyn, is in Sweedske sjongster. Ein jierren '90 hie se súkses mei de singles Show me love en Do you know (What it takes). Yn 2007 kaam hja werom mei it nûmer With every heartbeat.

De earste sân jier fan har libben wie hja altyd op'in paad, want har heit wie toanielregisseur en mem wie aktrise yn itselde toanielselskip. Doe't Robyn 13 wie, waard se ûntdekt troch de Sweedske sjongster Meja (fan All 'bout the money), doe't sy in selsskreaun liet oer de skieding fan har heit en mem song.

Nederlân kaam yn de kunde mei Robyn yn 1997 doe't hja in hit hie mei Do you know (What it takes), folge troch it album Robyn is here. Dêrnei helle Show me love yn 1998 nûmer 23 yn de Nederlânske Top 40. Dêrnei kaam sy earst werom yn 2002 mei de single Keep the fire burning, fan it album Don't stop the music. De single kaam net fierder as nûmer 33 yn de Top 40.

2007 kaam har 4e album Robyn út mei de track With every heartbeat. Yn de UK Singles Chart helle de single it earste plak, en yn Nederlân waard it har grutste hit oant no ta.

Yn 2008 stiet Robyn yn it foarprogramma fan guon optredens fan Madonna's Sticky & Sweet Tour, ûnder oaren op 2 septimber 2008 yn de Amsterdam ArenA.

Robyn docht ek mei op de CD Junior fan de Noarske band Royksopp.

In karút:

  • Robyn Is Here (1995)
  • My Truth (1999)
  • Don't Stop the Music (Robyn album) (2002)
  • Robyn (album) (2005)
  • Body Talk Pt. 1 (2010)
  • Body Talk Pt. 2 (2010)
  • Body Talk (2010)


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]