Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

A.L. Snijders

Ut Wikipedy
A.L. Snijders
skriuwer
Snijders yn 2018
Snijders yn 2018
persoanlike bysûnderheden
berne 1937
berteplak Amsterdam
stoarn 2021 (83 jier)
stjerplak Klein Dochteren
wurk
taal Nederlânsk
sjenre tige koart ferhaal, kollumn
útjouwer Thomas Rap, AFdH
prizen Constantijn Huygens-priis
offisjele webside
DBNL-profyl

A.L. Snijders, pseudonym fan Peter Cornelis Müller (Amsterdam, 24 septimber 1937Klein Dochteren ûnder Lochem, 7 juny 2021), wie in Nederlânske learaar en skriuwer. Hy beoefene it literêr sjenre dat it 'tige koarte ferhaal' (zeer korte verhaal, (tkf/zkv) neamd wurdt.

A.L. Snijders studearre Nederlânsk oan de Universiteit fan Amsterdam en wie tusken 1965 en 1998 as learaar Nederlânsk wurksum op ferskate middelbere skoallen en de plysjeskoalle 'De Cloese' yn Lochem. As skriuwer debutearre er yn 1992 mei Ik leef aan de rand van de wereld. Hy makke dêrnei furoare as auteur fan kollums (ûnder oare by Het Parool) en stiet no bekend as ien fan de skriuwers spesjalisearre yn it tige koarte ferhaal. Yn 2006 ferskynde yn de rige fan de Stichting De Roos it boek L.H. en A.L. / A.L. en L.H., dat er tegearre mei de auteur L.H. Wiener skreau. Yn itselde jier ferskynde by AFdH Uitgevers de earste zkv-bondel, mei de titel Belangrijk is dat ik niet aan lezers denk mei in foaropwurd fan Tommy Wieringa. Dêryn binne 336 tkf's sammele. De bondel waard yllustrearre troch syn jongste soan, Gijs Müller (1971). Yn 2010 krige er de Constantijn Huygens-priis foar syn hiele oeuvre. Sûnt 2012 wurdt der in A.L. Snijderspriis útrikt foar ferhalen fan maksimaal 220 wurden.

Hy lies wykliks in eigen tkf foar yn it VPRO-radioprogramma De Avonden, oant dat yn desimber 2013 opheft waard. Hy lies syn ferhalen ek foar yn it KRO-NCRV-radioprogramma De Ochtend van 4, op sneintemoarn. Hy wie geregeld te gast op ferskate literêre poadia.

Sûnt 11 maaie 2015 publisearre A.L. Snijders alle wiken in tkf yn DS Weekblad, in wykeinbylage by de Belgyske krante De Standaard. Yn itselde jier makke er foar Nederland Leest in karlêzing mei fjirtich koarte ferhalen fan oaren, as 'staalkaart' fan de Nederlânske literatuer. Dy ferskynde yn novimber 2015. Ek skreau er jierrenlang tkf's foar de VPRO-gids.

  • Ik leef aan de rand van de wereld, 1992
  • Het kalme glijden van de boot naar de waterval, 1992
  • De taal is een hond (Berichten aan een hoofdredacteur), 1993
  • De incunabel, 1994
  • Ik ben de vreemdeling die naar de herfst moet gaan: over woorden, dichtregels en boeken, kollumns, 1997
  • Niets is zo mooi als nutteloze kennis, 1998
  • Lood: zkv 2003, 2002
  • Belangrijk is dat ik niet aan lezers denk, 2006
  • Heimelijke vreugde, 2007
  • Zomerboek 2008
  • Bordeaux met ijs, 2008
  • De Mol, 2008
  • Een handige dromer, 2009
  • Vijf bijlen, 2010
  • Opmerkingen, 2010
  • Broer, 2010
  • Paard, 2010
  • Een handige dromer. Een keuze uit de zkv's 2009-2010, 2010
  • Voordeel schutter: columns en brieven, 2011
  • Danslessen voor gevorderden, mei Willem Snitker, 2011
  • De incunabel, 2011
  • De geur van carbolineum: boerenschuren op erf en land, mei Lyde de Graaf, 2011
  • Brandnetels & verkeersborden: 194 zkv's, 2012
  • Ruim water: columns en brieven, 2012
  • Dode kat, 2012
  • Wapenbroeders: 131 zkv's, 2013
  • Kuikens: 3 zkv's, 2013
  • De hartslag van de aarde: dertien zkv's over muziek en stilte, 2013
  • Paspoort: zeer kort verhaal, 2014
  • WFH, 2014
  • De libelleman, 2015
  • De schrijfmachine van mijn grootvader, 2016 (Utj. De GeitenPers)
  • Het oog van de naald, 2018
  • Doelloos kijken, 2019
  • Tat Tvam Asi, 2021

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: