Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Aailân

Ut Wikipedy
Aailân op in kaart fan de Frânske geograaf Guillaume Delisle útjûn yn Amsterdam yn 1743 (orizjineel yn Parys fan 1702

Aailân is de namme fan it noardlike diel fan it waadeilân Teksel.

Oant de 13e iuw foarme Aailân in diel fan Flylân. It wie doe fan Teksel skieden troch it Anegat, dat destiids sawat op it plak lei dêr't no De Slufter leit. Oan de ein fan de trettjinde iuw ûntstie it Aailânske Gat en rekke Aailân ek los fan Flylân. It wie sadwaande in echt eilân wurden. Yn de wandasêge wurdt in ferklearring jûn foar dit natuerbarren.

Yn de rin fan de 16e iuw slibbe it Anegat tusken Teksel en Aailân ticht, en ûntstie der tusken de eilannen in hege sânbank dy't allinnich noch by ekstreem hege wetterstannen ûnder rûn. Yn 1630 waard op dy sânbank de Sândyk oanlein en sa waarden de beide eilannen troch dy dyk ferbûn. Yn 1835 waard, ûnder lieding fan Nicolas Joseph De Cock út Antwerpen begûn mei de ynpoldering fan de kwelderflakte dertusken, mei as doel it wûne lân te brûken foar lânbou. Sa ûntstie de Aailânske polder, dêr't de doarpkes De Cocksdoarp, Midden-Aailân en Súd-Aailân yn lizze. Letter waarden oan de râne fan dizze polder mear kwelders yndike. Benammen yn dit diel fan Teksel spile him yn de Twadde Wrâldoarloch de opstân fan de Georgjers ôf.

De namme Aailân wiist derop dat op it eardere eilân in soad seefûgelaaien socht waarden. Dy aaien gienen nei de Amsterdamske bakkerijen.

Aailân is ek de namme fan in fjoertoer op Aailân/Teksel, sjoch Fjoertoer Aailân