Abessynske hazze
Abessynske hazze | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lepus habessinicus | ||||||||||||
Hemprich & Ehrenberg, 1832 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
- Net te betiizjen mei de Etiopyske hazze, in oare hazzesoarte.
De Abessynske hazze (wittenskiplike namme: Lepus habessinicus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dit bist komt foar yn 'e Hoarn fan Afrika. Oer de status fan soarte foar de Abessynske hazze bestiet noch in beskate mjitte fan ûnienichheid, mei't party saakkundigen dit bist sjogge as in ûndersoarte fan 'e Kaapske hazze (Lepus capensis). De Abessynske hazze ("Abessynsk" komt fan Abessynje, in âlde namme foar Etioopje) moat net betize wurde mei de Etiopyske hazze (Lepus fagani), in besibbe hazzesoarte. De IUCN klassifisearret de Abessynske hazze as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soartstatus fan 'e Abessynsk hazze is omstriden mei't party soölogen dit bist as in ûndersoarte fan 'e Kaapske hazze (Lepus capensis) beskôgje. Mar op grûn fan it oerlaapjen fan it ferspriedingsgebiet fan 'e Abessynske hazze mei dat fan 'e Kaapske hazze nimme de measte saakkundigen oan dat it om ferskillende soarten giet. It soe nammers hiel ûngewoan wêze as der twa ûndersoarten fan ien soarte (yn dit gefal de Kaapske hazze) njonkeninoar yn in beskaat gebiet foarkamen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Abessynske hazze is yn syn fersprieding hast hielendal beheind ta de Hoarn fan Afrika. Dêr komt dit bist foar yn hiel Dzjibûty, op it uterste súdwesten nei hiel Eritreä en it noardlike trijefearn fan Somaalje. Ek libbet de Abessynske hazze yn 'e Ogadenflakte fan súdeastlik Etioopje, yn it suden fan it Etiopyske Heechlân yn súdlik Etioopje en yn 'e Danakildepresje yn it noardeasten fan it lân. Bûten de Hoarn fan Afrika komt de Abessynske hazze ek foar yn twa dielen fan eastlik Sûdaan en yn 'e grinsstreek fan noardlik Kenia.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Abessynske hazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 40–55 sm, mei in sturtlingte fan yn trochsneed 81/2 sm en in gewicht fan likernôch 2 kg. De sêfte en tichte pels is op 'e rêch grizich brún mei swarte hierren dertrochhinne, en op 'e bealch wyt. In tinne sânkleurige of bêzje bân oer de siden hâldt de beide kleuren útinoar. It kin is witich en guon eksimplaren hawwe ek witige rânen om 'e eagen hinne. De earen binne yn ferhâlding ta de lichemsgrutte tige lang mei swarte rânen. De sturt is fan boppen swart en fan ûnderen wyt.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abessynske hazzen komme foar op savannes, iepen gersflakten en steppes, en dêrnjonken ek wol yn drûgere healwoastyn- en woastynbiotopen, salang't der mar wat strewelleguod groeit dat beskûl biedt. Yn berchtmen komt dizze soarte foar oant in hichte fan 2.000–2.500 m.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it hâlden en dragen fan 'e Abessynske hazze is net folle bekend, mar men nimt oan dat it net folle ôfwykt fan dat fan besibbe hazzesoarten. It is in herbivoar bist, dat benammen gerzen en krûden fret. Wierskynlik is de Abessynske hazze in nachtdier.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Abessynske hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Belege, op dizze side
|