Aleksander Fjodorovitsj Mosjaisky
Aleksander Fjodorovitsj Mosjaisky (Russysk: Александр Фёдорович Можайский; Kotka (Finlân), 21 maart 1825 - Sint Petersboarch, 1 april 1890) wie in Russysk marineofsier en loftfeartpionier. Yn 1883 boude er de earste mei in stoommasine oandreaune fleanmasine yn de skiednis fan syn lân.
Mosjaisky wie in protte jierren fan syn libben op see. Yn dy tiid waarden wol draken brûkt foar it oerbringen fan sinjalen tusken skippen, sadwaande learde er faaks oer de swierrichheden fan de bou fan tastellen swierder as lucht. Om 1860 hinne besleat er him ta te lizzen op de bou fan fleanmasines.
Yn 1884 mislearre de earste flecht mei de iendekker (hy makke in spronkje fan sa'n tritich meter). It tastel woech 934 kg, hie in fleugeloerflak fan goed 300 m² en wie útrist mei trije stoommasines, totaal fermogen 50 Hk (2 x 20 en 1 x 10 ). Dy masines makken it tastel fierstente swier. Boppedat hiene fleugels hiene gjin kurve om lift te jaan. Om gong te meitsjen liet er it tastel fan in houten skeante ride. Mosjaisky hat noch wol eksperimintearre troch de fleugels ûnder ferskillende hoeken te setten, mooglik hie it tastel sa wol fleane kinnen, mar dat koe net yn de praktyk test wurde omdat dêr mear motorfermogen foar nedich wie en Mosjaisky hie gjin bettere motors ta foldwaan yn dy tiid.
Yn 1909 woe in Russyske krante hawwe dat Mosjaisky syn spronkje de earste motorisearre 'flecht' west hie. Dy kleem waard letter ûnder it Sovjetregear noch faak werhelle. Undersyk troch de TsAGI (Tsentralniy Aerogidrodinamicheskiy Institut) yn de santiger jierren hat útwiisd dat de claim ûnrjochtlik wie, dat Mosjaisky syn oarspronklik tastel net fleane koe meidat de fleugels gjin lift joegen en de motors te min fermogen hiene. Teffens die út it ûndersyk bliken dat mei de sterkere motor, dy't Mosjaisky flak foar dea yn gedachten hie, it tastel faaks wol fleane kind hie.[1][2]
Dochs hat Mosjaisky syn fertsjinsten foar de fleanderij hân, benammentlik wat de bestjoering en de oandriuwing oanbelangje, de beheinde technyk fan syn tiid yn acht naam.[2]
Asteroïde 2850 Mosjaisky is nei him fereamd.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- www.flyingmachines.org - Koarte biografy en syn wurk (in)
- Alexandr Fyodorovich Mozhaisky (1825-1890) by www.ctie.monash.edu.au (in)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|