Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Anet Bleich

Ut Wikipedy
Anet Bleich
Anet Bleich yn 1979
Anet Bleich yn 1979
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ada Netty Bleich
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 2 septimber 1951
berteplak De Haach
wurkpaad
berop/amt Sjoernalist
aktyf as Redakteur, kollumnist
Anet Bleich en Max van Weezel

Ada Netty (Anet) Bleich (De Haach, 2 septimber 1951) is in Nederlânsk sjoernaliste, politikolooch, kollumniste en skriuwster.

Bleich har heit, sjoernalist Herman Bleich (1917-1995), wie in Joadske politike emigrant. Hy flechte nei de Twadde Wrâldoarloch fan Poalen nei Dútslân en Frankryk en fan Tsjecho-Slowakije nei Switserlân om him op it lêst yn De Haach fêstigjen. Hy wie yn de jierren nei de oarloch yn Nederlân foarsitter fan de Bûtenlânske Parseferiening en fyftich jier lang korrespondint yn Nederlân foar Dútske kranten. Yn 1995 ferstoar er yn Israel.

Anet Bleich gie nei it Gymnasium Haganum, dêr 't se haadredakteur wie fan it skoalblêd Spectemur Agendo.

Se studearre politike wittenskippen oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1969 en 1970 wie se ûnder har stúdzje lid fan de Werkende Jongeren Groep, dy't yn 'e linkse studintebeweging fan de universiteit ûntstien wie. Njonken Anet Bleich wie ek har partner Max van Weezel lid fan dy groep. Se wie fan 1972 oant 1975 (of 1977?) lid fan de Kommunistyske Partij fan Nederlân (CPN). Nei de ein fan de Kâlde Oarloch wie se kritysk oer har linkse eftergrûn. Neffens har moat der ûnderskied makke wurde tusken de ferskate fazen en foarmen fan it kommunisme. It kommunisme wie neffens har net mear libbensfetber as it demokratisearre wurdt. Ofskaffe wie iennige om it te herfoarmjen.[1]

Bleich wie redakteur fan it opinyblêd De Groene Amsterdammer en waard yn 1989 kollumniste by de Volkskrant. Se troude mei Max van Weezel en sy krigen yn 1986 in dochter, Natascha van Weezel dy't skriuwster en filmmakker wurde soe.

Behalve har aktiviteiten yn it linkse, feministyske en yntellektuele fermidden spile har Joadske komôf in rol yn har wurken. Se leveret bydragen oan publikaasjes fan de Anne Frank Stichting. Ek wurke se mei oan it Auschwitz Bulletin fan it Nederlands Auschwitz Comité (NAC) en hat se in soad sympaty foar de antyfassistyske beweging yn Nederlân. Dat docht ûnder mear bliken út in artikel dat se tegearre mei Rudi Boon yn it boek Nederlands racisme (1984) skreau en út in stik yn it boek Oud en nieuw fascisme (1981) fan de Anne Frank Stichting.

Op 21 febrewaris 2008 promovearre hja op in biografy fan Joop den Uyl, Joop den Uyl 1919-1987. Dromer en doordouwer. Dat wie de earste biografy oer dy minister-presidint oan de hân fan argyfmateriaal en ynterviews mei belutsen persoanen. Se makke ek gebrûk fan noch net earder frijjûne dielen fan it persoanlik argyf fan Den Uyl. Har promotor wie Piet de Rooy. De biografy halle de foarsiden fan de lanlike deiblêden troch it oan it ljocht kommen fan de Northrop-affêre om prins Bernhard hinne.

Sjoch: Bibliografy Nederlânsktalige Wikipedy

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Max Arian; Sander Peters (3 desimber 1997). "Was lenin erger dan hitler?". Niet alleen in Nederland wordt aan (ex-)communisten gevraagd rekenschap af te leggen over hun verleden. De discussie die Bolkestein hier op gang probeert te brengen, wordt in het buitenland op het scherpst van de snede gevoerd. Met name in Frankrijk is de afrekening met het communisme de laatste jaren een hot item. De Groene Amsterdammer