Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Anne Heche

Ut Wikipedy
Anne Heche
akteur
Anne Heche (2014)
Anne Heche (2014)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 maaie 1969
berteplak Aurora
stoarn 12 augustus 2022 (53 jier)
stjerplak Los Angeles
jierren aktyf 1988-2022
offisjele webside
(in) IMDb-profyl
moviemeter.nl
Anne Heche by de Emmy Awards (1997)

Anne Celeste Heche (Aurora, Ohio, 25 maaie 1969 - Los Angeles, 12 augustus 2022) wie in Amerikaanske aktrise, filmregisseur en senarioskriuwer.

Se waard yn 2004 nominearre foar in Primetime Emmy Award foar har byrol as Rowena Lawson yn de telefyzjefilm Gracie's Choice. Mear as fiif oare prizen waarden har werklik takend, wêrûnder in National Board of Review Award foar bêste byrolspylster yn 1997 (foar Donnie Brasco en Wag the Dog) en in Daytime Emmy Award yn 1991 (foar har rol yn de soapsearje Another World). Yn 1999 waard se foar har haadrol yn Gus Van Sants Psycho nominearre foar sawol in Golden Raspberry Award (Razzie, satiryske priis foar de minste aktearprestaasje), as foar in Saturn Award (foar de bêste prestaasje yn in horrorfilm).

Heche brocht yn 2001 in autobiografy út mei de titel Call Me Crazy.

Har ferhâlding mei Ellen DeGeneres, mei wa't hja har publike coming out meimakke hie, krige in soad omtinken. Heche waard it mikpunt fan spot en lilkens yn homofermiddens doe't hja koart dêrnei troude mei in kameraman Coley Laffoon. Hja boasken op 1 septimber 2001. Harren soan, Homer, waard seis moanne letter berne op 2 maart 2002. It pear gie út elkoar yn jannewaris 2007.

'Pulling an Anne Heche' waard in populêre útdrukking foar in frou dy't harsels mar tiidlik as lesbysk beskôge. Boppedat waard der suggerearre dat Heche misbrûk fan har relaasje mei DeGeneres makke hie om mear omtinken foar harsels te krijen.

Auto-ûngemak en ferstjerren

Op 5 augustus 2022 rekke Heche, nei alle gedachten ûnder ynfloed fan ferdôvjende middels, slim ferwûne doe 't se yn Mar Vista - in wyk fan Los Angeles - mei har auto in wenning ynried. Se rûn swiere brânwûnen en longletsel op en rekke yn koma. It hûs dat se binnenriden wie, rekke swier skansearre. Teffens hie Heche harsenletsel troch soerstoftekoart. Heche beswike de oare deis oan har ferwûningen en waard op 12 augustus dea ferklearre neffens de wet fan Kalifornië. Famylje en freonen ferklearren dat se harsensdea wie en op dat stuit noch altyd oan de beäzeming lei. Undersocht waard noch oft har organen geskikt wiene foar donaasje.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1992 O Pioneers! Marie
1995 Wild Side Alex Lee
1996 If These Walls Could Talk Christine Cullen
1996 The Juror Juliet
1996 Walking and Talking Laura
1997 Donnie Brasco Maggie Pistone
1997 Volcano Dr. Amy Barnes
1997 I Know What You Did Last Summer Melissa (Missy) Egan
1997 Wag the Dog Winifred Ames
1998 Return to Paradise Beth McBride
1998 Six Days Seven Nights Robin Monroe
2001 Prozac Nation Dr. Sterling
2002 John Q Rebecca Payne
2004 Birth Clara
2004/2005 Everwood Amanda Hayes telefyzjerige
2005 Nip/Tuck Nicole Morretti telefyzjerige
2006 Fatal Desire Tanya Sullivan telefyzjerige
2006 Suffering Man's Charity Helen Jacobsen
2006 Men in Trees Marin Frist telefyzjerige
2014 The Legend of Korra De stim fan Suyin Beifong tekenfilmsearje

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: