Anne Sybesma
Anne Sybesma (Moarrewâld, 14 augustus 1925 - It Hearrenfean, 8 maart 2011) wie in Nederlânsk politikus.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sybesma (ek: Sijbesma) helle as 14-jierrige syn mulo-diploma en gie oan it wurk. Om oan de Arbeitseinsatz te ûntkomen, dûkte hy yn 1943 ûnder. Nei de Twadde Wrâldoarloch gie hy oan it wurk by de gemeentesekretary fan Krimpen aan den IJssel. Hy wurke der noch mar in pear wiken, doe’t hy oproppen waard foar militêre tsjinst. Hy tsjjinne fjouwer jier, yn Nederlân mar ek yn Yndoneezje, en kaam werom yn Krimpen. Troch jûnstúdzjes learde hy by, oant hy yn 1955 beneamd waard ta haad-kommys yn Vollenhove. Yn 1962 waard hy gemeentesekretaris yn Ulrum. Fiif jier letter waard hy beneamd ta boargemaster fan Adorp. Yn 1984 ruile hy Adorp foar Ten Boer.
Sybesma gie yn 1990 mei pensjoen. Hy ferstoar op 85-jierige leeftiid en leit begroeven yn Sauwerd. Hy wie ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
- Frysk soldaat
- Frysk amtner
- Frysk politikus
- Frysk konservatyf
- Nederlânsk soldaat
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- ARP-politikus
- CDA-politikus
- Nederlânsk boargemaster
- Nederlânsk konservatyf
- Underdûker yn de Twadde Wrâldkriich
- Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Moarrewâld
- Persoan stoarn op It Hearrenfean
- Persoan berne yn 1925
- Persoan stoarn yn 2011