Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Arjen Heslinga

Ut Wikipedy

Arjen Heslinga (Stiens, 18 jannewaris 1924 - Delfsyl, 16 april 1945) wie mei Folkert Tolsma en Tamme Zijlstra ien fan de slachtoffers fan Stiens út de Twadde Wrâldoarloch.

Yn jannewaris 1945 waard Arjen mei syn bruorren Sytse en Jacob oppakt om’t hja har net hâlden oan de fertsjusteringsfoarskriften. Doe’t in evakuee by fersin nachts de ljochten in kear brâne litten hie, waard dat troch in Dútske patrûlje opmurken. Arjen, Sytse en Jacob waard oerbrocht nei Sint-Anne. Letter kamen Arjen en Sytse yn de straffinzenis fan Ljouwert wylst Jacob nei hûs ta mocht. Arjen bedarre yn Dútslân en yn 1945 kaam er siik yn Nederlân werom. Hy stoar yn in sikehûs te Delfsyl.

Heslinga waard ynearsten beïerdige yn Delfsyl. Op 18 maaie 1945 waard er opnij begroeven op it Algemiene begraafplak yn Froubuorren.[1]

Yn Stiens is in strjitte nei him neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: