Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Ate de Jong (aktivist)

Ut Wikipedy
Net te betiizjen mei Ate de Jong (filmregisseur), filmregisseur en filmprodusint.

Ate de Jong (Weidum, 1951) is in Frysk sjoernalist en aktivist.

Ate de Jong groeide op yn Weidum as soan fan in suvelarbeider. Fan syn heit de learde er te knokken foar je rjochten en ideeën. ‘En dat der arbeiders en bazen wiene, mar dat bazen net tinke moasten dat se mear wiene as arbeiders. In baas sûnder arbeiders is baas-ôf, mar in arbeider sûnder baas bliuwt noch altyd in arbeider’. Mei syn mem hied er in soad konflikten.

As tsjinstwegerder kaam er as ferfangende tsjinstplicht yn it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer telâne. It wurk lei him wol, mar omdat er dan likegoed yn tsjinst fan Definsje wie waard hy totaalwegerder. It late ta in proses dêr’t hy ta 21 moannen finzenis yn Bankenbosch (Feanhuzen) feroardiele waard. Yn heger berop waard dat feroare yn twa wike finzenisstraf yn Utert.

It betsjutte it begjin fan syn wurkpaad as aktivist. Hy fertelt dêroer yn in ôflevering fan FryslânDOK. Ut syn wenplak Dronryp wei gie er alle dagen nei it Sintrum foar Untwikkelingssamenwerking (COS) yn Ljouwert, nei it Frysk Anti-Faksisme Komitee (FAFK) en letter nei Tûmba, de organisaasje yn Fryslân foar anty-diskriminaasje, mar ek fan aksje. By dat sintrum wie er direkteur. By Tûmba moast er sinjalearje, stypje en benammen neitinke oer: 'hoe kin ik dúdlik meitsje oan safolle mooglik minsken dat yn de wrâld en ek yn Fryslân in soad mis wie'. Tûmba fierde ûnder syn lieding aksjes en socht de publisiteit mei as doel om in soad minsken yn de maatskippij it goede paad te wizen. Ate de Jong betocht dy aksjes faak sels. Hy wie dwers as it gie om saken as berufsferbote yn Dútslân, ekstreem rjochts, it faksisme yn Latynsk-Amearika, diskriminaasje fan it Frysk en de komst fan in útsetsintrum yn Dokkum. Ut syn aksjetiid binne in soad buttons en affysjes oerbleaun. Yn 2014 naam er ôfskied fan syn libbenswurk Tûmba en krige by syn ôfskied in boek mei al syn tinzen der yn. Gauris brûkte er in sitaat fan in âld-fersetsman 'It is goed om op tiid swart-wyt te tinken, mar do moatst nea kleureblyn wurde.'[1]

Yn de jierren santich kaam hy by de Frjentsjerter Krante en rûgele sa de keatswrâld yn.[2] Hy skreau der in boek oer: Op'e tribune.[3] De Jong die in soad sjoernalistyk wurk, nei syn pensjoen skreau er yn de rubryk Stil leven stikjes fan 150 wurden foar nijsblêden.

Ate de Jong skreau boeken oer wenskipbewenners, dakleazen, minsken dy’t kleur bekenne tsjin diskriminaasje, oer keatsen en oer de populêre Cambuurtrener Henk de Jong.

  • Harmonie Weidum 1898-1973 (1973)
  • Wij woane op ut water: furhalen en foto's fan woanskipbewoaners in Sneek, útjouwerij De Espel (1987)
  • Foar in kleurryk Fryslân, útjouwer Frysk Anti-Faksisme Komitee te Ljouwert (1987)
  • Op’e tribune – foar keatspakes en pakes’ keatsers (2010) ISBN 9789033009389
  • En dat foar in kat (2022)
as ko-auteur

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pakhuis De Zwijger
  2. Ivich op it Sjûkelân, kaatsen.nl
  3. Op in bankje - sûnder Bangmapartij, kaatsen.nl