Auke de Vries
Appearance
Auke de Vries (Burgum, 27 oktober 1937) is in Nederlânsk byldhouwer dy't yn De Haach wennet en wurket. Hy krige syn oplieding oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende keunsten yn De Haach (1956) en waard dêrnei ynearsten grafikus. Yn de rin fan de tiid hat er him mear talein op byldhouwen en tekenjen.
Sûnt 1986 hat hy as dosint en professor ferbûn west oan de Ryksakademy yn Amsterdam. Sûnt 1999 hat er ek gastprofessor west oan de "School of Architecture" yn Kopenhagen.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skulptueren fan him binne meast fan metaal en op in protte plakken yn Nederlân te finen, mar ek yn Dútslân, Skotlân en yn Barseloana.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 1997 waard him de Ouborgpriis takend.
- Yn 2005 ûntfong er de Kultuerpriis fan de stêd De Haach.
- Yn 2015 krige er de Wilhelminaring[1] foar syn hiele oeuvre.
- Yn 2019 de Gerrit Benner Priis foar Byldzjende Keunst foar syn hiele oeuvre.[2]
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sûnder titel (1992), Ljouwert
-
Skulptuer foar NAI (1994) yn Rotterdam
-
Landed of Gelandet (2001) yn Berlyn
-
Sûnder titel (2005), Merk Ede
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|