Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Bagawan

Ut Wikipedy
Sint-Jehanneskleaster fan Bagawan
Բագաւանի Սբ. Յովհաննէս Մկրտչի վանք
Ofbyld fan it kleaster (± 1915).
Ofbyld fan it kleaster (± 1915).
Lokaasje
lân flagge fan Turkije Turkije
provinsje Ağrı
Kleastergegevens
denominaasje Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
oprjochting 4e iuw
oprjochter Gregoarius de Ferljochter
Ynformaasje bou
sloopjier 1915
Kaart
Bagawan (Turkije)
Bagawan

Bagawan (Armeensk: Բագաւան) wie in delsetting yn it sintrale diel fan it Keninkryk Armeenje, dat tusken it jier 321 f.Kr. oant 428 n.Kr bestie. It lei noard fan 'e Vanmar oan 'e Murat, in tak fan 'e Eufraat, by Taşteker yn 'e provinsje Ağrı yn it tsjintwurdige Turkije.

Nei it kerstenjen fan Armeenje wie Bagawan it plak fan in grut kleaster, it Sint-Jan de Doperkleaster (Բագավանի Սուրբ Հովհաննես Մկրտչի վանք, Bagawani Soerb-Jovhannês Mkrtitsj Vank). Oant de folkemoard op 'e Armeenjers yn 1915 wie it ien fan 'e wichtichste Armeenske religieus sintra. Yn 1877 waarden it kleaster en de Armeenske delsetting plondere. Yn 1915 folge mei de genoside op 'e Armeenske befolking de folsleine ferneatiging fan it kleaster en de delsettig.

De namme Bagawan bestjut 'stêd fan 'e goaden'. Al foar it kerstenjen fan Armeenje wie it plak ien fan 'e belangrykste hillichdommen. De keninklike famylje fan Armeenje fierde dêr it Nije Jier op 'e earste dei fan 'e earste moanne fan 'e Armeenske kalinder. Bagawan wie ek in sintrum foar de ferearing fan Aramazd, de Armeenske ferzje fan Ahura Mazda en der baarnde in ivich fjoer.

Neffens Agathangelos, de hagiograaf fan Gregoarius de Ferljochter, waard by Bagawan kening Tiridates III, de earste kristlike foarst fan Armeenje, doopt yn 'e Eufraat. Gregoarius soe ek it kleaster stifte ha.

De kleastertsjerke fan Sint-Jan de Doper waard yn 631-639 foltôge. De Turkske namme fan it doarp by it kleaster wie Üç Kilise ("de trije tsjerken"), in ferwizing nei de trije alters fan 'e tsjerke. Oarspronklik hie it it kleaster in hege muorre mei tuorren om de gebouwen te beskermjen. De tsjerke wie 46 m lang, 27 m breed en 20 m heech. Yn 'e 19e iuw waard it kleaster ferlikene mei de Hagia Sofia yn Konstantinopel.

Yn 1877 waard it kleaster troch Koerden plondere. Tagelyk mei de folkemoard op 'e Armeenjers waard it kleaster yn 1915 folslein ferneatige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Bagavan