Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Bakkefean

Ut Wikipedy
Bakkefean
Bakkefeanster Feart
Bakkefeanster Feart
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal 1.890 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 20,34 km², wêrfan:
- lân: 20,25
- wetter: 0,09 km²
Befolkingsticht. 93 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 04' N 6° 15' E
Offisjele webside
Side Bakkefean
Kaart
Bakkefean (Fryslân)
Bakkefean

Bakkefean is it meast eastlike doarp fan de gemeente Opsterlân súdeastlik fan Drachten. Yn 'e himrik fan Bakkefean leit ek de buorskip Allardseach. Oan de Allartseagerdyk leit it trijeprovinsjepunt, dêr't de grinzen fan Fryslân, Grinslân en Drinte gearkomme.

Bakkefean is in brinkdoarp. De brink leit yn it sintrum fan it doarp.

Bakkefean hat 1.890 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Troch't Bakkefean op in âlde sânrêch leit en boppedat by in trochgong yn it fean, luts it plak al sûnt de Stientiid ferkear. It doarp waard it earst yn 1231 neamd, doe't de Fryske helptroepen fan de biskop fan Utert en Drinten dêr in fjildslach útfochten hienen.

Yn de 13e iuw wenne hjir de kluzener Doda. Syn neifolgers ferienigen harren mei kleaster Mariëngaard en sa ûntstie de úthôf Mariengaard, leveransier fan turf. Yn de Tachtichjierrige Oarloch (1583) waard it doarp, mei de tsjerke, troch de Spanjerts ferwoaste. It hjoeddeistige Bakkefean is ûntstien oan de feart by de feanûntginning yn 1660. It is dêrtroch in echt streekdoarp.

Besuden en súdwestlik fan in dobbe oan de Miumer, krekt efter de Bakkefeanster dunen, binne restanten fan in fol-midsiuwsk doarp fûn. It doarp moat al foar 1230 ferdwûn wêze.

Fan 1932 oant 1988 stie de Folkshegeskoalle Allardseach yn 'e buorskip Allardseach, dy't yn 'e himrik fan Bakkefean leit.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oarlochsmonumint

Mei njoggen oaren waard keunstner Hendrik Nicolaas Werkman yn 1945 yn Bakkeveen fusillearre troch in Dútsk fjoerpeloton, trije dagen foar de befrijing fan Noard-Nederlân. De redenen foar syn arrestaasje en eksekúsje binne noait goed dúdlik wurden. Hy leit begroeven op it begraafplak fan Bakkefean en yn it doarp stiet in monumint as oantinken oan de tsien fusillearden.

Skâns en Slotpleats

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 'Slotpleats'

Yn de slotpleatsbosk leit de Stjerreskâns, in seishoekige skâns dy't grif yn de 18e iuw oanlein is. It fermoeden bestiet dat hy nea in militêre funksje hân hat en foar oefendoeleinen oanlein is, alhoewol't de skâns oan de iuwenâlde Beakendyk leit; yn eardere tiden ien fan de pear heger lizzende trochgongen op de moerassige rûte fan de Fryske stêden nei Drinte. Dat soe betsjutte kinne dat de Stjerreskâns wol in ferdigeningsfunksje hân hat.

Neist de neamde Stjerreskâns leit in grutte, ûndjippe heidemar. Winterdeis as der riden wurde kin is it iis al gau fertroud en kin der op dizze stjerrebaan riden wurde tsjin de boskrâne fan de Slotpleatsbosk.

It histoaryske lângoed de Slotpleats datearret út 1818. Tsjintwurdich is it in teehûs en it startpunt fan de ekskurzjes fan Natuermonuminten yn de bosken by Bakkefean. Efter de Slotpleats stiet it âlde koetshûs dat nei in renovaasje as VVV-kantoar brûkt wurdt. De Slotpleats sels is yn 2006 restaurearre en de tunen en hôven om it lânhûs binne yn âlde swidens opknapt.

Bakkefean hat in Pleatslik Belang en it doarpsblêd hjit De Slúswachter. In doarpshûs hat Bakkefean net.

De eardere herfoarme tsjerke
Weverswâl
Bakkefeanster Feart

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2005 2015 2020
Ynwenners 453 1032 1110 1133 1224 1350 2034 1915 1875

Gea en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bakkefeanske Dunen

Bakkefean leit middenyn in boskryk gebiet mei ôfwikseljende heide- en sânflakten dy't op de grins mei Grinslân en Drinte lizze. Eastlik fan it doarp leit It Mandefjild; oant 1925 ta in grut heidefjild oant de Drintske grins ta, mar doe foar it grutste part oanmakke. In trijetal organisaasjes beheart de gebieten: Natuermonuminten, Steatsboskbehear en It Fryske Gea. Ut in skieppekoai op de oangrinzjende heide fan Allardseach wei wurdt de heide fan Bakkefean troch in skieppekudde beweide. Der rinne ek Exmoor-ponnys en Skotske Heechlanners frij yn it heidegebiet om.

Bakkefean leit yn it eastlike streamgebiet fan it rivierke Keningsdjip dat eastlik fan Bakkeveen ûntspringt. De beekdelte fan dit Keningsdjip wurdt opnij ynrjochte wêrby't de beek syn oarspronklike kronkeling weromkrije sil.

Bakkeveen stiet tsjintwurdich foaral bekend as rekreaasjegebiet mei attraksje- en fakânsjeparken. Troch it toerisme hat Bakkefean in goed foarsjenningsnivo lykas in grutte supermerke en goede busferbinings mei Drachten en Assen. Der is no ek in spesjaal boskpaad foar rolstuollen. It paad is sawat 1.5 km. lang en begjint en einicht by de útsjochtoer flakby it swimbad Dúndelle.

Gerard smit "Het Groote Mandeveld" (2021)

Alle strjitten yn Bakkefean.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. talenta.eu

Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
· · Berjocht bewurkje