Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Ban (titel)

Ut Wikipedy

In ban is in histoaryske titel yn dielen fan 'e Balkan, dy't tusken de sânde en de tweintichste iuw yn gebrûk wie. Dizze oantsjutting hat in ferskaat oan presize betsjuttings hân, mar koe dêrby ornaris gearfette wurde as steedhâlder, lânfâd of ûnderkening. It amt fan in ban hjit in banskip; it gebiet dêr't sa'nent oer hearsket is in banaat.

'Ban' komt fan it let Proto-Slavyske wurd *banъ, dat lykwols gjin Slavyske oarsprong hat, mar oer it algemien beskôge wurdt as in lienwurd út in Turkske taal. De measte saakkundigen binne fan betinken dat it ôflaat is fan 'e Pannoanysk-Avaarske namme Bayan, dy't sels wer fan 'e Proto-Turkske woartel *bāj- komt, dat "rykdom", "foarst" en "manlike houlikspartner" betsjut. Dit Proto-Turkske wurd is mooglik wer in lienwurd op grûnslach fan it Perzyske bay, fan it Proto-Iraanske *baga, dat "god" of "hear" betsjut. Mar it is ek mooglik dat it wol in taaleigen Turksk wurd wie, dat weromgie op it Proto-Altayske *bēǯu, dat "talryk" of "grut" betsjutte.

Histoarysk gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bekendste ban wie histoarysk de ban fan Kroaasje. Dat wie oarspronklik in titel foar regionale bestjoerders, mar nei't it Keninkryk Kroaasje yn 1102 in personele uny oangie mei it Keninkryk Hongarije, waard der noch mar ien ban oansteld, dy't funksjonearre as de Kroätyske ûnderkening of steedhâlder fan 'e kening fan Hongarije. Letter waarden der, nei't men oannimme mei nei foarbyld fan 'e steatkundige sitewaasje yn Kroaasje, ek bans oansteld foar oare dielen fan it Keninkryk Hongarije, lykas it Banaat Bosnje (dat bestie fan 1154 oant 1377) en it Banaat Macsó (of Mačva, no yn Servje), dat bestie fan 1254 oant 1496. Yn Kroaasje bestie it banskip as ynstitút fuort oant it útinoarfallen fan Eastenryk-Hongarije yn 1918. Sûnt 1225 foarme de Eastkroätyske krite Slavoanje in apart banaat.

Fierders waard ek de regio it Banaat (dêrfandinne de namme), dy't no yn 'e Servyske provinsje de Woiwodina leit, lange tiid bestjoerd troch in ban. Yn it histoaryske Foarstedom Wallachije (no ûnderdiel fan Roemeenje) wie de titel 'ban' fan 'e trettjinde oant de njoggentjinde iuw yn gebrûk foar de provinsjale gûverneurs fan 'e lânstreken Olteenje en Severyn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.