Bartefeart
Appearance
De Bartefeart is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De feart rint fan de Ringsleat by it Prinses Margrietkanaal nei de Heawei yn de rjochting fan Earnewâld.
In 'barte' is in losse brêge sûnder leuning oer in farwetter en kin oan de kant skood wurde as der in skip lâns komt. By it laden fan fee yn frachtweinen wurde ek wol barten brûkt.
De namme Bartefeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Bartevaart.