Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Beernem

Ut Wikipedy
Beernem
Gemeentehûs
Gemeentehûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 15.966 (2022)[1]
Oerflak 72,42 km² km²
Befolkingsticht. 220 ynw./km²
Oar
Postkoade 8730
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 8' N 3° 20' E
Offisjele webside
webstee gemeente
Kaart
Beernem (West-Flaanderen)
Beernem

Beernem is in gemeente yn de griene râne om Brugge hinne yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat mear as 15.000 ynwenners, dy't 'Beernemnaars' neamd wurde. Yn Beernem stiet it psychiatrysk sintrum Sint-Amandus en de sletten jongereinynstelling De Zande Beernem, dêr't kriminele famkes tusken de 12 en 18 jier troch de jongereinrjochter hinne ferwiisd wurde. Beernem is tige goed oansletten op de ynfrastruktuer en dêrom ideaal foar forinzen.

Beernem waard al yn in akte fan 847 neamd as Berneham. De namme stamt fan it Germaanske 'birnu' (bear of modderich plak yn de foarm fan in bear) en 'hamma' (in oerd dy't yn in sompich gebied útstekt). Tûzenen jierren wie it in leech gebiet fan bosk, heide en sompen. Feodaal wie Beernem ôfhinklik fan it Frije fan Brugge en it bestie út in biddeltekken fan hearlikheden. De bewenning lei doe foar it measte noardlik fan it hjoeddeiske kanaal dat troch de gemeente rint.

Súdlik dêrfan lei it ûnfruchtbere en wylde heidegebiet fan it Bulskampfjild, dat doe fan Torhout oant Bellem lei. Dat gebiet waard oan 'e ein fan 'e 18e iuw oanmakke en de rêst en natuer yn it oanmakke gebiet krige omtinken fan rike eallju, dy't dêr yn de 19e iuw harren kastielen bouden.

Tusken 1915 en 1944 soargen in tal moarden en ferdwinings yn de krite foar in soad opskuor en ûnrêst ûnder de ynwenners. De moarden waarden bekend ûnder de Beernem-moarden.

Yn de Twadde Wrâldkriich folge de Dútske besetting op 23 maaie 1940. Op 6 septimber 1944 waarden trije fersetsstriders troch de SS deasketten. Neffens it oarlochsmonumint oan it gemeentehûs kamen 20 minsken om it libben as gefolch fan oarlochsaksjes. Op 12 septimber 1944 folge de befrijing.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De neogoatyske Sint-Amandustsjerke datearret út 1900.
  • It Psychiatrysk Sintrum Sint-Amandus.
  • Kastiel Bulskampveld waard ein 19e iuw boud. It kastiel en it park leit hjoeddedei yn it provinsjedomein Lippensgoed-Bulskampveld.
  • De Kearslús fan Beernem is in ûntwerp fan Hans Vandeweghe en sûnt 2009 in monumint.
  • Kastiel Reigerlo waard yn 'e jierren 1846-1847 troch de Bruchske bankier Felix Du Jardin boud.
  • Kastiel Drie Koningen grinzget oan it provinsjedomein Lippensgoed-Bulskampveld en datearret fan 1802.
  • Kastiel Hontzocht is in tradisjoneel kastiel dat yn de jierren 1930 boud waard.
  • Kastiel Hulstlo is in lângoed dat om 1761 hinne boud waard.
  • Kastiel Bloemendale is in kastiel yn de styl fan de Flaamske neogotyk.
  • Wetterkastiel Ten Torre mei fjouwer hoektuorren is ien fan de moaiste kastielen yn de gemeente.
  • It neogoatyske kastiel De Wapenaer datearret fan 1888
  • Kastiel de Lanier waard yn de 18e iuw op de fûneminten fan in midsiuwske kastiel boud. Nei in brân yn 1998 waard it kastiel yn oarspronklike steat werboud.
  • Kastiel De Vijvers is 17e-iuwsk en leit yn in park mei fivers, dat yn de 19e iuw oanlein waard.

Beernem leit yn in gebiet op in hichte fan likernôch 11 meter dat Zandig Vlaanderen neamd wurdt. Troch de gemeente rint it Kanaal Gent-Brugge. Besuden dat kanaal leit ek it psychiatrysk sikehûs en it boskrike Bulskampfjild mei it provinsjale domein en in pear kastielparken.

Westlik fan Beernem, oan de noardkant fan it kanaal, leit it natuergebiet Gevaerts-Noard. Oare natuergebieten binne De Vaanders, Miseriebocht en Heideveld-Bornebeek. Yn De Vaanders leit it lânskipspark Bulskampfjild.

Yndieling gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1977 waard besletten om de gemeenten Beernem, Oedelem en Sint-Joris-ten-Distel gear te foegjen. Njonken Beernem sels bestiet de gemeente ek út de dielgemeenten Oedelem en Sint-Joris (ek wol Sint-Joris-ten-Distel neamd). Beernem is wat ynwennertal oanbelanget de grutste dielgemeente. Oedelem hat goed 1000 ynwenners minder, wylst Sint-Joris folle lytser is. Yn de dielgemeente Oedelem leit ek noch de buorskip en parochy Oostveld. It sintrum fan Beernem bestiet út it âlde doarpssintrum benoarden it kanaal Gent-Brugge, in nijer diel leit besuden dat kanaal by de autodyk A10/E40 en de wenwyk Vliegende Paard.

Namme Oerflak
(km²)
Ynwennertal
(2022/small>
Kaart
I Beernem
- Vliegende Paard
27,91 7.515
II
 
(IV)
Oedelem
- Oedelem
- Oostveld
37,31
 
 
6.410
 
 
III Sint-Joris 6,45 1.920

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

  • Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Beernem


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
· · Berjocht bewurkje