Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Bekafallei

Ut Wikipedy
De Bekafallei yn 2003
Wyngerds by Zahle, Bekafallei

De Bekafallei (koartwei Beka), ek stavere as Bekaa-, Bekwaa- of Beka'afallei, is in streek yn it easten fan Libanon, sa'n 30 km eastlik fan Beiroet. De Bekafallei is relatyf sjoen, in brede fallei of flakte tusken twa berchtmen. Bewesten de Beka leit it Libanonberchtme en eastlik dêrfan it Anty-Libanon berchtme. De Beka wie ûnder de Libaneeske Boargeroarloch (1975 -1990) ien fan de plakken dêr't fûl fochten is.

Yn de Bekadelling wurdt ûnder oare wyn makke, Chateau Ksara, Chateau Kefraya en Cave Kouroum.

Baalbek en Anjar binne histoarysk wichtige stêden yn de Bekadelling.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]