Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Bronkhorst

Ut Wikipedy

Bronkhorst (Nedersaksysk: Bronkhors) is in stedsje oan de Isel yn de gemeente Bronckhorst yn de provinsje Gelderlân. De gemeente is neamd nei dit stedsje. Hoewol't der net folle huzen steane en net mear as 150 ynwenners hat, krige it yn 1482 stedsrjochten. It profilearret him toeristysk as de lytste stêd fan Nederlân, hoewol't Staverden (gemeente Ermelo, +/- 50 ynwenners) en Sint Anna ter Muiden (eardere Hânzestêd, no gemeente Sluis, +/- 100 ynwenners) minder ynwenners hawwe.

Hearen fan Bronckhorst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stedsje ûntstien is as fersterke boeredelsetting by it eardere kastiel Bronkhorst, dat it stamslot wie fan de famylje Fan Bronckhorst, dy't in grutte rol spilen yn de midsiuwen. Fan it kastiel is de heuvel bewarre en binne lytse restanten te sjen. Bronkhorst krige yn 1492 stedsrjochten. Troch in stêdsbrân yn 1633 binne alle midsiuwske huzen ferwoaste; Bronkhorst hat lykwols inkele goed restaurearre stedsbuorkerijen. Yn in autentike stedsbuorkerij sit sûnt 1988 in Dickens Museum mei in eigen theater. It Trekfûgelpaad, LAW2, rint lâns Bronkhorst krektas it Greefskippaad.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]