Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Bruorren Asam

Ut Wikipedy
Cosmas Damian Asam
Egid Quirin Asam

De bruorren Asam, Cosmas Damian Asam (1686–1739) en Egid Quirin Asam (1692–1750), wiene yn de 18e iuw produktive, barokke keunstners, dy't fral yn it suden fan Dútslân, Switserlân en Eastenryk warber wiene mei de dekoraasje fan tsjerken en kleasters. Hja wurken yn 'e regel tegearre en hearre ta de wichtichste fertsjintwurdigers fan de Dútske lette barok.

Cosmas Damian Asam en Egid Quirin Asam wiene twa fan de njoggen bern fan de skilder Hans Georg Asam út Benediktbeuern. Beide soannen wiene learlingen fan harren heit. Nei de dea fan harren heit yn 1711 reizge Cosmas Damian nei Rome om dêr in fierdere oplieding te folgjen. Nei alle gedachten reizge syn broer mei him mei, alhoewol't dy om dy tiid syn oplieding by de hôfbyldhouwer Andreas Faistenberger yn München folge en yn 1716 foltôge. Yn 1713 waard Cosmas Damian yn oanwêzigens fan de paus foar syn wurk mei in priis ûnderskieden. Nei't Cosmas Damian út Itaalje werom kaam krigen de bruorren tanksij harren goede kontakten mei de benediktynske oarder in soad wurk oanlevere.

De Asamtsjerke

Cosmas Damian wurke as skilder en byldhouwer en Egid Quirin fral as arsjitekt, stúkwurker en byldhouwer. Om't harren feardigens tige goed op inoar oansletten wurken hja hast by alle opdrachten tegearre.

Fral Cosmas Damian's grutte talint foar it skilderjen fan fresko's soarge foar in soad bekendheid bûten de regionale grinzen. De kwaliteit fan syn fresko's waarden like heech wurdearre as dy fan syn Italjaanske tiidgenoat Giovanni Battista Tiepolo.

Mei de bou en de dekoraasje fan de kleastertsjerke yn Weltenburg leine de bruorren de basis foar harren rom. Hielendal yn de geast fan de lette barok slaggen hja der yn om op yndrukwekkende wize it skilderwurk, de byldhoukeunst, de ljocht en romtewurking en de arsjitektuer ta in harmonieus gehiel te foarmjen.

Yn de jierren 1723-1724 foltôgen de twa bruorren yn noch gjin oardel jier tiid de fresko's en it stúkwurk fan de domtsjerke fan Freising. Bij de kar foar de kleuren fan de fresko's oriïntearren hja harren op de kleuren fan it skilderij fan Peter Paul Rubens yn it heechalter, sadat ek dêr in tige harmonieus gehiel ûntstie.

Sûnt 1727 wennen de bruorren yn München. Njonken harren hûs wurken hja fan 1733 oan 1746 oan ien fan harren grutste prestaasjes: de oan Sint-Johannes Nepomuk wijde Asamtsjerke. Alhoewol't de tsjerke ornearre wie as privékapel, moasten de bruorren nei protesten fan it folk de tsjerke foar it publyk iepenstelle.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side