Burstumer Rak
Appearance
It Burstumer Rak is in feart yn de gemeente It Hearrenfean. It wetter rint yn de Soarremoarsterpolder. Tusken Nes en de Wide ie komt men troch de Nesker Sylroede by de Bokkumer Mar en dan fierder troch it Burstumer Rak, it Douwe Tseardsrak en de Peanster Ie yn de Wide Ie.
Burstum is in buorskip dy't justjes noardliker as it Rak leit.
De namme Burstumer Rak jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Birstumerrak.