Clarence Addison Dykstra
Clarence Addison Dykstra | ||
politikus | ||
echte namme | Clarence Addison Dykstra | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 25 febrewaris 1883 | |
berteplak | Cleveland (Ohio) | |
stjerdatum | 6 maaie 1950 | |
stjerplak | Laguna Beach (Kalifornje) | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | Demokratyske Partij | |
city manager fan Cincinnati | ||
amtsperioade | 1930 – 1937 | |
haad fan 'e Amerikaanske Tsjinstplicht-registraasje | ||
amtsperioade | 1940 – 1945 |
Clarence Addison Dykstra (Cleveland (Ohio), 25 febrewaris 1883 – Laguna Beach (Kalifornje), 6 maaie 1950) wie in Amerikaansk heechlearaar, politikus en ûnderwiisbestjoerder fan Frysk etnysk komôf.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dykstra waard yn 1883 berne yn Cleveland, yn 'e Amerikaanske steat Ohio. Yn 1903 studearre er mei in bachelorstitel ôf oan 'e Universiteit fan Iowa, yn Iowa City, wêrnei't er in masterstitel yn skiednis en politikology behelle oan 'e Universiteit fan Chicago. Hy joech in jier lang les oan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio yn Kolumbus, en wurke dêrnei oan 'e Universiteit fan Kansas yn Lawrence, dêr't er in nije fakulteit politikology oprjochte.
Yn 1918 kearde Dykstra werom nei syn bertestêd Cleveland, om útfierend siktaris fan 'e pleatslike ôfdieling fan 'e National Civic League te wurden, in non-profitorganisaasje dy't iepenheid en transparânsje yn 'e polityk oanfiteret. Letter ferfolle er deselde funksje yn Chicago en doe yn Los Angeles, en yn 1926 waard er beneamd as kommissaris fan it Departemint fan Elektrisiteit en Wetter fan 'e Gemeente Los Angeles. Dêrnjonken wie Dykstra fan 1923 oant 1929 ek heechlearaar gemeentlik bestjoer oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles.
Dykstra waard yn 1930 yn Cincinnati oansteld as de earste city manager fan 'e Feriene Steaten, in funksje dy't it bêst omskreaun wurde kin as in ôfslanke boargemasterskip. Dy post beklaaide er oant 1937, doe't er beneamd waard as presidint-direkteur fan 'e Universiteit fan Wiskonsin-Madison, yn Madison. Under de Twadde Wrâldoarloch waard Dykstra dêrnjonken yn 1940 troch presidint Franklin D. Roosevelt beneamd as earste haad fan 'e Selective Service System, de Amerikaanske tsjinstplichtregistraasje. Yn 1941 waard er ek noch foarsitter fan 'e nije National Defense Mediation Board, in alvekoppige advysrie dy't oer arbeidskonflikten gear moast.
Nei't er yn 1945 ôftreden wie as universiteitsbestjoerder, wylst dat jiers mei de ein fan 'e oarloch ek syn funksjes yn Washington, D.C. beëinige waarden, ferfear Dykstra nei súdlik Kalifornje, dêr't er de post fan provoast fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA) oannaam. Dêr bleau er oant syn dea wurksum. Dykstra kaam yn 1950, yn 'e âlderdom fan 67 jier, yn it Kalifornyske Laguna Beach te ferstjerren.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |