Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Cum laude

Ut Wikipedy

Cum laude (fan it Latynske cum, "mei", en laus, "lof") is in oantsjutting dy't wrâldwiid brûkt wurdt as studinten mei hege sifers slagje foar har universitêre stúdzje. Ek wurdt dizze kwalifikaasje wol brûkt as minsken op treflik nivo har doktoraaleksamen ôflizze. Der besteane ferskillende soarten "lofprizings" binnen de ynternasjonale universitêre wrâld, en faak wurde datoangeande trije ferskillende gradaasjes oanholden:

  • cum laude ("mei lof"), útspr.: [kum 'laṷdɛ], likernôch: "kûm laude"
  • magna cum laude ("mei in protte lof"), útspr.: ['maŋna kum 'laṷdɛ], likernôch: "mangna kûm laude"
  • summa cum laude ("mei de heechste lof"), útspr.: ['sumɑ kum 'laṷdɛ], likernôch: "sûmma kûm laude"

In fjirde gradaasje, egregia cum laude, "mei bûtengewoane lof" (útspr.: [ɛ'ɡrɛɡjɑ kum 'laṷdɛ], likernôch: "eggreggia kûm laude") wurdt mar komselden brûkt. Dizze foarm waard betocht foar studinten dy't summa cum laude slaggen, mar dan yn mear as ien fak of stúdzjerjochting tagelyk. Noch seldsumer is maxima cum laude, "mei grutte lof" (útspr.: ['mɑksimɑ kum 'laṷdɛ], likernôch: "maksima kûm laude"). Dat is in tuskenfoarm tusken magna cum laude en summa cum laude, dy't soms fan stâl helle wurdt om oan te jaan dat it yn sa'n gefal om in studint giet dêr't ek los fan 'e stúdzjeresultaten neat op oan te merken falt.

As men net cum laude slagget, wurdt dat yn 'e regel net oanjûn, oars as troch it feit dat de cum laude-oantekening ûntbrekt. Soms wurdt by sokke studinten de term rite ("adekwaat") tafoege om oan te jaan dat oan alle akademyske ferplichting foldien is; dat komt fral yn Dútslân en guon oare Jeropeeske lannen foar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.