Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Dame Edna Everage

Ut Wikipedy
Edna Everage
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) dame Edna
sekse froulik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Australysk
berop/amt presintatrise, skriuwster
oare ynformaasje
attributen útwrydske bril, pears hier
geastlike heit Barry Humphries
ûntstean 1955

Dame Edna Everage wie in fiktive televyzjepresintatrise en skriuwster. Hja waard makke en spile troch de Australyske akteur Barry Humphries (1934-2023). Fral yn de jierren 1980 waard hja mei The Dame Edna Experience ek yn Nederlân bekend. Dame Edna stie bekend om har skerpe satire, har ekstravagante jurken, har pearse hier, oerdiedige juwielen en opfallende bril (face-furniture). Har favorite blom wie de gladioal en it publyk waard altiten oerdwealsk begroete mei "Hello, Possums!"

Humphries skreau as Dame Edna ferskillende boeken en ek de autobiografy "My Gorgeous Life" (Myn Fantastyske Libben). Hja spile in rol yn ferskillende films en hie in grut tal bekende gasten yn har tillefyzjessjows. Somtiden spile Humphries ek himsels of oare alter-ego's yn de foarstellings fan Dame Edna.

Neffens eigen sizzen waard Dame Edna as Edna May Beazly yn it stedsje Wagga Wagga tusken Melbourne en Sydney berne. Yn de jierren 1970 ûntwikkele it karakter fan Edna him fan 'Hûsfrou en Superstjer' nei 'Megastjer' en lang om let nei 'Gigastjer'.

Har man Norm Stoddard Everage wie oan prostaatkanker ferstoarn en dat brocht har ta it oprjochtsjen fan de Stifing Friends of the Protestate en de World Prostate Olympics. Ut har houlik hie hja trije bern: de kleptomane dochter Valmai en de twa homoseksuele soannen Bruce en Kenneth (hja brûkte it wurd homoseksueel sels nea, mar út alles wat hja oer harren sei wie dat op te meitsjen).

Geregeldwei wie ek har freondinne en hûshâldster Madge Allsop (spile troch Emily Perry) yn de programma's te sjen. Dame Edna hie iepenlik de gek mei Madge, dy't nea in wurd werom sei mar neffens Dame Edna har yn alle stappen neirûn.

Dame Edna mocht graach oer har rykdom opskeppe as hja it oer har penthouse of hûzen yn Los Angeles, Londen, Sydney, Switserlân of op Martha's Vineyard hie. Hja kaam by de meast bekende minsken oer de flier en mocht ek dêr graach oer opsnije, ien fan har sibbe freondinnen wie bygelyks keninginne Elizabeth II.

Edna beskreau har praatprogramma's as in 'yntym petear tusken twa freonen, fan wa't de ien (Dame Edna) in stik ynteressanter wie as de oar (har gast)'. Mei it personaazje fan Dame Edna stiek Humphries de gek mei de kultus fan ferneamdens, klassesnobisme en kekenheid. Humphries dreu mei Dame Edna de spot mei politike lieders en de moades fan dy tiid. Sa naam Dame Edna ris sabeare in tillefoantsje fan president Ronald Reagan oan om him mei te dielen dat er echt noch jimmeroan de president fan de Feriene Steaten wie. Ek joech hja de eardere Australyske premie Julia Gillard taalles.

Dame Edna op de keninklike brulloft fan prins William en Kate Middleton

Har oermjittige ferskining en krityk op nijmoadrichheden (Call me oldfashioned) en ferneamde minsken wiene karakteristyk foar har programma's. Allyksa foar har optredens wie har oanwenst om ferneamde minsken as gewoane minsken te behanneljen. Sa plakte hja de gasten yn har sjows bygelyks nammeplaatsjes op it boarst foar it gefal Dame Edna harren namme ferjitte soe. Hiel bekend is har ferskining by de Royal Variety Performance yn de Royal Box: hja ferskynt dêr yn in tige opfallende jurk en waaid de hartoginne fan York earst in tút oer har hân ta, stiet dan by it balkon om it publyk ta te wuiven en jout har ta hilariteit fan it publyk noflik del op in sit njonken de de hartoginne fan York en de doetiidske prins Charles. Lang bleau hja der net sitten want krekt wat letter wurdt Dame Edna troch immen fan de befeiliging op it skouder tikke om te fertrekken, hja stiet fuort wer op, makket har ekskuses en ropt dan dat se foar har in better plak hiene.

As in gast yn har programma neffens har te lang troch eamelde, har misledige of tefolle tefolle omtinken opeaske sadat hja sels te min oan it wurd kaam, dan koe hja ynienen oan in handel lûke en de gast ferdwine litte.

In foargonger fan Dame Edna ferskynde yn 1958 op it toaniel. It duorre noch oant yn de jierren 1970 dat hja harsels Dame Edna Evarage neamde en har spesjale status opeaske. Hja fersoarge in grut tal eigen talkshows en makke in soad optredens yn oare televyzjeprogramma's, films ('Les Patterson Saves the World') en teäterfoarstellings.

Yn maart 2012 kundige Humphries oan dat it tiid waard dat Dame Edna mei pensioen gie, mar hy helle har yn 2013 lykwols werom.

Dame Edna sels boarte sels mei har fiktive persoanlikheid. Sa neamde hja Barry Humphries bygelyks as har manager of entrepreneur en moast hja neat ha fan travesty.

Humhries ferstoar yn april 2023, nei't er hast 60 jier Edna spile hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis en:Dame Edna Everage