Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Daylight (film út 1996)

Ut Wikipedy
Daylight
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Rob Cohen
produsint John Davis
David T. Friendly
Joseph M. Singer
útfierend
   produsint
Raffaella De Laurentiis
senario Leslie Bohem
kamerarezjy David Eggby
muzyk Randy Edelman
filmstudio Davis Entertainment
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Sylvester Stallone
Amy Brenneman
byrollen Stan Shaw
Jay O. Sanders
Viggo Mortensen
Karen Young
Colin Fox
Claire Bloom
Danielle Harris
Dan Hedaya
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 6 desimber 1996
foarm langspylfilm
sjenre rampefilm
taal Ingelsk
spyltiid 109 minuten
budget en resultaten
budget $80 miljoen
opbringst $159,2 miljoen

Daylight is in Amerikaanske rampefilm út 1996 ûnder rezjy fan Rob Cohen, mei yn 'e haadrollen Sylvester Stallone en Amy Brenneman. De titel betsjut "Deiljocht". It ferhaal giet oer it ynstoarten fan in tunnel dy't by New York ûnder de rivier de Hudson trochrint, mei as gefolch dat in groep reizgers, besteande út alderhanne slach folk, ûndergrûnsk ûnder de rivier fêst komme te sitten. Oan rêdingswurker Kit Latura (Stallone) de taak om harren te libben en wol út it tsjuster wei nei deiljocht ta te lieden. Daylight krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar yn 'e bioskopen die de film it hiel ridlik.

Op in yndustryterrein yn New York wurde by in ôffalferwurkingsbedriuw fetten mei ûntplofber gemysk ôffal yn trije frachtweinen laden, mei de bedoeling om dy yllegaal te dumpen yn Nij-Jersey. De trije frachtweinen ride yn kolonne nei in tunnel ûnder de rivier de Hudson troch. Under de oare reizgers dy't op dat stuit nei de tunnel ride, binne:

Underwilens berôvje in trijetal oerfallers op 'e strjitte foar in New Yorkske juwelierssaak in ynkeaper fan ealstiennen en geane derfan troch mei syn auto en in kofferke fol diamanten. De plysje sit harren al rillegau op 'e hakken, en de oerfallers besykje troch de tunnel nei Nij-Jersey te ûntkommen, net beseffend dat de New Yorkske plysje de kollega's yn Nij-Jersey gewoan opskilje kin, sadat se oan 'e oare útein fan 'e tunnel opwachte wurde. De oerfallers ride as gekken tusken it oare ferkear yn 'e tunnel troch, wêrby't se úteinlik de kontrôle oer it stjoer ferlieze, in tolhúske rame en dan boppe-op de efterste fan 'e trije frachtweinen mei gemysk ôffal telâne komme. It gemysk ôffal eksplodearret, en dat lit it ôffal yn 'e oare beide frachtweinen ek ûntploffe. De tunnel stoart op dat punt yn en in ûnbidige fjoerbal folget de rin fan 'e tunnel werom nei New York, wêrby't de measte automobilisten dy't op dat stuit yn 'e tunnel binne, omkomme.

Oan 'e New Yorkske útein lit de fjoerbal en de drukweach dy't dêrmei mank giet, de tunnelyngong ynstoarte, sadat de oerlibbenen yn 'e tunnel fan beide kanten ynsletten reitsje. Kit Latura, dy't yn 'e file stie foar de New Yorkske útein fan 'e tunnel, is dêr tsjûge fan. Hoewol't er gjin offisjele funksje as rêdingswurker mear hat, nimt er fuortendaliks de lieding op him oer de earste help oan 'e lju dy't troch de fjoerbal of it fallende pún ferwûne rekke binne. Nei't oaren dy taak fan him oernommen hawwe, bejout Latura him nei Dennis Wilson, dy't him opfolge is as haad fan 'e EMS. Dy besiket er goerie te jaan, mei't Latura inkele jierren lyn in oefening holden hat foar de ynstoarting fan in tunnel, wêrby't er in protte kennis opdien hat. Wilson stelt him lykwols tige fijannich op foar syn foargonger oer, en wol net harkje. As er koarte tiid letter besiket fia in ûnderhâldsskacht healwei de rivier de ynsletten tunnel te berikken, eat dat Latura him krekt mei klam ôfret hie, komt Wilson om by in nije ynstoarting.

De behearders fan 'e tunnel, by wa't Latura him neitiid meldt, wolle wól nei him harkje, en syn âlde maat Frank Craft, dy't nei it omkommen fan Wilson de lieding oer de EMS hat, freget Latura om yn 'e tunnel te gean om nei oerlibbenen te sykjen. Dat kin inkeld fia de fentilaasjeskachten, dêr't fjouwer reuseftige fentilators lucht yn 'e tunnel blaze. De fentilators kinne inkeld in heale minút útset wurde en dêrnei net wer, dat it wurdt in toer om dêr hielhûds lâns te kommen. It is boppedat útsletten dat de eventuele oerlibbenen dêrlâns út 'e tunnel helle wurde kinne. Mei keunst en fleanwurk slagget it Latura om mei gefaar foar eigen libben by de fentilators lâns te kommen, wêrnei't er it oan beide kanten troch in ynstoarting ynsletten stik fan 'e tunnel wit te berikken. Dêr ûntdekt er tolve oerlibbenen: it gesin Crighton, de Trillings mei harren hûn, de fjouwer jeugdkriminelen, Roy Nord, Madelyn Thompson en in swarte tolgarder dy't George Tyrell hjit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens hat Nord him as lieder fan 'e groep oerlibbenen opwurpen, en hy is derfan oertsjûge dat er in útwei fine kin fia de skacht healwei de rivier. Latura besiket him te warskôgjen, mar Nord wol net nei him harkje. Koart dêrnei stoart de skacht hielendal yn, wêrby't Nord en Kadeem, ien fan 'e kriminelen, omkomme. As it rivierwetter de tunnel begjint binnen te lekken, bringt Latura mei help fan Madelyn in springstoflading oan om in nije ynstoarting te feroarsaakjen, dy't it lek stopje moat.

Underwilens hawwe de autoriteiten al inkele oeren gjin teken fan libben út 'e tunnel mear opfongen, dat de arrogante frou London, in pommerant fan it gemeentebestjoer, nimt tsjin 'e útdruklike rie yn fan Frank Kraft en haad fan tunnelbehear Norman Bassett it beslút om mei swier materieel de ynstoarting oan 'e New Yorkske kant fan 'e tunnel út te graven. Dêrby giet se foarby oan 'e grutte kâns dat soks fierderop yn 'e tunnel nije ynstoartings feroarsaakje sil dy't eventuele oerlibbenen fataal wurde kinne. As Tyrell poalshichte nimt oan 'e New Yorkske útein fan 'e tunnel, komt er sadwaande by in nije ynstoarting fêst te sitten ûnder in kantele auto. Latura en de oare oerlibbenen witte him mei feriene krêften te befrijen, mar it docht bliken dat Tyrell de nekke brutsen hat.

Neitiid begjint der wer wetter yn 'e tunnel te rinnen, eat dat feroarsake wurdt trochdat der troch it graafwurk oan 'e New Yorkske kant lucht ûntsnapt, wat de luchtdruk yn 'e tunnel ferminderet dy't foartiid it wetter bûten hold. Foar't er de tunnel yngien is, hat Latura in makette fan 'e tunnel bestudearre; dêrop stiene ek sydromten fan 'e tunnel oanjûn, dêr't de arbeiders dy't yn 'e 1910-er jierren de tunnel groeven, ieten en sliepten. De tagong ta dy sydromten is letter ôfsletten, mar Tyrell fertelt dat men der by ien fan 'e tolhúskes yn 'e tunnel noch yn komme kin. It tolhúske stiet no ûnder wetter, dat de iennichste manear om yn 'e sydromte te kommen, is troch in stik ûnder wetter te swimmen. Latura giet op ûndersyk út en ûntdekt in lytse kapel mei in alter en in Jezusbyld.

Nei't er by de groep weromkeard is, stjoert Latura harren dêrhinne, wylst er sels allinne by George Tyrell bliuwt. It bestiet net dat se Tyrell mei syn brutsen nekke, dy't se mei mulrimen op in planke bûn hawwe, troch it bochtsjende paad ûnder wetter meinimme kinne. Tyrell begrypt dat en freget Latura om him hjir efter te litten. Hy jout him in earmbân foar syn freondinne Grace en hjit him om 'e oaren "nei it deiljocht ta te lieden". By it ûnderwetterswimmen rekket Roger Trilling syn hûn Cooper kwyt. Yn 'e kapel is syn frou Eleanor raar gesteld as se dat ûntdekt, mei't de hûn alles wie dat se noch hie fan harren ienlingssoan dy't om utens in sykte opdien hie en jong ferstoarn wie. Se wegeret om noch fierder te gean en komt dan stilwei mar hommels te ferstjerren oan ûnderkuolling as de groep de oandacht by oare dingen hat.

Yn 'e kapel hearre de oerlibbenen hoe't de tunnel flugger begjint fol te streamen. Dat bringt in swaarm brune rotten op gong, dy't harren efternei komme de kapel yn. Fral de froulju reitsje deabenaud, mar de bisten hawwe hielendal gjin ynteresse yn 'e minsken. Se kladderje by de treppen op nei it alter en wurde wei efter it Jezusbyld. Latura beseft dat de rotten in útwei út 'e kapel witte, en set it Jezusbyld oan 'e kant. Dêrefter ûntdekke se in wand mei in gat deryn en dêr wer efter in oare romte. De groep makket it gat grutter om dertrochhinne, de rotten efternei, mar dan komt it ferstjerren fan Eleanor oan it ljocht. Roger wol syn frou net efterlitte, mar Vincent, ien fan 'e jeugdkriminelen, hellet him oer om mei.

Wylst de kapel folrint mei wetter, fine de oerlibbenen yn 'e nije romte in fermôge âld houten trep nei boppen ta. As se allegear boppe-oan binne, dêr't in nauwe tunnel troch de rots fierder omheech rint, merke se ynienen de hûn Cooper op, dy't samar út 'e kapel wei de efterlizzende romte ynswimmen komt. Roger wol om 'e hûn werom, mar Latura giet yn syn plak. Hy wit de hûn de trep op te krijen, mar it rynkranke bousel brekt ôf ear't er der sels wer by op komme kin. Madelyn besiket him te rêden, mar einiget by him yn it wetter. De oaren kinne harren net berikke, dat Latura oarderet harren en folgje de tunnel omheech, hoewol't Madelyn se tagelyk smeket om har net efter te litten. Steven Crighton, dy't no de lieding oer de groep oernommen hat, nimt de beslissing dat se fierders neat dwaan kinne en driuwt de oare oerlibbenen foar him út de tunnel yn, wêrfan't de yngong ynstoart krekt nei't hy der sels trochhinne gien is. Latura en in hystearyske Madelyn bliuwe tegearre yn it stigende wetter efter.

Yn 'e parkearkelder fan it gebou dêr't it tunnelbehear fêstige is, bringt Norman Bassett syn wurknimmer Grace, de freondinne fan tolgarder George Tyrell, nei har auto ta, as se ynienen gerop en geraas hearre. Nei't Bassett in pear oaljefetten fan 't plak skuord hat, ûntdekke hy en Grace in ôffierputsje, dêr't fingers troch it roaster komme. Der wurdt in sleepauto by helle dy't it ynmitsele lid fan it ôffierputsje mei grou geweld losskuord. Dêrûnder blykt de omheechrinnende tunnel te einigjen. Rêdingswurkers helje Sarah Crighton en har dochter Ashley, de jeugdkriminelen LaTonya, Mikey en Vincent, Roger Trilling en syn hûn Cooper en as lêste Steven Crighton út it gat te foarskyn.

Latura beslút ûnderwilens dat hy en Madelyn weromswimme moatte nei de haadtunnel en wit Madelyn fan 'e needsaak dêrfan te bepraten. Se sykje ûnder wetter troch it paad werom en komme wer yn 'e tunnel út, dy't no hast oan boppen ta folrûn is. Se kringe it 'dak' fan 'e tunnel binnen, boppe it betonnene 'plafon'. Dêr brûkt Latura syn twadde en lêste springstoflading om in effekt te kreëarjen dat er in 'ejeksje' neamt, wêrby't er de boppewand fan 'e tunnel derút blaasd, sadat se troch de restearjende lucht omheechsûgd wurde sille nei it oerflak fan 'e rivier de Hudson. Hy sjocht lykwols oer de holle dat by de eksploazje earst in massa modder omleech komt, dêr't Latura yn fêst komt te sitten. Madelyn besiket him los te lûken, mar wurdt troch de sûchkrêft fan 'e troch it gat omheech geande lucht fuortskuord. Oan it oerflak fan 'e rivier ûntdekt se letter it omdriuwende lichem fan Latura, dy't lokkigernôch noch libbet, mar heal bewusteleas is. Rêdingsboaten en oare fartugen sette op harren ta en helje harren út it wetter.

As se oan lân brocht wurde, sjocht Latura Grace yn 'e kloft folk dy't gearrûn is, en lit de brankaar hohâlde dêr't er op ferfierd wurdt. Hy sprekt har oan en jout har de earmbân dy't Tyrell him oerlange hie. Neitiid stiet Madelyn derop om mei Latura yn 'e ambulânse nei it sikehûs ta. Latura fynt dat wol goed, salang't se mar de brêge nimme om oer de rivier te kommen.

Sylvester Stallone (2009).
Amy Brenneman (2009).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Kit Latura Sylvester Stallone
Madelyne Thompson Amy Brenneman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
George Tyrell Stan Shaw
Steven Crighton Jay O. Sanders
Roy Nord Viggo Mortensen
Sarah Crighton Karen Young
Roger Trilling Colin Fox
Eleanor Trilling Claire Bloom
Ashley Crighton Danielle Harris
Frank Craft Dan Hedaya
Grace Calloway Vanessa Bell Calloway
Norman Bassett Barry Newman
Bloom Jo Anderson
LaTonya Trina McGee
Vincent Sage Stallone
Mikey Renoly Santiago
Kadeem Marcello Thedford
Dennis Wilson Mark Rolston
frou London Rosemary Forsyth
sjoernaliste Penny Crone

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Daylight waard regissearre troch Rob Cohen nei in senario fan Leslie Bohem. As produsinten wiene by de film John Davis, David T. Friendly en Joseph M. Singer belutsen foar de filmstudio Davis Entertainment. Raffaella De Laurentiis wie útfierend produsinte. Der wie foar Daylight in budget beskikber fan $80 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Eggby, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Randy Edelman. De opnamen fûnen plak yn Nij-Jersey en yn 'e Cinecittà-studio's yn Rome.

De distribúsje fan Daylight waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 6 desimber 1996 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Daylight krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. De foaroansteande Amerikaanske resinsint Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 2 fan 4  stjerren, en skreau: "[De film] is it sinematysk ekwifalint fan in "goud van oud"-radiostasjon, dêr'tst nea wat tsjinkomst dêr'tst troch de jierren hinne net fan begûn bist te hâlden. Op in beskaat punt yn 'e film, as in [yn 'e tunnel] fêstsittende boarger him freget oft se in kâns [op oerlibjen] hawwe, ferwachte ik dat [Stallone] sizze soe: 'Rêstich mar, frou. Ik haw dit al yn mear as tsien oare films dien.' "

Der wiene lykwols ek kritisy dy't Daylight wol in goede film fûnen. It Britske tydskrift Empire joech de film 4 fan 5 stjerren en skreau: "[De film] is geweldich om't er nea besiket wat oars te wêzen as er is: in rampefilm mei alle special effects-poeha dy't de njoggentiger jierren te bieden hawwe." Stallone sels sei oer Daylight inkeld: "It útgongspunt wie hiel goed, mar it waard gjin grut súkses."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in goedkarringspersintaazje fan 27%, basearre op 41 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De iepening hat in grutte, fjurrige eksploazje en Stallone leveret wer in oprjochte, sympatike prestaasje ôf, mar foar de rest liket [de film] wol bedoeld te wêzen om it bioskooppublyk murw te yrritearjen."

Daylight brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $33 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $126,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $159,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $80 miljoen betsjut dat in winst fan $79,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Daylight waard yn 1997 nonimearre foar de Oscar foar bêste lûdsmontaazje (it wurk fan Richard L. Anderson en David A. Whittaker).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.