Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Deiljocht

Ut Wikipedy
Wrâldkaart mei it part fan de Ierde dat op 2 april om 13.00 UTC deiljocht hat.

Deiljocht is bûtenljocht yn de rin fan de dei. It is in kombinaasje fan direkt sinneljocht, himelljocht en de wjerkeatsing dêrfan troch de Ierde, fan objekten op Ierde en yn de atmosfear. Sinneljocht dat wjerkeatst wurdt troch objekten bûten de atmosfear, lykas moanneljocht wurdt ornaris net rekkene. It ljocht bûtendoar, hast hielendal deiljocht, kin fariearje fan 120.000 luks oan direkt sinneljocht midden op 'e dei oant minder as 5 luks mei tsjokke buien en de sinne op de 'e kym, of yn gâns ekstreme sitewaasjes sels minder as 1 luks.