Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Dietrich Mateschitz

Ut Wikipedy
Dietrich Mateschitz
Portret fan Dietrich Mateschitz troch Danor Shtruzman
Portret fan Dietrich Mateschitz troch Danor Shtruzman
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dietrich Mateschitz
nasjonaliteit Eastenryksk
berne 20 maaie 1944
berteplak Sankt Marein im Mürztal
stoarn 22 oktober 2022
stjerplak Salzburg
wurkpaad
berop/amt ûndernimmer
reden
  bekendheid
Mei oprjochter en foar 49% eigener fan Red Bull

Dietrich Mateschitz (Sankt Marein im Mürztal, 20 maaie 1944 - Salzburg, 22 oktober 2022) wie in Eastenryksk ûndernimmer en mei oprjochter fan Red Bull.

Mateschitz studearre yn 1972 ôf oan de Wirtschaftsuniversität Wien mei in marketingdiploma. Hy wurke nei syn stúdzje foar Unilever foardat er oerstapte nei Blendax, in Dútsk kosmetikabedriuw dat eigendom is fan Procter & Gamble. Yn 1984 rjochte Mateschitz Red Bull GmbH op tegearre mei Chaleo Yoovidhya. dizze Taiske ûndernimmer wie de oarspronklike betinker fan it drankje Krating Daeng wat Reade Bolle betsjuttet. Mateschitz besiet oant syn ferstjerren 49% fan de oandielen yn Red Bull GmbH, de restearjende 51% fan de Red Bull-oandielen is yn hannen fan de Taiske familje fan de yn 2012 ferstoarne Yoovidhya. Mateschitz rjochte in eigen produksje- en mediahûs op om sporteveneminten te ferslaan. Bygelyks yn 2012 stjoerden se op YouTube it Red Bull Stratos projekt út wêrby't Felix Baumgartner skydivede op 39 kilometer hichte. Hy sponsore ek faak lytsere, minder bekende sporten lykas triatlon mixed relay, surfen, skateboarden of muorreklimmen, wêrtroch't se mear media-oandacht krigen, ek yn de klassike media. Yn 2005 ynvestearre Mateschitz yn 'e autosport mei syn bedriuw Red Bull troch it Britske team Jaguar te keapjen. Earder yn de jierren 90 wie hy mei Red Bull al sponsor by Sauber. It Red Bull Racing-team wûn de meardere kearen de wrâldtitel yn de Formule 1. Ek yn 2005 kocht Mateschitz de Eastenrykse earsteklasser Austria Salzburg en sette yn 2009 in Dútske fuotbalploech útein yn Leipzig dat mei fiif promoasjes yn sân jier tiit nei de Bundesliga gie yn 2016. Troch de ynvestearrings fan syn bedriuw waarden Red Bull Salzburg en RasenballSport Leipzig Jeropeeske subtoppers.

Mateschitz ferstoar op 22 oktober 2022, yn 'e aldens fan 78 jier oan 'e gefolgen fan alfleisklierkanker.