Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Dmitri Ivanovitsj

Ut Wikipedy
Dmitri Ivanovitsj
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Dmitri Ivanovitsj
bertedatum 19 oktober 1582
berteplak Moskou
stjerdatum 15 maaie 1591
stjerplak Uglitsj
etnisiteit Russysk
hillichferklearring
hillich ferkl. 1606
fereare troch Russyk-Otterdokske Tsjerke
hjeldei 15 maaie (moard), 3 juny (fynst fan reliken), 19 oktober (berte)
attributen Keningsklean, kroan
patroan fan Uglitsj, Moskou

Dmitri Ivanovitsj (ek: Dmitri fan Uglitsj of Dmitri fan Moskou (Russysk: Дмитрий Иванович, Дмитрий Угличский, Дмитрий Московский; berne op 19 oktober 1582 (Juliaanske kalinder) yn Moskou; ferstoarn op 15 maaie 1591 (Juliaanske kalinder) yn Uglitsj) wie as soan fan Ivan de Grousume en dy syn frou Marija Nagaja tsarevitsj fan Ruslân.

Dmitri wie noch mar twa jier âld doe't syn heit ferstoar en syn healbroer Fjodor I de troan erfde. Fjodor wie ferstanlik beheind en liet de saken troch Boris Godûnov waarnimme. Godûnov joech al gau opdracht om Dmitri mei syn mem te ferbaljen nei Uglitsj.

Op 15 maaie 1591 waard tsarevitsj Dmitri dea fûn. Syn kiel wie iepen snien en neffens de autopsy fan Godûnov soe de tsarevitsj by it boartsjen mei in knyft in epilepsyoanfal hân ha en sa himsels wat oandien ha. De dea fan Dmitri kaam Godûnov lykwols hiel goed fan pas en nei de dea fan Fjodor yn 1598 wie it Godûnov dy't tsaar waard. Yn de tiid fan syn regear gie it praat troch it lân dat Dmitri noch libje soe. Ferskillende falske Dmitri's gyngen dêrmei, mei stipe fan it Poalske adeldom, op 'e haal en besochten de troan op te easkjen.

De omstannichheden fan de dea fan Dmitri binne nea opheldere en noch jimmeroan in striidkwestje.

Hillichferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Vasili IV yn 1606 tsaar waard, stjoerde dy in ôffurdiging nei Uglitsj om de dea fan Dmitri te befêstigjen. By de iepening fan it grêf fan de jonge soe in bysûnder sterke geur fan wijreek de katedraal folle ha.

Bloedtsjerke fan Uglitsj

De reliken fan de prins waarden nei Moskou brocht. Underweis waard de kiste iepene om syn mem, dy't non woarn wie, it lichem te toanen. Hja wist lykwols gjin wurd út te bringen en it wie tsaar Vasili IV dy't Dmitri identifisearre en opdracht joech de kiste wer te sluten. Yn Moskou befêstige syn mem dat it lichem fan har soan wie. De tsarevitsj waard yn de Aartsingel Michaelkatedraal byset, dêr't ek syn heit en syn bruorren byset wiene.

Al gau waard syn grêf in drok besocht plak fan pylgers, dy't fan mirakels tsjûgen. De tsaar liet in dokumint opstelle wêryn't de wûnders beskreaun waarden en liet dat nei de stêden yn it ryk stjoere. Noch yn itselde jier waard Dmitri troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke hillich ferklearre. Sûnt dy tiid is de tsarevitsj ien fan de meast fereare hilligen yn Ruslân. De prins is patroanhillige fan bern dy't lije, wezen, beheinde bern en dakleazen.

Nei de oermastering fan Moskou troch de Frânske revolúsjetroepen yn 1812 waard it grêf fan Dmitri skeind en syn reliken waarden der út smiten, mar binne letter op 'e nij by inoar sammele en op it selde plak byset. De sulveren 17e iuwske skryn bleau net bewarre, it lid dêrfan wurdt tsjintwurdich bewarre yn it Museum van de Wapenkeamer.

Op it plak fan de moard yn Uglitsj waard letter de Tsjerke fan Dimitri op it Bloed boud.