Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Dom fan Keningsbergen

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Keningsbergen
Кафедральный собор Кёнигсбjерга

Königsberger Dom

Lokaasje
lân Ruslân
plak Keningsbergen
koördinaten 54° 43' N 20° 30' E
Arsjitektuer
boujier 1330-1380
boustyl gotyk
Webside
Side fan de domtsjerke
Kaart
Dom fan Keningsbergen (Kaliningrad)
Dom fan Keningsbergen

De Dom fan Keningsbergen (Russysk: Кафедральный собор Кёнигсберга; Dútsk: Königsberger Dom) is in tsjerkegebou yn 'e hjoeddeiske Russyske stêd Kaliningrad (Keningsbergen). It wie de haadtsjerke fan 'e Dútske stêd, dy't oant 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich offisjeel Königsberg hiet en ûnderdiel foarme fan East-Prusen. De yn 'e bakstiengotyk boude tsjerke is nei grutskalige ferneatigings yn 'e Twadde Wrâldkriich it meast wichtige histoaryske bouwurk fan Keningsbergen.

De tsjerke wie de biskopstsjerke fan it bisdom Samland yn 'e krite mei deselde namme. De tsjerke stiet op it eilân (Dominsel) fan 'e eardere stêd Kneiphof, dy't sûnt 1726 by de stêd Keningsbergen foege waard.

De foargonger fan 'e hjoeddeiske domtsjerke wie in lytse katedraal yn it súdeasten fan 'e âlde stêd Keningsbergen. Dy domtsjerke waard tusken 1297 en 1302 boud. Under biskop Johann Clare waard it beslút nommen ta de bou fan in nije, gruttere katedraal. Werner fan Orseln, grutmaster fan 'e Dútske Oarder, woe de katedraal op in lyts stik grûn oan it eastlike ein fan it eilân Kneiphof yn 'e rivier de Pregel bouwe, dêr't om 1330 hinne mei útein set waard. De tsjerke soe ynearste mei dikke muorren en ferdigeningswurken boud wurde, mar dat stjitte op ferset fan 'e Dútske Oarder om't dy by harren kastiel gjin nije fêsting ha woene. Op 13 septimber 1333 tekene de biskop de oerienkomst tusken Oarder en Tsjerke, sadat der fierder wurke koe oan 'e bou fan 'e tsjerke sûnder ferdigingsfunksje. Dy datum wurdt offisjeel as it boubegjin fan 'e dom beskôge.

De dom fan Königsberg (19e iuw).

Ear't de bou begjinne koe, moasten de bouwers fanwegen de boaiem earst hûnderten iken peallen de grûn yn slaan. By de bou brûkten de bouwers dielen fan 'e âlde domtsjerke op 'e nij. Foar dat doel moasten der ynfrastrukturele oanpassings plakfine, lykas de oanlis fan in brêge, de Dombrücke, en de bou fan in nije poarte, de Domtor. De brêge waard nei de foltôging fan it wurk wer ôfbrutsen, mar de poarte soe noch seis iuwen stean bliuwe.

Yn 1380 wie de domtsjerke foltôge, mar oan 'e fresko's yn 'e tsjerke waard noch trochwurke oant it ein fan 'e 14e iuw. De oan Marije en Sint-Adalbert wijde tsjerke waard yn 1440 al ferboud. Oan wjerskanten fan 'e foargevel steane twa tuorren, dy't yn 1544 ôfbaarnden. Nei de brân waard allinne de súdlike toer mei in tolvehoekige opbou wer opboud. De noardlike toer waard ôfsletten mei in sealtek.

Op 27 septimber 1523 hold Johann Briesmann de earste lutherske preek yn 'e dom. De tsjerke krige yn 1695 in nij oargel.

Yn 1883 en tusken 1901 en 1907 waard de domtsjerke restaurearre.

Britske bombardeminten op 'e stêd ferneatigen yn augustus 1944 de hiele histoaryske binnenstêd fan Keningsbergen. Fan 'e domtsjerke gyng it hiele tek, it ynterieur en it noch besteande diel fan 'e Bibleteek fan Wallenrodt ferlern. Ek wichtige grêfmonuminten koene net sparre wurde.

De domtsjerke yn de jieren 1980.

Nei de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waard it noardlike diel fan East-Prusen troch de Sovjet-Uny anneksearre. Foar in restauraasje hiene de kommunisten gjin jild oer. Mar de ruïne fan 'e dom bleau stean, fral ek tanksij it monumint fan Immanuel Kant. Yn 1960 waard de kulturele wearde fan 'e tsjerke erkend, al waard der fierder net in soad ûndernommen om it bouwurk foar fierder ferfal te behoedzjen. Foar it earst waard der yn 'e jierren 1970 yn it ramt fan 'e betinking fan it 250e bertejier fan Immanuel Kant wat dien troch it pún op te romjen. Ek de muorren waarden yn 'e rin fan 'e tiid konservearre. Spitigernôch waarden by de konservearing ek dekorative eleminten ferneatige.

Ynterieur yn 'e simmer fan 1988.

Nei de fal fan it kommunisme koe der wer praat wurde oer de rekonstruksje fan 'e Keningsberger Dom. Sûnt 1992 sette de firma „Kafedralny Sobor“ ("De Katedraal") ûnder lieding fan Igor Odintsov útein mei in restauraasje. De lieding fan it projekt wurke gear mei it Zentrum für Handwerk und Denkmalpflege yn Fulda, dat in soad ûnderfining hie mei de restauraasje fan oare Europeeske gebouwen.

Nei in ûndersyk fan 'e ruïne waard oan 'e hân fan âlde bouplannen, foto's en tekening de tsjerke hersteld. De noardlike toer waard mei beton ferstevige en by it oanbringen fan 'e spits op 'e súdlike toer holpen sels in helikopter en de Baltyske Float. De weropbou waard mooglik makke troch û.o. it Russyske regear, de stifting "Köningsberg", de stêd Kaliningrad en de feriening fan protestanten yn East-Prusen. In jier letter folge it setten fan it oerwurk en it ophingjen fan 'e fjouwer klokken yn 'e súdlike toer. Yn 1995 en 1996 folge de restauraasje fan it epitaaf en it grêfmonumint fan Immanuel Kant. Dêrne folge it dak, werby't fanwegen it gewicht net keazen waard foar dakpannen maar koperplaten. Yn 1998 waarden yn 'e noardlike toer twa oare klokken ophongen. Yn oktober 1998 koe de domtsjerke wer iepene wurde.

Sûnt 1998 waard de bûtenkant fan de tsjerke restaurearre. Ek fûn it herstel fan de ribferwulten en de finsters plak. De rekonstruksje fan 'e doopkapel út 1596 waard yn 2008 ôfsletten. Nei trije jier wurk koe yn 2009 ek de rekonstruksje fan it epitaaf fan Anna en Bogusław Radziwiłł oan 'e noardlike muorre ôfsletten wurde. As steedhâlder hie de Litouske foarst Radziwiłł in soad dien foar de erkenning fan 'e grifformearde gemeente yn Keningsbergen. Ek oare epitafen binne of wurde noch restaurearre.

De tsjerke wurdt as kultureel-religieus sintrum restaurearre. Yn 'e domtsjerke is in protestantske en in otterdokse kapel, in doopkapel, it Dommuseum, it Kantmuseum en Stedsmuseum en de romtes fan 'e Wallenrodtsch bibleteek. Regelmjittich wurde der tsjerketsjinsten fierd. Op 7 maaie 1995 wie der foar it earst in oekumenyske tsjinst mei protestanten, katoliken en otterdoksen. Ek wurdt de domtsjerke foar konserten brûkt.

It oargel mei de 18e iuwske oargelkas.

It yn 1944 ferneatige oargel waard tusken 1928 en 1929 boud troch de firma P. Furtwängler & Hammer. It wie in trijemanualich ynstrumint mei 64 registers en pneumatyke traktueren efter de oargelkas fan it barokke oargel út it begjin fan de 18e iuw.

Oargel.

By de restauraasje fan 'e dom hie in rekonstruksje fan it oargel ynearsten gjin prioriteit. Pas nei't Vladimir Pûtin yn 2005 in besite brocht oan Kaliningrad, dêr't syn frou Ljûdmila berne waard, slagge it de finansiering fan 'e oargelbou op poaten te setten. De opdracht waard jûn oan 'e Dútske oargelbouwer Alexander Schuke. De tsjerke krige twa oargels, it grutte haadoargel, dat op 12 en 13 jannewaris 2008 mei in feestlik konsert yn gebrûk nommen waard, en in koeroargel, dat earder yn 2006 ynwijd waard. De Russyske oerheid stipe it oargelprojekt mei 4 miljoen euro. De trije chamade-registers litte harren oan alle manualen en it pedaal frij oankoppelje. De houten pipen waarden levere troch de firma Vogtländischer Orgelbau Thomas Wolf.

De mei 17 houten bylden en seis bewegende bylden fersierde oargelkas waard neffens ôfbylden fan de barokke oargelkas fan it oargel fan Johann Josua Mosengel út 1721 rekonstruearre. Der binne in pear ferskillen mei de âlde oargelkas: sa waard de Prusyske earn net op 'e nij oanbrocht, mar ferfongen troch in Feniks, as symboal foar de weropbou fan 'e tsjerke nei de ferneatiging. Op it plak fan kening David, dy't yn 'e tradysje fan de otterdoksy gjin bysûndere betsjutting hat, waard in Madonna opsteld. De rêchpositiven stiene eartiids yn 'e midden fan it oargel en ferhûzen by de rekonstruksje nei de boarstwarring tusken smei-izeren hekken sûnder histoaryske foarbylden.

It lytsere koeroargel op in sydgalerij datearret fan 2006. It hat twa manualen mei pedaal en 32 registers en in modern front.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Königsberger Dom