Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Doop (sakramint)

Ut Wikipedy
In bernedoop troch besprinzging.

De doop is yn it kristendom it sakramint fan inisjaasje yn of talitting ta de kristlike leauwensmienskip. Hjirby wurdt de dopeling oergetten mei doopwetter of deryn ûnderdompele, wylst de foargonger (protestantisme) of selebrant (roomsk-katolisisme) de doopformule neffens Mattéus 28:19 útsprekt: "Ik doop jo yn 'e namme fan 'e Heit, de Soan en de Hillige Geast."

Nei't men doopt is, mei men jin in kristen neame, al bestiet der in ôfwikende miening dat men kristen wêze moat om doopt wurde te kinnen, en dat de doop inkeld in uterlike befêstiging is fan in ynderlike ûntwikkeling dy't syn beslach al krigen hat. By guon kristlike denominaasjes jout de doop tagong ta oare sakreminten, lykas it jûnsmiel.

De doop wurdt fernijd yn it Nije Testamint fan 'e Bibel, dêr't de profeet Jehannes de Doper de doop as teken fan bekearing en ferjouwing fan sûnden preket. Ek Jezus Kristus liet him neffens Mattéus 3:13-17 dope troch Jehannes, en dy syn praktyk waard letter oernommen troch de dissipels fan Jezus, wêrmei't de doop in kristlike inisjaasjerite waard.

It is mooglik dat de doop, dy't tsjintwurdich net yn it joadendom foarkomt, dochs weromgiet op in joadske oarsprong. Yn it Alde Testamint wurdt nammentlik it ferhaal fan 'e Arameeske legeroerste Naäman fermelden, dy't oanhelle rekket mei melaatskens en him dan yn uterste need ta de Israelityske profeet Eliza keard. Dyselde jout him opdracht om himsels sânris yn 'e rivier de Jordaan ûnder te dompeljen; dan sil er genêzen wêze. As Naäman dat mei tsjinnichheid docht, blykt de foarsizzing fan 'e profeet út te kommen. Naäman is dan sa tankber, dat er de heidenske goaden fan syn folk ôfsward en joad wurdt.

Ien fan 'e âldste dooptradysjes is dy fan it mandeïsme, in net-kristlike, monoteïstyske religy út súdlik Irak, dy't neffens de eigen oerlevering weromgiet op it leauwe fan Jehannes de Doper.

Binnen it kristendom besteane ferskillende tradysjes oangeande de doop. De Roomsk-Katolike Tsjerke, de eastersk-otterdokse tsjerken en de measte protestantske denominaasjes hâlde de bernedoop oan, wêrby't bern fan kristlike âlden sa ier mooglik doopt wurde, yn 'e regel in pear dagen oant in pear wiken nei de berte.

Yn 'e tiid fan 'e Reformaasje ûntstie dêr rebûlje oer, doe't de anabaptisten de bernedoop ôfswarden, om't se fûnen dat de leauwenden der sels foar kieze moasten om kristen te wurden. Om't poppen dat fansels net koene, fierden sy de folwoeksenedoop yn, wêrby't men jin oan it begjin fan jins mearderjierrigens dope lit en sa folweardich lid wurdt fan 'e kristlike mienskip. De Roomsk-Katolike Tsjerke en ek ferskate protestantske tsjerken bestrieden dit idee yn 't earstoan fûleindich, en in protte anabaptisten einigen op 'e brânsteapel.

Hoewol't de iere anabaptisten mei geweld besochten en lis de folwoeksenedoop oan oare kristenen op, kamen út har tradysje yn 'e sechstjinde iuw de minnisten (of doopsgesinden) fuort, de folgelingen fan 'e Wytmarsumer preker Minne Simens, dy't in sterk pasifistysk karakter oan 'e streaming meijoech. Lettere kristlike groepen, lykas de baptisten (faak foutyf lykslein mei doopsgesinden), darbisten, sândedeisadvintisten, Jehova's tsjûgen en pinkstergemeenten hawwe ek de folwoeksenedoop ynfierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.