Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Dru Berrymore

Ut Wikipedy
Dru Berrymore
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nicole Tanja Hilbig
nasjonaliteit Dútsk
berne 11 augustus 1969
berteplak Berlyn (Dútslân)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 19942008
offisjele webside
www.druberrymore.net

Dru Berrymore, echte namme: Nicole Tanja Hilbig (Berlyn, 11 augustus 1969), is in rêstend Dútsk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en mainstream-aktrise dy't yn 'e 1990-er jierren en de jierren 2000 yn 'e Feriene Steaten karriêre makke. Har skûlnamme 'Dru Berrymore' is in fonetyske stavering fan 'e namme fan 'e bekende Hollywood-aktrise Drew Barrymore. Yn 2008 beëinige Berrymore har wurkpaad as pornoaktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dru Berrymore is hikke en tein yn 'e Dútske haadstêd Berlyn, mar ferfear yn 1989 nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn it suden fan 'e steat Kalifornje, mei as doel om karriêre te meitsjen yn 'e filmyndustry fan Hollywood. Doe't dat net slagje woe, fûn se earst wurk as dekôrbouster, mar letter begûn se as stripper te wurkjen yn stripklubs, wylst se ek belutsen rekke by it saneamde 'eroatysk wrakseljen'.

Yn 1994, doe't se 25 jier wie, makke Berrymore har debút yn in pornografyske film. Nei't se yn 'e Amerikaanske pornoyndustry in namme opboud hie as Dru Berrymore, kearde se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren werom nei Dútslân, dêr't se yn 1998 by de Dútske pornoprodusint Oliver Chezc fan har foargongster Monique Covét de haadrol yn 'e Helen Duval-filmrige oernaam, dy't Covét trije jier earder fan 'e wiere Helen Duval oernommen hie.

Neitiid wurke Berrymore ôfwikseljend yn 'e Feriene Steaten en Dútslân. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrby yn krapoan 400 pornofilms, foar it Dútske Multi Media Verlag, it Sweedske Private en it Frânske Vidéo Marc Dorcel, mar ek foar sokke foaroansteande Amerikaanske studio's as VCA Pictures, Elegant Angel, Adam & Eve, Seymore Butts Home Movies, Jill Kelly Productions, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Evil Angel, ClubJenna, Hustler Video, Sin City, Devil's Film en Extreme Associates.

Dêrnjonken regisearre Berrymore sels twa pornofilms, ien yn Dútslân, yn 2000 (Kuhles Leder, Starke Ketten, Dominante Huren, foar it label Ribu Video), en ien yn Amearika, yn 2001 (Anal Adventure, foar de lytse studio Notorious). Yn 2004 wûn Berrymore trije AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), wylst se foar in fjirden nominearre waard. Uteinlik hold se yn 2008 op mei aktearjen. Dêrnei lei se har ta op it sykjen nei nij talint foar de Dútske pornoyndustry, wylst se fia har webside har films oan 'e man besocht te bringen. Nei in hoartsje sette se fierders in escort service op, dêr't in elk terjochte kin foar seksuële tsjinsten, wylst se ek pornofilmkes op fersyk makket.

Mainstream-karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berrymore hat troch de jierren hinne in stik as wat lytse roltsjes yn mainstream-films hân. Sa wie se in kear eefkes te sjen yn 'e Amerikaanske searje Baywatch, en hie se in hiel lyts roltsje yn 'e Hollywood-film Die Hard 2, út 1990, mei Bruce Willis, as de siktaresse fan lofthavenplysjesjef Dennis Franz. Ek hie se in roltsje dat sa lyts wie dat se net iens op 'e ôftiteling fernijd stiet yn 'e film Lost Highway, fan regisseur David Lynch, út 1997. Yn har heitelân Dútslân krige Berrymore bredere maatskiplike bekendheid troch in eigen rubryk yn it wyklikse programma Wa(h)re Liebe, op 'e stjoerder VOX.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dru Berrymore is blank, mei brune eagen en (fan natuere) blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre as pornoaktrise) in gewicht fan 55 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2004 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (film) (mei Randy Spears) Heart of Darkness
wûn bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Teanara Kai) Snakeskin
wûn bêste groepsekssêne (film) (mei Ann Marie Rios, Taylor St. Clair, Savanna Samson, Dale DaBone, Mickey G. en Steven St. Croix) Looking In
wûn bêste byrol fan in aktrise (film) n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.