Feemerk
In feemerk is in merk dêr't fee ferhannele wurdt. Dêrby giet it yn West-Jeropa yn 'e regel benammen om kij en keallen, skiep, geiten en bargen. Foar hynders binne (of wiene) der ornaris aparte hynstemerken. Yn Fryslân ûntstiene de measte feemerken oan 'e ein fan 'e Midsiuwen út jiermerken. Dat wiene merken dy't ienris yn it jier organisearre waarden yn it ramt fan kristlike hjeldagen, en wêrfan't keaplju en feekeaplju gebrûk makken om saken te dwaan. De measte gruttere plakken hiene twa fan sokke jiermerken: ien yn it foarjier en ien yn 'e hjerst.
Om't de wegen doedestiden yn it winterhealjier frijwol ûnbegeanber wiene, wie it dreech om tusken begjin novimber en mids maart bisten nei de feemerk te bringen. Doe't men begûn om feemerken faker te hâlden, waarden dy sadwaande yn 't earstoan fral by 't simmer organisearre. Dat barde fan 'e fyftjinde iuw ôf, doe't de merken losweakke waarden fan harren tsjerklike oarsprong. Yn 'e sechstjinde iuw ûntstie der ek in skieding tusken wat doedestiden de waeren ende coopmanschappen en de beestemarckt neamd waard. Yn dyselde snuorje begûn men foar feemerken in wykmerk yn te stellen, dy't dus eltse wike holden waard (salang't de wegen begeanber wiene). De âldste wykfeemerk fan Fryslân wie nei alle gedachten dy fan Drylts, dy't al yn 1379 bestie. Yn Frjentsjer kaam yn 1402 in wyklikse feemerk. De wichtichste wykfeemerken wiene dy fan Ljouwert en Snits, dy't ek it langste bestean bliuwe soene.
Troch de iuwen hinne ûntjoech Fryslân him ta in wichtige leveransier fan fee foar oare dielen fan Nederlân en foar it bûtenlân. Feekeaplju kochten it fee by de boeren op en brochten it sels nei de feemerk ta. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw namen se foar dat ferfier meastal in feetransportbedriuw yn 'e earm. Op 'e merk ferkochten se it fee troch oan oare keaplju of oan slachthuzen of soms oan partikulieren. Yn 1965 wiene der noch 17 feemerken yn Nederlân, wêrûnder 3 yn Fryslân: de feemerk fan Ljouwert, de feemerk fan Snits (dy't yn 1992 opheft waard) en, útslutend foar bargen, de feemerk fan Wolvegea (dy't yn 1972 opheft waard).
De Tongblierkrisis fan 2001 wie funest foar de feemerksektor. Trochdat de feemerken langere tiid ticht moasten en fral om't er neitiid folle strangere regels ynfierd waarden foar de feehannel, giene doe in soad feemerken foargoed ticht. Anno 2018 bestiene yn hiel Nederlân noch mar 3 feemerken: de feemerk fan Ljouwert, dy fan Poarmerein en ien yn Bunnik dy't foarhinne yn Utert holden waard. Sûnt 2001 moatte alle feekeaplju, ek as se inkeld as leafhawwerij hannelje, registrearre wêze by it Produktskip foar Fee en Fleis (PVV). Bisten foar it libben ferkeapje mocht net mear op 'e feemerk, sadat tsjintwurdich alle fee op 'e feemerk nei de slachthuzen giet. Yn 2011 waarden de regels nochris oanskerpe, mei as gefolch dat de hannel yn fee foar it libben, ek bûten de feemerk om, frijwol ûnmooglik makke waard. Boeren dy't ferlet hawwe fan nij fee, wiene sûnt twongen om dat op bûtenlânske feemerken yn te slaan, om't der foar de ymport fan fee hast hielendal gjin regels gouwen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|