Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Fierrekiker

Ut Wikipedy
In fierrekiker.

In fierrekiker, fiersjogger of fierker is in optysk ynstrumint om dingen fan in ôfstân ôf fergrutte wer te jaan. It bestiet út twa tilleskopen dy't njonken inoar befêstige binne en yn deselde rjochting wize. Dêrby moat men de efterkant fan 'e beide tilleskopen tsjin 'e eagen oan pleatse en de foarkant rjochtsje op wat men fergrutte sjen wol. De measte fierrekikers binne bedoeld om mei beide hannen fêst te hâlden, hoewol't de grutte útinoar rint fan lytse toanielkikers mei in stôkfoarmich hânsel deroan dat men mei ien hân fêsthâlde moat, oant massive militêre tastellen dy't op in statyf montearre binne om't se te swier binne om (langere tiid) troch ien persoan optild te wurden.

De fierrekiker waard yn 1608 útfûn troch de brillemakker Hans Lippershey fan Middelburch. De measte iere modellen wiene mar foar ien each bedoeld, en bestiene út in lang sylinderfoarmich apparaat, dat soms yninoar skood wurde koe. Sokke inkelfâldige fierrekikers wurde ek wol monokulêren neamd, yn tsjinstelling ta moderne, dûbelfâldige fierrekikers of binokulêren, dy't de sjogger troch in twafâldich gesichtspunt (krekt as eagen) in trijediminsjonaal byld jouwe mei djiptepersepsje. Beide helten fan 'e moderne fierrekiker befetsje in objektyf en okulêr en binne foarsjoen fan in stelsel fan prisma's om it byld rjochtop te setten (dêrsûnder soe it byld op 'e kop stean). Sadwaande wurdt in fierrekiker inkeld ek wol oantsjutten as in prismakiker. Mei de prisma's wurdt ek in ferkoarting fan 'e fierrekiker bewurkmastere troch it geartearen fan 'e strielegong.

Skematyske werjefte fan 'e wurking fan in fierrekiker mei porroprisma's.

De oarspronklik troch Lippershey útfûne fierrekiker hie, oars as moderne farianten, in negative lins as okulêr. Dat jout ek sûnder de tafoeging fan prisma's in rjochtopsteand byld, mar de byldhoeke is lytser en in gruttere foarm fan fergrutting is net goed mooglik. Dit type fierrekiker wurdt ek wol de 'Hollânske kiker' neamd. Toanielkikers meitsje tsjintwurdich soms noch gebrûk fan dit systeem, om't de ôfstân dêr't se foar bedoeld binne lyts is, en de fergrutting beheind bliuwe kin. Der wurde yn moderne fierrekikers twa soarten fan prisma's brûkt, te witten: dakkantprisma's (ek wol pentaprisma's neamd), dy't men weromken oan 'e rjochttrochgeande strielegong (de objektiven en okulêren steane dus yn it ferlingde faninoar) en porroprisma's, dy't in parallelle ferskowing yn 'e strielegong jouwe en wêrby't it ljocht mei help fan spegels fan 'e objektiven nei de okulêren wjerkeatst wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.