Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Finsintiustsjerke (Reduzum)

Ut Wikipedy
Finsintiustsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Reduzum
adres Haedstrjitte
koördinaten 53° 7' N 5° 47' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Finsintius fan Saragossa
Arsjitektuer
boujier Tsjerke 13e iuw, ferbouwing 1726; toer 1878
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22921 [1]
Webside
Herf. gemeente Reduzum-Idaerd-Friens
Kaart
Finsintiustsjerke (Fryslân)
Finsintiustsjerke

De Finsintiustsjerke oan de Haedstritte yn Reduzum is de eardere herfoarme tsjerke fan Reduzum en tsjintwurdich ien fan de trije tsjerken fan de PKN-gemeente Reduzum-Idaerd-Friens.

Portaal

De oarspronklik oan Finsintius fan Saragossa wijde tsjerke waard oan it begjin fan de 14e iuw boud. Yn de noardlike muorre, dy't noch fan kleastermoppen boud is, is noch in diel fan in lyts romanogoatysk finster en in tichtmitsele portaal te sjen. It is lykwols net de muorre fan de oarspronklike 14e iuwske tsjerke. De noardlike binnenwand fan de tsjerke is de oarspronklike muorre. Yn 1726 ûndergyng de tsjerke in grutte ferbouwing. Yn dy tiid is de súdlike muorre fernijd. Ek waard doe in súdlik dwersskip út de 15e iuw ôfbrutsen.

Yn 1878 waard ek de âlde sealtektoer ôfbrutsen en ferfongen troch in nije toer mei in spits as bekroaning. Yn de toer hingje twa liedklokken, wêrfan't ien fan 1628 datearret.

Mei it útbrekken fan de iken trekbalken waard yn 1859 it tonferwulft ynbrocht. Allinnich de westlike trekbalke bleau op syn plak. De ienfâldige preekstoel is fan 1669, it doopstek út itselde jier is yn 1950 ferwidere. Yn it koer lizze een tal âlde sarken fan it geslacht Bootsma.

Banken en stúkwurk fan it ynterieur stamt út de twadde helte fan de 19e iuw.

It kleurrige Finsintiusraam is in tafoeging út 2014. Monique Verbruggen út Kûbaard hat it raam makke yn opdracht fan de tsjerkeried.[2] It stelt de raven foar dy't de hillige beskerme, nei't de moardner fan Finsintius syn lichem nei it iepen fjild bringe liet om it dêr te fuorjen oan rôffûgels en wylde bisten.[3]

Al yn 1543 hie de tsjerke in oargel, dat yn 1669 ferfongen of restaurearre waard. It tsjintwurdige ynstrumint stamt út 1785. It waard boud troch Albertus Johannes van Gruisen en moast yn 1859-1860 yn ferbân mei it ynbringen fan in nij tonferwulft feroare wurde. De oargelfirma Van Dam út Ljouwert feroare doe ek de disposysje fan it ynstrumint.

It Reduzumer oargel is it âldste oargel fan de bouwer dat bewarre bleau.[4]

Nei't it monumintale oargel yn de rin fan de tiid net mear te bespyljen wie, folge yn 1995-1996 in grutte restauraasje troch Bakker & Timmenga.[5]

Ynterieur
Oargel
A.J. van Gruisen
Finsintiusraam
Monique Verbruggen
Preekstoel

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: